Oer de Brege | Gerrit Jonker

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Gerrit Jonker (73).

Wêr komme jo wei.

Jubbegea.

Wat ha jo foar wurk dien?

No, it lêste wurk dat wie by De Vries Timmerfabriek hjirre. Dêr ha'k bijna 37 jier wurke.

Wienen jo der noch op it stuit dat dy fabryk ticht moast?

Nee, doe wie'k der krekt út.

Seagen jo it oankommen?

Nee, nee. Jaah, ergens wol, want asto neigiest, foardat ik der út gong, dat wie yn 2008, doe binne der al in hiele protte út gien. Ik leau dat der doe wol in dikke trijehûndert, of sa, der út gien binne.

Dat hat in belangryk momint west foar de Gordyk.

Ja, sjoch en dêrnei haw ik ek besluten om yn'e Vut te gean.

Jo seagen it oankommen.

Ik seach it oankommen, ja. Ik ha de fiifensechtich net ôfwachte.

En de mooglikheid wie der...

Ja, do moast fjirtich jier oan't wurk west ha, wêrfan 25 jier by de selde ûndernimming.

En jo hienen der al 37 jier wurke. En dêrfoar hienen jo ek al...

Ja, ik ha ferskillende baantsjes wol hân. Ik ha noch by Koelstra wurke, dêr haw ik trije kear west. En ik ha trije kear by Batavus west.

Hoe komme jo trije kear by it selde fabryk?

No, foar fiif gûne mear koe ik nei in oare baas.

Hahaha.

En ik ha se wat útmolken.

Okee. Jo wurken by de iene en dan koenen jo by de oare fiif euro mear krije en dan gienen jo dêrhinne en in jier letter koenen jo werom. Jo moasten wol hieltyd in jier der bliuwe?

Nee, nee, dat wie ûnbepaald, hin?

Mar jo koenen net om'e wike werom komme, nim ik oan.

Nee, mar dat die'k ek net. Ik bleau soms wolris in jier, of oardel jier. Mar ik gong wer werom.

Dus trije kear by Koelstra en trije kear by Batavus.

Mar de earste kear dat'k by dy beide bazen wie ha'k der mear as in jier west. En dêrnei bin'k mei in pear moanne hieltyd werom gong.

Jo lykje wol sa'n proffuotballer dy't hieltyd fan de iene klub nei de oare giet.

Ja, mar dat wie froeger sa: de bazen woenen jo foar nul sinten ha. En dêr bin ik net foar. Ik bin wol in wurker, mar ik wol myn jild ek ha.

Loon naar werken.

Ja, ja, ja, ja.

En yn dizze omkriten ha se fansels erfaring mei útbuiting, hin? Jo komme fan Jubbegea, jo binne dêr ek geboaren?

Ja, ja, ja.

Dat wie froeger in streek mei in protte earmoed.

Froeger wol, ja.

Dêr is in protte misbrûk fan de minsken makke.

Ja, en ik kom ek noch fan De Wiken, en dat wie froeger hielendal in arbeidersbuert.

Wat die jo heit?

Us heit wie, ja wat die ús heit, ús heit wie invalide, op syn 29ste al invalide wurden, mar hy gie wol nei de boer om wat by te fertsjinjen, wat swart, dat meie wy net sizze miskien, mar it wie wol sa.

Mar hoe wie er invalide?

No, hy hie eh, wat sil'k sizze, hy hie astmatisch bronchitis.

Echt op'e longen.

Op'e longen. Hy hat it op it kantsje helle doe yn't sikehûs. Want as it noch in wike duorre hie, dan hie er fuort west, sei er.

En dêrnei wienen syn longen sa min...

Ja, no ja, hy is noch wol wer reedlik hersteld nei de tiid, hear. Mar ja, wol mei pensiline en al dat spul.

Dat wie dus net in hiele rike húshâlding, dêr't jo yn opgroeiden.

Nee, nee, wy wienen thús mei ús tolven, tsien bern. Dêr is no krekt, pear jier lyn, de earste fan weirekke, dus der binne noch njoggen.

En jo wienen de jongste?

Nee, ik sit der krekt sa'n bytsje middenyn. De âldste is krekt tachtich wurden, yn maaie. De jongste is 61, krekt wurden. Ja, ik wit alle geboartedata ek wol hear.

Mar dy jongste dy wurket dus noch.

