Oer de Brêge: Wiepkje Veenstra ontwerpt kleurplaten

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Wiepkje Veenstra (43) uit Gorredijk. Zonder het te weten kenden ze elkaar al.

Wennest hjir al lang.

Sûnt '87.

Wêr komst oarspronklik wei dan.

Ik bin yn Ljouwert geboaren. Ik bin in skippersbern, ik ha altyd oan board wenne.

Dyn heit en mem farden mei in grutte frachtboat?

Ja, no nee, dat net, in sleep-boat.

Okee, wêr sleept in sleep-boat, hjir yn Fryslân.

Dat wie fansels 43 jier lyn, dat wie op'e Noardsee. Dus as der in skip yn need wie, dan moast myn heit der op út. En wy wennen op de sleepboat.

En jim heit sleepte de grutte frachtskippen de havens yn?

Ja, oeral. Wêr't mar wurk wie, dêr wie hy.

Jim wennen echt op it skip.

Ja, as bern oant myn fyfde, dus ik wit dêr sels hielendal neat fan, mar ik wit it fan de ferhalen. It hat doe ek wol yn'e krante stien, want wy ha doe de ferdrinking bijna meimakke. Want de boat dy sloech wetter en wy sonken.

Jim boat.

Ja, wy wienen tusken Texel en Nederlân yn en doe ha wy in SOS útstjoerd en doe kaam der help, mar ja, dy koe ús noait frijlûke. Doe hienen wy gelok dat der ek in marine-skip training hie. Dat wienen jonkjes fan 17, 18 jier, en dy ha doe ús sleepboat tusken har yn naam.

Hoe kin in sleepboat no sinke.

Ja, der siet in gat yn.

Fan in oanfarring, of ferrustke? Sokke skippen wurde oars hiel goed ûnderhâlden.

Gjin idee. Dat soe'k echt noch wolris útsykje wolle. Heit hat him as in wrak kocht en hielendal opknapt. Dy sleepboat hiet fan PeSiWiMI. Dus ús heit en mem en ik en myn broerke: Peter, Sieta, Wiepie en Michel. Ja, sa gie dat froeger.

Do bist mei fiif jier oan de wâl kaam, by famylje yn?

Nee, in oar skip. De relaasje gong stikken tusken myn âlders. Doe is myn mem mei in oare man fierder gong en ha wy yn Ossensyl wenne, yn de Wearribben. Dus dêr haw ik ek op skoalle sitten. Yn '87 is dy relaasje dochs ferbrutsen en doe binne wy yn'e Gordyk kaam.

Do hast ek in relaasje?

Ja, al 21 jier hast.

Troud?

Nee, noch net.

Wol bern?

Ja, twa jonkjes.

Wat dochsto foar wurk.

Ik wurkje sûnt koart by Kinderboerderij De Naturij yn Drachten. As pr-meiwurker.

Ah, sa kin ik dyn namme dus. Do makkest ek foto’s.

Ja, dat is eins in bytsje per ûngelok gong. Ik gie der hinne mei myn bern, te boartsjen, en ik ferfeelde my faak in bytsje as mem. Dus ik makke in hiel soad foto's. Doe frege in freondinne: wêrom makkest dy foto's, dêr dochst dochs neat mei. Ik tink: jah, nô, ikke wol! Mar ja, wat dan? Doe haw ik frege oft ik dêr kleurplaten ûntwerpe mocht. Want se hienen elke moanne in kleurplatewedstryd en myn jonges hienen al in pear kear wûn. En dan hienen se wèr de selde kleurplaat. Dus ik frege: wêr ha jim dy kleurplaten wei. No, fan internet. Ik sei: mar der binne safolle leuke objekten hjir, mei ik dan ris in kleurplaat meitsje. En dan elke moanne in oaren-ien. Altyd in oarenien, punt. En unyk, nergens oars te finen, net online, niks. No, dat ha'k dien en...

Dus do bist oannaam as kleurplate-ûntwerper.

Ja, ja, ja. En dan woe'k gratis in abonnemint, dan woe'k gewoan net mear betelje. No, dat wie prima. Dat wie regele.

En hoe lang dochst dat al.

Dit is myn twadde jier, dat ik se ûntwerp.

En hoe makkest in kleurplaat.

Ja, ik mei myn grutte mûle. Ik tocht dat doch ik wol eefkes, haha. Ik ha altyd wol kreatyf west, mar in kleurplaat, dan moatst dus echt tinke yn lijnen. Dus sadat in bern it leuk fynt om yn te fullen.

Mar makkest dan earst in foto, dyst dêrnei neitekenst?

