Oer de Brêge | Wouter Sierdsma: Quel Courage!

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in Gorredijk Wouter Sierdsma (65) uit Jubbega.

65, dan binne jo al pensjoneard?

Nee, eins noch net, hin? Dat giet tsjintwurdich allegear sa dreech.

Wannear krije jo aow.

Oar jier.

Jo wurkje noch?

Nee, myn frou hat no aow, wy rêde it krekt sa'n bytsje.

Wat ha jo dien foar wurk.

Ik ha jierren foar KPN wurke, yn it ûnderhâld, telefoansintrales, yn dit gebiet tusken Oosterwolde en Drachten.

Wat moasten jo dan dwaan?

Dat wienen doe allegear elektromagnetyske telefoansintrales, dus allegear kiezers dy't heften en draaiden, dus dy moasten ûnderhâlden wurde.

Echt de bewegende dielen.

Ja. En stoarings wienen er fansels ek wolris.

Dus faak by jûntiid, want stoarings komme altyd ûngelegen.

Ja, nachts ek, waaktsjinst hiest dan.

En is dan sa te sjen wat de stoaring is, of moatte jo dat echt útsykje.

No, jo groeie dêr gewoan yn en op in gegeven momint witte jo wol wat der oan'e hân is. Dan giest der fuort op ôf en kinst soms wat oars ynstelle. Oars moatst it echt repareare.

Hoe lang ha jo dat dien?

No, in fiifentwintich jier, tink ik.

Dan ha jo dêrfoar noch in oare baan hân.

Nee, nee, doe kaam de krisis, by KPN. Ik bin oait by de PTT begûn, der binne in pear reorganisaasjes oerhinne gong en rûn 2000 doe kamen se yn in krisis dat se bijna faillyt gongen. Ik siet doe yn de projektearing, foar de nije digitale telefoansintrales...

Wat hâldt projektearing yn?

Op papier sette hoe't in sin-trale boud wurde moat.

Echt ûntwerpe.

Untwerpe, úttinke, materiaal bestelle, soargje dat der minsken binne dy't it wurk dogge. Dat soart dingen allegear. Werkvoorbereiding kinst it ek wol neame. It hat in hiele protte nammen. Tsjintwurdich neame se it engineering.

Jo ha ek in oplieding hân yn dy rjochting?

Ja, ja, ik ha MTS elektro dien en ik ha altyd ynteresse hân yn telekommunikaasje. Yn myn tsjinsttiid siet ik ek al yn de Verbinding.

As jonkje al sendamateur?

No nee, mar wy wienen wol altyd oan it pielen mei eh...

Geheime senders?

Nee, net geheime senders, mar mei de buorjonge wol om fia triedsjes ferbining mei mekoar te meitsjen.

In soart lette Marconi.

Ja, sa yts. Mar dan ek wol mei lûdsprekkerkes en sa.

Echt útfine.

Ja. Dat is leuk. Dat wie hiel ynteressant, want dat wie yn de tiid fan Radio Veronica. Dy ûntfangst wie net al te bêst, mar dan sieten wy mei antennes te kloaien, dat soart dingen. Mar de lêste jierren ha'k in protte op detachearingsbasis wurke. Mar dan foar Ziggo. Dus eins foar de konkurrint fan KPN.

Wannear binne jo by KPN weirekke?

2002, tink ik.

Echt by sa'n reorganisaasje.

Wy binne doe ferkocht. Oan Volker Wessel.

It technyske diel.

Ja. Mar Volker Wessel hie eins allinnich mar belang by de ûndergrûnse ynfrastruk-tuer. En wy sieten dêr boppe, sis mar, dêr hienen se eins gjin belang by. Ha se letter allegear... nei BAM is dat gong, en datsoart organisaasjes. Dat is allegear wat ferdield.

Dus se keapje in hiele bak fol, sykje der út wat se brûke kinne en de rest slite se.

Ja, dat slite se. Se belove earst gouden bergen, hin? Dat se der in protte yn ynfesteare sille, mar dêr is dus neat fan kaam.

En jo binne detacheard troch...

Ja, fia fia, meastal.

Ziggo, dat wie dus internet, televyzje en telefoan.

Ja. Mar dat wie by KPN ek al sa, natuerlik.

Ek by minsken thús oanlizze?

Nee, ek engineering. Foaral yn de backbone, sis mar.

De backbone?

Ja, de backbone.

Oh, de rêchbonke.

Ja, dat is wêr't wy alles op oanslute. Alles moat transporteard wurde nei de datacenters, no ja, dy sitte yn Amsterdam, hoofdsaaklik.

