Oer de Brêge | Lyske Dijk: ‘Ik bin in tankber minske’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in Gorredijk Lyske Dijk-Oenema (73). Ze reageert meteen enthousiast op de vraag om mee te doen aan deze rubriek.

Ien by ús op it koar wie lêsten ek frege en doe sei se, dit skriuwst dochs net allegear op, hin?

Ik nim it op en ik sjoch letter wol wat der allegear past.

Do hiest har frege, sy en har suster. En doe sei ik direkst: wêrom hast dat net dien? Dus no kin ik it net meitsje om te sizzen ik doch it net.

Jo wenje yn Gordyk.

Ja, al 38 jier.

Wêr komme jo oarspronklik wei?

Ik bin geboaren yn Ketlik, ik ha wol altiten yn dizze omkriten wenne. Wy ha yn Nijhoarne wenne, foar ús trouwen, ik bin yn '66 troud, en dêr hat myn man ús earste hûs boud. Dêr ha wy trettjin jier wenne en doe yn 1980 hat myn man hjirre in nij hûs boud. Of in nij hûs, dat is no yntusken 38 jier âld. En dêr wenje ik gelokkich noch. En ik bin tolve jier weduwfrou, al hast tolve jier.

Wêrom ha jim dat nije hûs boud yn Gordyk?

Omdat wy dat in fijn plak fûnen. Wy wienen der hielendal op oriënteard, gongen altyd al nei Gordyk. Ik ha myn troujurk hjir yndertiid kocht en myn man syn troupak ek.

Jo of jo man wurken hjir ek?

Myn man wurke by in mitselbedriuw hjirre. Dat is der net mear, trouwens.

Mar jim fûnen Gordyk in moai wenplak.

Ja, myn heit wie froeger boere-arbeider. Ik bin yn Ketlik geboaren, en dan ferhuzje jo noch alris eefkes.

Elke tolfde maaie in nije boer en in nij hûs?

Ja, as er dan in oare boer krije koe en dy betelle wat mear, dan ferhûzen jo yn ien dei. Dus sa haw ik yn'e Himrik wenne, en doe binne wy ferhûze nei Oranjewâld, doe yn Mildaam. En doe hat ús heit yn Nijhoarne syn earste hûske kocht. Dêr wennet no myn jongste suske. Dy hat it kocht en dy hat kinderopvang. Sy is altyd myn jongste suske, want sy is sechtjin jier jonger, dy wurdt neffens my oare wike 57. Ik ha noch in broer yn Ketlik en ik ha hjir in broer wenjen, dy wennet hjir no fiif jier. Ik ha sels altyd yn'e soarch wurke, froeger, gehandicaptesoarch. Van Boeijenoord yn Assen, dêr bin ik begûn, dat wie krekt sa yts as Borneroard.

Van Boeijenoord, dat wie in hiel beruchte... Doe't dy kwestje spile mei Jolanda Venema, doe wurken jo der ek?

Nee, gelokkich net. Ik ha der hast trije jier wurke. It hat altiten myn hert wol hân, dat wurk. Mar myn man makke lange dagen, dus doe ha'k 25 jier thús west, sis mar, en doe stie der in...

En jim ha bern krigen?

Ja, trije bern. Wy ha ús earste hûs boud yn '65 en de herinneringen dêroan binne hiel kostber. Wy wienen beide arbeidersbern, mar ús heiten fan beide kanten hienen in eigen hûs. Wy bouden ús earste hûs foar 25.000 gûne. No, en dan nei trettjin jier dan ha jo wol yn'e gaten, dan is alles hast tsien kear sa djoer wurden. Ik ha der wolris wille om, want ús bouterrein dat wy hjir kochten, ús earste bouterrein koste 5.000 euro, of gûnen, en it twadde 50. Dus dat wie ek allegear tsien kear sa djoer. Mar myn man hat it beide kearen sels boud.

Dat is eins ek de ienige wisse manier om jild te fertsjinjen oan in hûs, hin?

Ja. En op in gegeven moment, myn bern studearden, ik hie net ien mear yn'e hûs, en doe stie der in advertinsje yn de Woudklank, dêr fregen se in fersoargjende foar deminte bejaarden.

Wannear wie dat?

Wy wienen 25 jier troud, dat wit ik wol, doe bin'k opereard...

1991.

Ja, ik ha oant 2000 wurke, dat kloppet wol ûngefear. Doe sei'k tsjin myn man: sil ik dêr ris op sollisiteare. Myn man sei: soest dat wol dwaan, nei safolle jier? Ik sei: ik prebearje it gewoan. Ik bin freedtemoarn op de fyts, want myn man hie de auto mei, bin'k nei De Sweach gong en doe't ik wer thús kaam gie de telefoan en koe ik de tiisdeis begjinne.