Sa bin ik al begûn. Mar no tekenje ik gewoan út'e hân, dat giet folle sneller.

Ja?

Ja, ik fertrou wat mear op mysels. It mei ek wol boartlik, it hoecht net sa hiel bot lykjend, en dan doar ik wat mear. Ik lit it in oar wol sjen hear, sa fan moat der ek noch wat ôf. Sa hie'k foar de Natuurwerkdag ien makke mei Soay-skiepkes.

Wat binne Soay-skiepkes?

Dat is in hiel sels-redsum ras.

Dat is in skiep foar in luie skieppeboer.

No ja, foar de Naturij ek moai, ik bedoel, der is al in hiel soad wurk, dus hoe better as bisten har sels rêde kinne hoe moaier. Dit binne hiele lytskes, se bine ek hiel maklik, wy meie der gewoan tusken rinne, as publyk. En dy wol falt der fansels ôf.

Hoechst se net te skearen. Dus echt luie skiep.

Ja, echt luie skiep. En moai om te sjen. En se binne dêr echt oan it wurk letterlik, want sy graze alles fuort wat der wei moat.

Moai.

Ja. Mar dy hie'k dus brûkt foar de kleurplaat. Myn leidinggevende sei: dat liket wol Satan, haha.

Satan?

Ja, sy ha hoarns, haha.

De duvel wurdt yndied ek faak útbylde as in bok.

Ja, mar dat wie net myn gedachte.

As ûntwerper fan kleurplaten bist per definysje in hiel súksesfol keunster, hin? Dyn tekening wurdt drukt, útjûn en in grut publyk giet der mei oan't wurk.

Ja, en wy krije se werom en elke moanne binne der twa bern dy't in priis winne. En der sit in ûntwikkeling yn. Yn it begjin tocht ik: oer in pear jier kinne wy wol werris in âlden dwaan, hin? Mar no tink ik dat echt net mear. Ik wol elke moanne in oare kleurplaat. Meastal meitsje ik der twa, dêr wurdt dan ien útkoazen.

Miskien kin der oait nochris in boek útkomme fan al dyn tekeningen.

No ja, ik sei al, as wy in stik as fyftich hawwe, dan kinne wy miskien wol in kleurplateboek ferkeapje. Dan kinst ek wat dikker papier dwaan, dan kin de namme en sa wol fuort en dan is it gewoan foar thús.

Krijst wolris ien werom dy't sa moai ynkleure is...

Dat'k se mei nei hûs nimme wol? Jawol.

Dy komme yn in listje boppe de bank?

Nee, yn myn plakboek. En de allerearste kleurplaat dy't ynlevere waard dêr hat Wi-jo, myn foargonger, in foto fan makke. Dat wie wol hiel spesjaal. Mei kleur begjint hy te libjen. Echt. Ik meitsje allinnich mar lijntsjes, de berntsjes meitsje se ôf.

In kleurplaat wurdt inderdaad ôfmakke troch him yn te kleurjen.

Ja.

Betsjut dat ek datst dy ynhâlde moatst by it tekenjen.

Ja, hiel bot. Ik moat konstant wisse. Ja, dan ha'k him yn'e kompjûter set en dan is't: helje dat mar fuort, helje dat mar fuort. Miskien kin dit ek wol wat minder, dan ha se wat mear rûmte.

It is krekt as mei Dick Bruna, dy tekeningen sit echt hielendal neat oerboadichs mear oan.

Dat is ferrekte moeilik om sa te tekenjen.

Mar úteinliks wolst dêr wol nei ta, natuerlik.

Ja, ik bin noch fierstente kreatyf. Ik ha hiel ferskillende stijlen noch wol, ik ha noch net sa'n eigen styl. Guont sille my wol herkenne, mar ik ha noch net wat fan, sa wol ik it altyd dwaan.

Stimuleart it ek om mear en oars te tekenjen.

Ja, ik ha ek in kursus dien op internet, tekenaar.nl. Dy kinst online dwaan. Elke dei krijst dan in opdrachtje om te tekenjen, moatst it plat slaan, of skaad jaan, dan sjochst it hiel oars. Doe haw ik foar de grap op de spegel yn de douche tekene. Hantsjes waskje, gesicht wakje, tosken poetse. Gewoan popkes. En ik ha neat sein, echt neat, tsjin'e bern. En se komme beneden: no, ik ha myn gesicht wosken, myn hier netsjes, myn hannen dien, myn tosken dien, alles. Letter ha'k dat fuortpoetst, want ik tink no witte se it wol, mar tekeningen binne hiel krachtich.

Moai. Makkest ek echt kreatyf en keunstsinnich wurk foar dy sels?