Nee, ek net. Har man dy wurke altyd, mar dy hie ûntslach krigen, want der wie gjin wurk mear, dy siet yn'e bou, dy wie opperman. Mar ja, dat hat er jierren dien en hy hie wol wer wold, mar no net mear, want hy is ynmiddels ek al 63 of sa.

Dat is ek gjin leeftyd om noch in kear opnij te begjinnen.

Nee, nee.

Wat dogge jo om de dei troch te kommen.

No, wat sil'k sizze. Sjoch, ik ha no al in ein rûn, tolve kilometer.

Jo komme no rinnende wei út Jubbegea.

Nee, nee, ik bin sa oer Jonkerslân rûn, en sa hjir wer op oan.

Mar jo komme no fan hûs.

Ja, sa dat eintsje om.

Rinnende wei en jo wenje yn Jubbegea.

Nee, yn'e Gordyk.

Oh, ik toch dat jo... Jo komme oarspronklik fan Jubbegea, mar jo wenje no yn'e Gordyk.

Ja, ik wenje al fyftich jier yn Gordyk.

Okee, no snap ik it. Mar jo ha no dus al tolve kilometer rûn.

Ja.

Dat dogge jo alle dagen?

Nee, ik doch ien kear yn'e wike sa'n ein, en tuskentroch wolris wat lytse ôfstantsjes.

Jo ha der ek echt de goeie skuon by oan, sjoch ik.

Ja. Jaah, dat moat ek wol, hear. Mar ik ha in nije knibbel krigen...

Ja, dan moatte jo it wol ûnderhâlde, fansels.

Ja, dan moatst wol yn beweging bliuwe, hear. Sjoch, ik doch de tunen ek noch by mysels en myn dochter noch. Dêr hast ek altyd noch wol wat wurk oan. Mar dat fyn'k ek wol moai, hear.

Ja. Ha jo ek noch lêst fan dy knibbel?

No, ik bin der net hielendal frij fan. Nee. Altyd noch wol wat stivichheid.

Mar dêrfoar hienen jo in protte pine?

Ja, ik koe noch wol rinne, mar as ik dan ris op'e bank siet, dan koe'k hast net wer oerein komme.

Minsken mei in nije heup of knibbel dy hearst faak sizzen dat dat it moaiste is, dat de pine fuort is. En se rinne deselde deis al wer.

Ja, dat ha'k sels ek dien. Jaah, rinne, rinne, do bist fan bêd ôf, sa.

Jo moatte echt wer goed rinnen leare.

Ja. rinst earst mei krukken, hin? En dan de twadde deis, dan meist it trapke rinne. Foarsichtich dan.

Mar dat is wol bysûnder. Dan ha jo in nije knibbel en twa dagen letter rinne jo al op'e treppen.

Ja, ik bin ek oan'e meniskus opereard, doe moast ik deselde deis fan bêd ôf. Ik tink hoe komt dy man der by. Ik hie sa'n pine, doe hie'k noch mear pine as mei de knibbel. Ja, it is allebeide mei de knibbel, fansels.

Ik fyn it altyd hiel knap wat dy dokters allegear kinne.

No ja, ik kin it net. Mar ik krij no ek wat lêst fan'e heup, dus ik moat yn beweging bliuwe.

Dêrom dogge jo ien kear yn'e wike in lang ein en de oare dagen...

Ja, wat koarte eintsjes. No ja, sjoch, ik bin by it biljarten. Dat mei'k graach dwaan. Wy ha juster noch oan it trijebanden west, hin? Ik wit net ast witst wat dat is?

Nee, ik ha gjin idee.

No ja, dan moatst trije bannen reitsje foardatst de lêste bal spilest.

Dat binne de trije rânen.

No ja, dat neame se bannen. Foardatst de lêste bal oanrekkest, moast trije hân ha. En no ja, juster in hiele goeie partij spile. Nul komma acht gemiddeld.

Dat seit my hielendal neat, mar 0,8...

0,8 dat is foar ús hiel goed.

Jo binne ek goed, yn biljarten?

No, reedlik.

Protte oefene?

Ik gean ien kear yn'e wike te oefenjen.

En dat dogge jo al hiel lang, of net?

Goh, fan myn fyftjinde, dus al 58 jier sa'n bytsje.

Dan ha jo genôch oefenje kinnen.