Soa, dat's moai.

Ja.

Ha jo der achterôf ek spyt fan dat jo dy 25 jier thús sitten ha?

Nee, absolút net. Ik ha wol altyd... ik sjong yn in oaratoarium, ik hâld fan muzyk, ik spylje piano, ik spylje gitaar, dat doch ik hjir yn Gordyk yn tsjerke ek noch wolris eefkes, hin, mei myn broer.

Dan ha jo dus alle rûmte foar soks.

Ja, ik hie alle rûmte foar soks. Mar ja, as jo man fan moarns healwei seizen oant jûns seis oere fuort is... ik ha dêr hiel bewust foar koazen, mar ik fûn it wol hiel erch fijn doe't ik wer oan't wurk koe.

Ja, dat snap ik.

Wy wienen 25 jier troud en doe koe'k it fertelle en sa is it gien.

En der gong in gejuich op?

Nou, ja, ik wie de âldste, dus elkenien... as ik no nei myn bern sjoch en nei myn skoansuskes, dy wurken allegear. Mar ik bin fan 1945, en dat wie earst in krappe tiid. En dêr ha'k ek noch in hiele protte herinneringen oan...

Mar jo binne troud yn 1966, as yn dy tiid in skoaljuffer troude, dan krige se ûnt-slach.

Ja, presys.

Dat wienen hiele oare tiden.

En dan hie ik noch wol in soarch, wol ik graach eefkes fertelle. Wy binne net yninte flak nei de oarloch. Wy wennen doe yn'e Himrik, it hûske stiet der noch mei it rieten dak, en doe krige myn broer, dy is jonger as ik, dy is 68, en wy krigen beide kinkhoest. Want wy wienen net yninte. Doe hat myn broer dus troch de kinkhoest in hersenbeskadiging oprûn.

Oei, ik kin it wurd, mar ik wist net dat it sa'n rare sykte wie.

Jaha, myn broer, en ik wit dat ek allegear noch...

Hoe âld wie er doe?

Twa jier. Hy is goed geboaren. Dy selde broer is mei seis jier nei Van Boeijenoord gong, dêr't ik letter ek wurke, en dêr hat er 25 jier west. En doe feroare de soarch idere kear. Doe kaam er yn in gesinsferfangend tehûs, en doe selsstannich mei ûndersteuning en sûnt fiif jier wennet er no hjirre, by de Voltawurken, en dêr hat er de soarch fan Talant. En hy wurket as frijwilliger by de Kringloopwinkel, middeis yn de kantine en...

Mar troch dy kinkhoest wie er dus de rest fan syn libben gehandicapt.

Jahaa, en it is foar him hiel moeilik, want hy is superintelligint en sjochst neat oan him. Mar emoasjoneel in bern. Hy hat it moeilik hân, mar is der foar my noch elke dei. Foar leuke dingen en foar minder leuke dingen. Mar wat ik fijn fyn, hy wennet hjir mei in hiele protte nocht en plesier. Hy wennet hjir no fiif jier en de soarch is prima. No, en justerjûne, in pear kear yn'e wike dogge wy eefkes in spultsje tegearre, witst wol? Sa dogge wy dat, samen mei myn broers en susters, wy wenje allegear om him hinne, dus wy fine it hiel fijn dat wy him hjirhinne helle ha.

Ja, dat snap ik, moai. Jo binne op himsels frij jong weduwe wurden, krekt sechstich.

Ja, myn man hat 47 jier wurke. Earst fan syn trettjinde oant syn twintichste by omkes op de buorkerij en de lânbouskoalle dien. Mar dy buorkerij by Hearrenfean dy moast der wei, want it wurde allegear yndustry en sa, en doe hat myn man him omskoale litten, dat koe doe noch, yn Ljouwert, en doe ha wy ús earste hûs foar ús trouwen boud. Syn heit wie ek timmerman mitselder en myn man-endy wienen mei syn achten, wêrûnder seis broers, en allegear gouden hantsjes, sis ik altyd. Mar doe sei myn skoanheit, en dat wie hiel ferstannich, dy sei: jonge, do moatst dy omskoale litte. Dan bist útfoerder. En hy hat altyd wurke. En hy hat de Alvestêdetochten riden, krekt as myn soan en myn broer, wy binne in sportive famylje. Mar doe bin ik stoppe mei wurkjen, mei sechstich dus, en doe sei ik tsjin myn man: stopje do no ek. Hin? Do hast al sa lang wurke. En doe hat er dat dien en wy wienen trije moannen thús en doe krige er kanker.

Ach.