Ja, ik bin op ferskillende flakken bezich, meitsje wol in hiel soad foto's. Ik bin lêsten ek frege foar Samen Op Stap, woansdeis hjir yn'e Gordyk. Dan kinne de berntsjes oant fjouwer jer, dy't noch net nei skoalle geane, eefkes boartsje. Dêr haw ik foto's fan makke, yn it kader fan de Week van de Opvoeding, fan Samenspel. Dat fyn'k dan wol hiel leuk.

Hoefolle oeren hast by de Naturij.

Ik wurkje allinnich tiisdeis en tongersdeitemoarn. En ik doch it dit jier noch gewoan as frijwilliger, want ik wie hielendal net fan plan om dêr te wurkjen mei dy kleurplaten, mar myn foargonger dy stoppe der mei, dy gong oan it wurk by in oar bedriuw. Ik sei: Ja, mar wa sil dy ferfange, dan? Dus doe haw ik myn gegevens achterlitten by in kollega, no myn kollega, en doe hat de leidinggevende my belle. Oft ik komme woe. Dus de oare deis bin ik der hinne gien en haw ik my foarsteld.

En hoe lang wurkest der no offisjeel dan?

Ik bin yn febrewaris begûn.

Twa dagen yn'e wike.

Ja, mar ik bin der yn'e wykeinen faak ek as der aktiviteiten binne. Want as der clowns komme en moatst it dwaan mei âlde foto's út it bestân, dan tink ik: ik meitsje leukere foto's, dus ik meitsje wol nijen.

No stie der lêsten dus in foto fan dy foarop de Drachtster Courant.

Ja, kloppet.

Hoe fielt dat?

No, ja, dan glunderje ik wol.

It wie ek in hiel moaie foto, fan it jonkje dat as earste de Struinstoel, in stoere rolstoel brûke mocht.

Ja, dat jonkje sparret foar in rolstoelbus. Hy is fiif jier en is mei in wetterholle en in iepen rechje geboaren. Hy wurdt hieltyd swierder en dêrom moat der in spesjale bus komme. Se kinne wol hulp krije, mar dan moatte se ek sels aksje ûndernimme, om in begjin te meitsjen. Dus se ha betocht om kroankurken te sparjen. Ien frege ús wat wy dienen mei de doppen fan dy fleskes. No ja, dy goaie wy gewoan fuort. Witte wy folle? Mar no helpe wy om se te sparjen.

Dus as minsken doppen fan frisdrankfleskes ha, dan kinne se dy by de Naturij ynleverje.

Ja, hear.

Hearst faker fan sokke aksjes om dingen te sparjen, mar dy blike dan net wier te wêzen.

Ik ha dit neifrege, en ja, it kloppet wol, hear. De metaalyndustry nimt it oan. Ja, se moatte wol echt gigantysk folle kilo's ha. Ik wit it getal sa net iens presys, mar it is wol mei seis sifers. Kilo's dan hin? En hoefolle dopkes dat dan binne, rekkenje mar út. Mar it giet om it idee.

Wat dochsto de oare fiif dagen fan'e wike noch.

Ja, ik bin full-time mem, eins. Ik sit ek noch op de Speel-o-theek, op woansdeitemoarns bin ik yn de Skâns.

As frijwilliger.

As frijwiliger. Ja, ik wol net allinnich mar thús sitte.

Hoe âld binne dyn bern?

De âldste is krekt acht en jongste moat seis wurde, oar jier. Dus no wurdt it wat rûmer, sis mar. Ik ha se yn Terwispel op skoalle dien, trouwens.

Wêrom?

Ja, lytser.

Do witst dat as elkenien dat docht dy lytse skoallen ek fansels grut wurde.

Ja, mar net elkenien docht dat. In hiele protte âlders binne hjir hiel tefreden. En wy as âlders net. Nee, der wienen wat dinkjes. Mei de nije direkteur wie it wat strenger wurden en wy waarden geacht om net mear binnen te kommen.

Dat docht my ynienen hiel bot tinken oan de Luizenmoeder.

Ja en dat waard bêst wol heftich kommuniseard. Doe stie op it digiboerd ynienen ús soan mei in read kader der omhinne. Myn partner frege wêrom't dat wie. Ja, dan is dygene te let. Ik sei: dus der is in antipestgedrach op skoalle en dan wurdt it sa dien? Nee nee, jaja, jo ha wol in punt. Der wienen allegear dinkjes, wy seinen wy moatte hijirwei.

En yn Terwispel is it goed?

Ja, wy kamen dêr en der waard Frysk tsjin ús praat. Dat is hiel apart, mar dat fielt as thúskommen.