Albert Bonnema sluit met Samson LF2018 af

Gorredijk

Als laatste voorstelling in het drukke programma van Culturele Hoofdstad 2018 werd zondag in de boekenhal van Steven Sterk de derde en laatste uitvoering van de opera Samson & Dalila gespeeld.

,,It wie geweldich, de minsken stienen snein op de banken’’, zegt Albert Bonnema nog nagenietend. Vanochtend is hij in de hal aanwezig bij het opruimen, want de grote loods moet weer worden gevuld met boeken. ,,Ja, hannel is hannel, hin? Mar foar my is it wol goed om der by te wêzen, om eefkes ôf te kicken’’ zegt de Haarlemse tenor, die het operaspektakel heeft opgezet, zelf de hoofdrol vertolkte en ook regisseerde. ,,Op it lêst hat myn frou Sabine Wever de rezjy oernaam, mar ek dan sitst fanút dyn eachhoeken noch wol alles yn’e gaten te hâlden.’’

Wennen

Bonnema had ervaring met het zingen in de boekenloods, waar hij sinds 2009 drie keer concerten gaf. ,,Soks kin ek hiel goed yn de Harmonie yn Ljouwert, mar sa’n boekehal makket it projekt ‘crazy’, dat jout in ekstra útdaging. De akoestyk is der ek geweldich. Normaal sit der in protte galm yn sokke hallen, mar troch al dy miljoenen boeken klinkt it krekt prachtich. No, mei fiifhonderd man publyk yn dikke jassen op de tribunes klonk it foar ús op it poadium krekt wer wat minder. Dat wie wol eefkes wennen, mar fierder stie it as in hûs.’’

De boeken zorgden voor nog iets extra’s, vertelt Bonnema, want daardoor kon hij in de uitvoering echt gebruik maken van de zuilen, een essentieel onderdeel in het Bijbelverhaal over Simson. Het verhaal gaat over de Joodse strijder, die zijn kracht ontleent aan zijn lange haar. Hij is een ware plaag voor de Filistijnen, die Israël hebben bezet. De Filistijnen zetten met succes de vriendin van Samson, Dalila, onder druk om hem het geheim van zijn kracht te ontfutselen en knippen zijn haar af. Samson wordt overmeesterd en gevangen gezet. Wanneer hij door de Filistijnen later tentoon wordt gesteld in de tempel, blijkt zijn haar weer aangegroeid en heeft Samson kracht genoeg om de zuilen waarop de tempel rust om te duwen.

Imponearjend

,,Normaal dogge se dat yn it theater faak mei ljocht, mar ik hie fan it begjin ôf it idee om dêr boeken foar te brûken. En dat wurke geweldich. Der wienen trije kuub oan boeken opstapele en dy koe ik krekt omkrije. Dat ynstoarten fan dy pilaren joech op it poadium in geweldich kabaal, krekt as stoarte echt de hiele boel yn. De boeken rûgelen oan de fuotten fan it publyk ta, echt hiel imponearjend. Taskôgers ha sels nei ôfrin meiholpen om de boeken wer op te stapeljen, oars koenen se der net lâns.’’

Samson & Dalila was een grote productie, waaraan meer dan 75 mensen hebben meegewerkt. De opera van Camille Saint-Saëns werd uitgevoerd door solisten, orkest, groot koor en exotisch ballet. De muzikale leiding was in handen van Andrew Wise en de productie werd ondersteund door 12 zangers van Concensus Vocalis en tientallen amateurs uit het hele Noorden. ,,It wie in grut súkses, trije kear útferkocht, mar it wie dan ek hiel profesjoneel fan opset. En dat moat ek by soks.’’

Trochjaan

Albert Bonnema was in het kader van LF2018 eerder dit jaar al betrokken als artistiek leider bij het Under de Toer project De klokken fan Berltsum en als tenorsolist bij de productie Altyd Seumer. ,,Ast allinnich mar sjongst, moatst altyd mar dwaan wat in oar betocht hat. It is moaier om fan it begjin ôf by sokke projekten belutsen te wêzen. De lêste jierren doch ik dat dochs al mear. Ik ha fansels in protte ûnderfining, ek mei grutte regisseurs en dan is it moai datst soks trochjaan kinst oan jonge minsken.’’

Als zanger heeft Bonnema ervaring met eenmalige producties en kan hij er mee leven dat het na afloop allemaal voorbij is. ,,Dat witst ast der mei begjinst. Mar de premjêre is op film opnaam en miskien is dat nochris te sjen. It soe wol moai wêze as it dekôr ergens opslein wurde koe, mei ûnder oare it prachtige poadium dat Van Wijnen spesjaal foar ús makke hat. Dat koe ferriden wurde, mar it moast wol hiel sterk wêze, want it koar stie der op en dy boekesuilen ek. It is bêst mooglik dat wy de opera nochris spylje, hjir, of op in oar plak. Ik slút dat net út. It soe in prachtige tradysje wurde kinne.’’

Tekst: Fokke Wester

Foto’s Grietje van der Reijnst-Brak / HET STAAT EROP Fotografie