Oer de Brêge | Rienk Dolstra: ‘Ut de Gordyk kin samar in hit komme’

Redacteur Fokke Wester ontmoet op de Hoofdbrug van Gorredijk Rienk Dolstra (28) uit Gorredijk.

Do komst hjir wei?

Ja, geboaren en getogen.

Wennest op dysels?

Nee, ik wenje op dit momint noch by myn mem. Ik ha wol in tydsje yn Ljouwert wenne, mar wegens omstannichheden bin ik hjir doe wer werom kaam. En no bin ik bezich om myn eigen bedriuwke op te setten, Stack Matic. En no ja, dat hat eefkes tiid noadich.

Stack Matic? Watfoar in bedriuw wurdt dat?

Ik sit yn de muzyk, ik produsear muzyk. Yn prinsipe meitsje ik de muzyk foar de artysten. En dat doch ik mei de kompjûter, dus eh...

Mar do komponearst ek sels?

Ja, ik komponear yn prinsipe alles sels, ja, dat is wat ik doch, eins.

Moai, do hast yn Ljouwer wenne, hast dêr ek stu-deard?

Ja, ik ha de oplieiding Sound Design dien.

Oan de Popakademy?

Klopt, yn de Neushoorn.

En Sound Design is it selde as komponeare?

Ja, it komt eins in bytsje op itselde del, mar it hat ek te meitsjen mei it miksen en it is wol wat breder as dat, sis mar. Mar de minsken dy't dêr ôfstudeare dy kinne eins alle kanten út. Ik hoech net allinnich te komponearen, ik kin ek it mikswurk foar ien dwaan, om de plaat goed klinke te litten, sadat it sa op cd kin. Dat doch ik eins ek.

Bisto sels ek muzikant?

Ik ha altyd wol wat gitaarspile en sa, mar dat is noait echt... en ik kin in bytsje piano-akkoarden, mar dêr bliuwt it ek wol wat by. Myn ynstrumint is eins de kom-pjûter. En dy ha'k ek wol echt noadich.

En dyn ynstrumint is dus ek de sjonger dy't it útfiert.

Ja, ja, ja. Want der is in ferskil tusken beatmakers en producers. Beatmakers dy meitsje echt alles sels, mar ik brûk ek faak...

Wat is in beatmaker? Dy makket beats dêr't ien op rappe kin, of sa?

Ja, bygelyks, of op sjonge kin. En dat doch ik ek wol, mar producers stjoere wat mear muzikanten oan. Dy hiere ien yn of se freegje ien om gitaar of piano te spyljen. En dy jouwe dan oanwizings, mear as in dirigint. En as se it stikje ha dat se noadich ha, dan...

Mar hasto dan as producer noch in echte gitarist noadich? Alles sit dochs wol yn de kompjûter?

Alles sit wol yn de kompjûter, mar der giet eins neat boppe in echt ynstrumint. Mei de kompjûter kinst alles hiel strak meitsje, mar dan giet it libben der faak ek wol wat út.

Ik haw ek wolris heard dat in drumkompjûter ek in human factor hat, dus mei sin soms der krekt eefkes neist sit.

Dat doch ik dan ek wol, mar dan hast altyd noch in oar fenomeen. Minsken binne minsken en dy tinke soms oars oer bepaalde dingen. Krijst altyd in oare ynfalshoek dan datst miskien sels yn'e holle hast. En dat levert dan reseultaten op dêrst sels noait op komme soest. Ik bin altyd wol foar de ynbring fan oare minsken, omdat dat gewoan in folle breder resultaat opleverje kin.

Ik bin sels fan fan Bob Dylan, dy lit oare muzikanten sels har partij ynfulle, dy lit it gewoan gebeure.

Ja, dat is it ek. Der binne minsken dy't sizze: spylje mar, sûnder ek mar ien oanwizing te jaan. En dan litte se eins de artysten it wurk dwaan. Dat is it ek: ear ha foar wat wurket op it júste momint.

Do wurkest sels ek op fer-skillende manieren?

Hiel faak begjint it wol mei in eigen idee, hear. Hiel faak haw ik wol al wat lizzen, en dan sykje ik dêr de minsken by. Mar harren ynbring lit ik dan wol wer faak iepen.

Watfoar muzyk komponearst, hast al hits hân?

Net echt hits, mar ik ha wol mei in rapper wurke dy't wol aardich bekind is, Hef, hjit er.

Ja, dy namme ken ik.

Ja?

Ja, ik sit al in skoftsje nei hiphop te lústerjen.