En dan wurken jo ek dy kant út.

Ja, ik moast der wol hinne, mar ik siet hoofdsaaklik yn Grins of yn Swolle.

En wannear binne jo der út gong.

No, ik bin eins twa jier werom sa'n bytsje stoppe. Doe gong it my te fier, yn dy sin, it detachearen wie net leuk mear. It wie in kwestje fan eh, fia fia fia waardest op in stuit ynhierd.

En noait fêste kollega's.

No, dat hie'k op sich wol, want se woenen my der wol elke kear graach ha. Want ja, se kenne dy, se witte wat se oan dy hawwe. Mar it gong my tefolle fia fia. En do hearst der net mear echt by. By de kollega's wol, mar yn'e organisaasje net.

It is frjemd, want internet en sa binne folle grutter wurden, dan soenen jo sizze dat der ek folle mear banen oerbliuwe.

Ja, mar in protte wurdt, sa't Ziggo dat docht, útsourced.

Studinten ynhiere en sa.

Nee, nee, dit moat wol troch engineers gebeure. Dat kinst net fan studinten ferwachtsje.

Mar jo hienen yn 2003 ek sizze kinnen: ik begjin myn eigen bedriuw en ik lit my ynhiere.

Ja, mar dat falt ôf. Want dat soart organisaasjes dy hiere allinnich mar fia bepaalde bedriuwen yn, yndividuen hiere se net yn. Dêr ha'k wol oan tocht, mar no ja, dan moatst úteinliks dochs fia in ûnderoannimmer oan'e slach.

Twa jier lyn binne jo der út gong, gewoan fan de iene dei op de oare ophâlden?

Ja, min of mear wol. Ik hie myn nocht. Hahaha. Doe ha'k noch wol wat om my hinne sjoen en noch in pear moanne yn'e bou wurke. Dat fûn ik bêst wol ynteressant. Want ik pak op sich alles wol oan, dat fyn ik gjin probleem. Mar ik ha thús ek genôch te dwaan. Wy ha in grutte tún en dat is eins myn grutte hobby.

En dy tún is de lêste twa jier ek bot opknapt? Want hoe mear tiid as jo dêr ynstekke...

No, ik sit wat mear yn de permakultuerhoeke.

Wat hâldt dat yn?

No, dat is eins al hiel âld, dat komt út de boskkultuer, sis mar. In bosk is in ekosysteem op sich, dat rêdt him wol.

Perma komt fan permanint?

Ja.

Dus it is in kontinue kringloop.

Ja, sa kinne jo it wol om-skriuwe.

Jo ha in grutte tún?

Ja, in hektare. It is ek bosk, hear, grutdiels bosk.

En dat ha jo sa ynrjochte dat it himsels rêde kin.

Yn'e midden haw ik der in grientetún yn en dat moat him ûntwikkelje yn fiif jier. Dat ha wy no foar it fjirde jier, dat is in groeiproses, hin?

Ik soe sizze ik hakje in stik grûn om, siedzje dat yn en set der wat poatierpels yn en dan moat it klear wêze...

Ja, mar it is kleare sân. Dus troch mei kompost te wurkjen... Sjoch, ik brûk gjin rotsoai, it is puer natuer. Der moat eins sa min mooglik stikstof yn.

En jo ha echt in plan fan fiif jier makke...

No, sa yts, it giet gewoan troch.

It levert no al griente op?

Jaseker.

Mar wat moat der dan oer fiif jier...

No, dan moat it sa fruchtber mooglik wêze, los. Sjoch it is allegear fitergers en sa, no? Dat moatst der in bytsje út sjen te krijen.

Dat liket my noch wol in útdaging om fan in stik ûnbrûkber lân in fruchtbere ikker te meitsjen.

Ja, no ja, mar dat fyn ik leuk.

Moai. Mar net mear wurkjen foldocht jo dus prima.

Jaaah, hahaha. Ik snap net wêr't ik de tiid altyd weihelle ha om te wurkjen.

Haha, ja, dat is it probleem mei in baan, dêr giet safolle frije tiid yn sitten.

Ja. Ik lêsde tafallich fan'e wike in stikje yn de NRC, fan in Ingelske filosoof, eins moasten wy net mear as 21 oeren fêst wurk dwaan. Dan hiest folle minder stress, dan hiest folle mear tiid foar dy sels.

En dan in soart basisynkommen der neist.