Hy hie noch noait by in dokter west, mar dat wie direkst sa slim dat se him noch in pear moanne joegen. En dat binne njoggen moanne wurden. En dat falt earst net mei.

Nee, kin’k my foarstelle. Hie dat ek noch wat weardefols, dy njoggen moanne?

Ja, yn it begjin wol, mar op it lêst krige er ek noch tumoa-ren yn'e holle en dan binne jo jo hiele stjoer kwyt. Hy wie in sterke man, want de dokters hienen ek net tocht dat hy noch sa lang libje soe. Mar wy binne tsjerklik, ik hear hjir by de Ontmoetingstsjerke en dêr ha myn man en ik in protte steun oan hân, ek oan it leauwen. Ferskes songen en de minsken dy't om jo hinne steane, hin? Ek dy't net fan tsjerke binne, moatst my goed begripe. Wy ha krekt fjirtich jier troud west.

Dat ha jim noch fiere kinnen.

Dat ha wy noch fiere kind. Nee, dat ha wy net mear fiere kind. Myn man wie 2 desimber jierdei, waard er 64 en 30 desimber wienen wy fjirtich jier troud en yn jannewaris is hy dus overleden. Mar doe kaam ik dus allinnich en dan binne jo krekt, ja ik moast noch 61 wurde. Sechtich ha jo fierd mei de bern yn Oranjewâld en dat kinne jo net betinke. Wy krigen ek mei in pear dagen te hearren hoe slim as it wie. En dat earste jier, yn it begjin libje jo in bytsje yn in roes, mar dat fûn'k hiel erch moeilik.

Ja.

En dat begripe jo net earder as dat it jo gebeurt. Want ik bin in flink optimistysk minske, mar ik ha wol eefkes djip yn'e put sitten.

En hoe binne jo dêr wer útklautere, dan?

No, troch ek te praten, ris eefkes mei dokter, mei myn freondinnen, mei minsken fan tsjerke en sa. Ik bin dus in prater en doe sei myn freondinne letter ek, as Lyske net praat dan is se siik. Mar it earste jier haw ik dus net safolle praat. En doe't ik dat dus wol wer die, doe seinen se: Lyske is der wer in bytsje.

Moai.

En wat ik wol fijn fyn om te fertellen, doe't wy froeger yn Oranjewâld wennen, doe hie ik in buorjonge, ik wie in jier as tsien, en dy syn heit wie ek boere-arbeider. En sûnt trije jier ha wy samen in relaasje.

Okee.

Sjoch, ik ha myn man ferlern oan kanker en hy syn frou. Wy hienen wol kontakt, en ek wol doe't syn frou, ik koe syn frou ek. De hiele famylje dy koe him.

Mar dat liket my ek frjemd, it momint dat der dan in klik komt, dat liket my hiel frjemd.

Ja, ja. Dat sis ik, dat moat jo oerkomme.

Mar it liket my ek hiel lêstich om der oan ta te jaan, of net.

Nou, op in gegeven momint, en dêr bin ik ek hiel tankber foar, dan fiele jo gewoan wat foar inoander. En no ja, wy hawwe beide ek, ús rêchsekje, hoe moat'k dat sizze. Ik bedoel, myn freon hat ek in foarm fan kanker hân, hy is no fiif jier goed west, en dat drage jo ek samen. En samen prate hin? It hat noait frjemd west. Wy ha it earste jier in hiele protte praten en dien. Hy hat twa soannen en de jongste soan hat fjouwer bern, dus in kear wer oppasse. En de famylje, sawol fan my as fan him, dy hat ús mei iepen earms ûntfongen.

Moai.

Dus wy ha foarrich jier de jierdei fierd yn De Knipe, by de tsjerke, it wite tsjerkje. Dat ha wy mei fjouwer famyljes fierd, ha wy mei 47 minsken iten.

Mar jim wolle it net offisjeel meitsje.

Jaah, elkenien wit wol dat'k in relaasje ha, mar wy binne net samen. Hy is 75 en ik bin krekt 73 wurden en yn tsien menuten bin ik by him, mei de auto. En wat ik hiel fijn fyn, wy fytse in hiele protte. Fytsfakânsjes. Mei myn man makke ik hiele oare reizen. Ik ha wol hiele moaie reizen makke, ek doe't ik al weduwfrou wie, mar ik genietsje hjir ûntsettend fan.

Moai.

Sa hie ik noch noait yn Gaasterlân west.

Der is noch safolle moais te ûntdekken. En sa'n elektryske fyts is dan in útkomst, hin?

Ja, ik ha ek in gewoane, der by, hear.

Mar dy brûke jo net mear.

Weinich. Mar fierder bin ik, lit ik it sa sizze, in tankber minske.