Okee, ja, ik sit inderdaad yn de hiphop en de r&b, en in bytsje r&b-pop, dat fyn ik eins hiel tof.

Mar komt dyn muzyk ek op cd, dan?

Dat mei Hef komt inderdaad op cd. En ik wurkje no mei in Amearikaanse jonge út Los Angeles, Brendan Tory, en dat giet ek wol hiel goed. Ik gean wierskynlik yn desimber dêr ek hinne, dat is ek wol echt in projekt dêr't ik nei útsjoch.

Hasto dêr in studio foar, of sitst thús op dyn keamer?

Ja, achter by myn mem haw ik in studio sûnt myn twintichste.

Yn't hok.

Ja, froeger wie dat it hok dêr't wy altyd mei freonen sieten, echt sa'n hanghok, en op in stuit falt sa'n groep wat út mekoar, elk krijt syn eigen libben, en doe haw ik mei help fan ús pake en in goeie freon, André, haw ik der in studio yn boud.

Echt mei goeie apparatuer.

Ja, ja, ik hie't der lêsten noch mei myn freondinne oer: ik moat eins ris wat nije klean keapje, want al myn jild giet altyd yn de apparatuer. Ik kaam der nei de simmer achter dat ik noch mar ien spikerbroek oer hie.

Mar alle kearen ast wer wat sinten hast dan keapest wer in mikrofoan of sa.

Ja, dat hâldt noait op.

Mar der komt fansels ek hieltyd wer wat nijs.

Ja, dat is sa, mar it wurdt op in stuit ek in soarte fan fersamelhobby. Want ik ha ek wol synthesizers en dy klinke allegear krekt wer eefkes oars. It is ek altyd wol wat sykjen. Ik ha bygelyks in jier lang oan it sykjen west nei in lûd dat by my past. Wêr't ik wat mei haw, dêr't ik wat foar fiel. En úteinliks bin ik yn de jierren tachtich-vibe terjocht kaam. Mar dan wol mei moderne arrangementen.

Dan hast it ek oer hiphop?

No, jierren '80 popmuzyk, foaral de lûden dy't se brûkten. Dat wie natuerlik krekt de tiid dat al dy synthesizers opkamen en omdat noch net ien wist hoe't dy dingen wurken, dienen se mar wat. En faak as minsken net neitinke mar der gewoan lol yn hawwe, dan komt faak it moaiste resultaat. En tagelyk witte wy no safolle mear, dus ik fernim no't ik ynfesteard ha yn myn lûd, dat ik hiel snel wurkje kin. Dat ik presys wit wat ik noadich ha. Dêr krij ik fan de minsken dêr't ik mei wurkje ek faak kompliminten oer.

Giet it dy no om de muzyk, of giet it dy om it lûd.

It lûd is foar my hiel belangryk, mar it giet my der ek om dat ik in stikje muzyk meitsje dêr't ik sels achter stean kin. Ik ha mei dy iene jonge in oantal platen makke en dêr bin ik hiel grutsk op, mar achterôf tocht ik wol, ja, ik hie der noch wol wat mear oan dwaan wollen. Dus ik ha mear tajûn oan de artyst, sis mar, en ik wol no wat mear mysels sjen litte.

En it wachtsjen is dan op in klapper, of net?

Ja, absolút. Dat is it ek. It is soms bêst wol lêstich om dyn motivaasje te hâlden, want muzyk is natuerlik ek in bytsje de grutte leafde fan myn libben, mar it is soms bêst wol moeilik. Ik haw it der soms ek wol lêstich mei, want it is hiel ûnseker. Do bist soms wiken of moannen achter mekoar oan't wurk mei allegear nûmers en artysten, en dan is it noch mar de fraach oft it überhaupt wat oplevert. Mar ik tink dat dy jonge yn Amearika wolris myn klapper wurde kin.

Wat dat oangiet hasto de tiid net mei. Ast froeger 1000 lp's ferkochtest, hiest al in moai bedrach fertsjinne. Ast no in miljoen kear draaid bist op Spotify, dan levert dat net mear as in pear sinten op.

Krijst hast neat mear, mar der binne ek wol oare mooglikheden. Der binne ek websites dy ferkeapje muzyk op in oare manier. Dan kin in artyst in nûmer lease. Hy keapet it net, mar mei it in beperkt oantal kear brûke.

En watfoar bedragen ha wy it dan oer?

No, ik ha wol heard, ik wit net oft it wier is, mar der binne wol jonges dy fertsjinje wol 10.000, 20.000 euro per moanne.