Ja, no, dêr binne wy so wy so foar. It is gewoan te gek foar wurden, want ast no sjochst wat wy optuge oan allegear regeltsjes en tastannen, dat kostet safolle jild, dan koest minsken likegoed in basisynkommen jaan. Dat hoecht net sa heech te wêzen, mar dat se de basisdingen regelje kinne en dat se dêrnjonken gewoan frij harren wurk dwaan kinne. Want de oerheid kostet it measte. Ast der goed ynkomst, dan is de oerheid it djoerst.

En wa't dêr genôch oan hat, dy hoecht net te wurkjen.

Ja. Mar ik tink dat de measten wol wat dwaan wolle. Ik leau der net yn dat minsken neat dwaan wolle. Der is natuerlik altyd in kategory, dat hâldst, dy hast no ek, mar minsken wolle altyd wol in útdaging ha. Oars is't ek mar dea, no?

Ja. En jo ha jo útdaging no yn'e tún.

Ja. En dit.

Ja? Jo fytse in protte? It is gjin elektryske, hin?

Neeeeh. Wy sitte der wol oan te tinken, soms, mar dizze fyts hat oeral al west. Frankryk, Portugal.

Jim geane altyd op'e fyts fuort.

Ja, fakânsjes binne altyd op'e fyts.

It is ek in stevigen ien.

Ja, in spesjalen. De frou hat ek sa'n ien.

Der kinne tassen foarop.

Ja, foarop, achterop. Dit jier ha wy in rûntsje Nederlân dien. Troch it midden fan Nederlân. En doe binne wy lâns de Dútse grins sa'n bytsje wer omheech fytst.

Dat is it moaie fan fytsen: it giet yn in tempo dat je ek noch wat om jo hinne sjen kinne.

Ja, hearlik. En skitterend waar.

Ja, de simmer wie fantastysk. Mar yn Frankryk en sa sitte jo wol mei dy bergen, fansels.

Ja, moai dochs? Quel courage, sizze se dan. Wat in moed. Der wie sa'n âld froutsje, soks ferjitte jo noait wer, no? Wy fytse tegearre sa'n heuvel op. Komt der sa'n frou oan: Quel courage!

Jim doarre. Moai.

No ja, dan dogge jo gewoan de fersnelling leech, en soms moatte jo rinne.

Ja, jo frou hat al aow seinen jo, dy hat ek wurk hân?

Ja, dy wie dosinte lichamelijke opvoeding.

Dus jim binne beide wol sportyf.

Ja, mar se hat yn har wurk noait echt de kâns krigen, want dat is allegear fuortsaneard. De lêste jierren is it boadskip dat de bern mear bewege moatte, mar ja, no is sy der út.

Ha jo no thús alle internet en sa ek perfekt regele?

Nee. Nee, slecht. Dat mei der wol eefkes yn. Slecht, SLECHT, haha.

By Ziggo.

Nee, by KPN, hin?

Mar jo ha net alles sels oanlein?

Ja, yn'e hûs wol, dat is wol goed, mar de ferbining fan KPN is slecht.

Krije jim ek glêsfezel?

Ja, dat is de bedoeling.

Fan KabelNoord.

Ja. Ik haw ek yn dy wurkgroep sitten, om it safier te krijen, sis mar. It wie yn earste ynstânsje allegear losse boargerinisjativen. Wy ha der hiel bot achteroan sitten dat de provinsje der mear oan dwaan soe. Uteinliks is der útkaam dat se it útbesteed ha oan KabelNoord. Yn Opsterlân rint it al, mar by ús noch net.

Ach ja, jim binne fansels Hearrenfean. Mar dat wurdt aanst wol in hiele ferbettering, dan.

Ja, mar it neidiel is dat it yn earste ynstânsje allinnich KabelNoord is dy't it oanbiedt en as ik dan dy pakketten sjoch, dan is dat frij djoer. Plus datst elke moanne noch in kear 15 euro ekstra taslach betellest. Dat kloppet net hielendal. Ik snap dat it djoerder is om yn it bûtengebiet minsken oan te sluten, mar dan moatst ek de frije keuze ha. En no komt fia in achterdoar KPN der wer by. Dêr kloppet ergens wat net.

Mar jo geane net de barrikaden mear op.

No, soms wol. Soms ha'k dy neiging wol, ja. Ik fyn dat wy wol in hiele protte aksepteare. Mar goed, jo moatte jo ek net te drok meitsje, dat is net goed foar de bloeddruk. Myn frou seit dan ek wol: jou dy dochs del, wat makkest dy drok. Miskien hat se ek wol gelyk.