Ien as Madonna, keapet dy ek har muzyk sa?

No, dat gebeurt wol, as sy wat hearre dat sy hiel tof fine, dan keapje se it.

Makkest ek kommersjele muzyk, foar jingles of be-driuwsreportaazjes of sa?

Ik sit der wol oan te tinken, ik ha dat op skoalle ek dwaan moatten.

Ien as Junkie XL makket no muzyk foar games en foar films.

Ja, ik fyn dat wol hiel tof. Ik haw it op skoalle ek dien, want dat moast foar de ein-eksamens en sa. Mar ik fyn it it aldermoaist om gewoan in moai nûmer te meitsjen, dêr't ik sels ek hiel graach nei lústerje. Dat is foar my wol it ultieme. In moai nûmer en dan eins it leafst ek noch mei in ûnderwerp, dat fyn ik it moaiste.

Mar dat sjongst dan net sels.

Ik sjong sels ek wol wat, de lêste tiid bin ik dêr ek wol wat mear mei dwaande. En ik wol dat ek wol wat mear dwaan, want artysten fertsjinje op sich noch wol goed.

Omdat se optrede.

Omdat se optrede. En dan hoech ik net iens in hiel beroemde artyst te wêzen. Mar sjoch, as ik wat opnim, makkest automatysk al in sjonglijntsje en faak nim ik dy ek op. Sa wurkje ik mei mear artysten, dan fulle sy de wurden der op yn.

Caro Emerald song foar har buorman wat ferskes yn en dy is no oer de hiele wrâld bekend.

Ja, sa snel kin it gean. Mar it is wol moeilik, hear.

It is in echte fechtmerk?

Ja, absolút.

Do sitst no yn'e Gordyk en dat kin tsjintwurdich hiel goed, want do kinst dyn materiaal de hiele wrâld oerstjoere.

Ja, mar ik wol eins minsken hjirhinne helje.

Ast Bob Dylan hjir krijst, moatst my eefkes in seintsje jaan.

Dat doch ik seker.

Mar dan komme se by dy yn dyn hok om op te nimmen.

Ja. Ik wol der krekt gebrûk fan meitsje dat it hjir sa lekker rêstich is. Artysten geane faak nei de eilannen om te skriuwen, of yn de middle of nowhere. Ik fyn Gordyk in hiel moai plak, ik soe hjir ek net sa gau weigean, en ik tink dat hjir wol potinsje is omdat it sa rêstich is en omdatst hjir gewoan de tiid hast om hielendal te fokussen op de muzyk.

En dat hok is dêr wol geskikt foar?

Jawol. Hast tsjintwurdich net mear safolle noadich. Der binne grutte hits makke op sliepkeamers.

As it kwartsje ergens falt, dan kin der dus samar in grutte hit makke wurde yn'e Gordyk.

Ja, de mooglikheden binne eindeloas. Ik jou ek workshops op skoallen en dan sjoch ik dat bern dat hiel ynteressant fine en dat eins elkenien it ek wol kin.

Bern dy't opgroeie mei de kompjûter sille dat hiel snel oppikke, tink ik.

Ja. En mei de technyk kinst alles. Mei ien finger kinst akkoarden spylje, dus elkenien kin muzyk meitsje. Mar dat is net alles, moatst der wol ear foar ha en gefoel. Dy Brendan Tory hat programmeur west, by Apple en Google, mar dy ûntwikkelt as artyst ek software. En dan is it hiel maklik om online mei mekoar te wurkjen.

Ast in Mac keapest, sit dêr Garageband op.

Ja, en dêr woe'k nei ta: elkenien kin wat online sette en dat kin elkenien brûke.

Ja, dat soe ik ek graach dwaan, mar ik ha de dissipline net, de muzikaliteit net en de technyske kennis net. It is fansels net sa dat elkenien no samar in ferske meitsje kin.

Nee, moatst der gefoel foar ha en moatst der in hiel soad tiid yn stekke. Moatst der elke dei wol mei oan'e slach, ek omdat de technyske ûntwikkelingen sa snel geane. Soms tink ik ek: is der no al wer in nije fersy? De foarrige haw ik noch mar krekt in pear moanne lyn kocht. It is hiel djoer en kostet ekstreem folle geduld.

Mar it is net sa datsto hjir meikoarten te hearren bist yn muzykkafee De Compagnon.

No, dat wit ik net. Ik bin begûn as rapper, en ik fûn optreden altyd wol leuk. Dus ik slút neat út.

No, as it trochgiet dan sette wy in stikje op de útpagina.

Super, graach.