Ja, se hoege my net folle te learen. Ja, der binne altyd ballen, dy kinst net, hin?

Wat is der leuk oan biljarte, ik haw it wolris dien, mar net fanatyk.

No, wat sil'k sizze, haha, mei de iene bal de oaren reitsje. En dan trije bannen. Ja, wat is dêr leuk oan, jonge. Wat is der leuk oan fuotbaljen? Dêr rinne se der achter oan en se skoppe de bal fuort.

Is it echt de útdaging, fan dy bal moat presiis sa?

Ja, natuerlik.

Jo moatte dy bal sa reitsje dat er de goeie baan folget.

Ja, presys! Mar dat is it hiele wurk.

En dat is ek konsintraasje, jo moatte de kop der by hâlde.

Ja, it hat wolris west, dan gong ik, as ik sa spylje moast, dan gong ik dy deis net te rinnen, of yn'e tún.

Nee?

Nee, dan bist te warch. Yn it team, dat wie juster ek, dan spilest mar ien wedstryd, mar yn de foarronden fan it Frysk kampioenskap, dan moatst fjouwer partijen op in jûn spylje, dan stiest fanôf in oere as sân oant alve achter it biljart.

En dêr wurde jo wurger fan as fan tolve kilometer rinne?

Ja, eins wol. Kinst better trochrinne, as datst sa omdeuzelst. Dat is krekt as datst op de merke rinst.

Ja, omdangelje dat is hiel fermoeiend.

Ja, dêr wurdst folle wurger fan dan ast gewoan rinst.

Mar biljarten komt ek op 'e kop oan, hin?

Ja, ja. No ja, jo moatte wol neitinke hoe't jo it dogge, hin?

En konsintreard wêze, net tinke oan it pilske dat al stiet te wachtsjen.

Nee, eins net. Al sil dat ûnwillekeurich wolris gebeure, net?

Mar jo fermeitsje jo wol.

Jawol. Ik bin ek Heerenveensupporter. Dêr gean ik ek elke wedstryd hinne.

Dan ha jo no net sokke hiele bêste jierren.

Nee, in jier as fiif, seis lyn, doe wie it geweldich.

Ha jo ek yn'e Kuip west?

Jaah, dêr ha'k ek wol west, ja.

Ek mei dy bekerfinale?

Ek mei dy bekerfinale, ja.

Dy't se wûn ha.

Nee, dy't se wûn ha, ha'k net hinne west.

Wol de kear dat se ferlern ha.

Ja, ik mien dat se doe tsjin AZ, of Ajax spilen.

De earste kear wie tsjin Ajax, 6-3 ferlern.

Ja, no dat sil dy wedstryd west ha. Dy ha'k dan sjoen. Mar wy ha in jier as wat hiele goeie oankopen dien en dat is no de lêste tiid in bytsje minder.

En steane jo dan ek te skellen op'e tribune?

Nee, sa bin ik net. Ik sis wolris: toe dan! Mar oars net, nee. Ik bin fierstente sportyf.

Hoe lang komme jo dêr al.

Fiifentwintich jier wol, ûngefear. Ik kom der al folle langer, mar froeger gongen wy allinnich nei de belangrike wedstriden.

No ha jo in seizoenkaart, ha jo dan ek al sa lang in fêst plak?

Ja, wy ha in fêst plak. Op súd, 26, achter de goal. Presys achter de goal. Se woenen ús dêr op in gegeven momint wei ha, hin? Want de harde kern dy woe op dy kant sitte.

Dy't no op Noord sit.

Dy sit no wer op Noord. Mar wy ha in pear kear berjocht hân, ja, skriftlik dan, oft wy ek ferhúzje woenen. Ik sei: wy hoege net te ferhúzjen, want ik sit hjir goed. Mar letter begreep ik, dat kaam dêrtroch. Se woenen de hurde kern oan dy kant ha.

Wat is der sa leuk oan om fan te wêzen fan Heerenveen.

Ja, ik ha ek altyd fuotballe, hin?

Foar Jubbegea.

Foar Jubbegea. En yn Gordyk ek noch in skoftsje.

Echt yn de earste elftallen?

Ja.

Dus jo wienen wol goed.

Jaha, ik spile yn Jubbegea meastal yn it tredde, mar it tredde en it twadde dy sieten froeger yn deselde klasse. Twadde klasse KNVB.

En dy koenen ûnderling ek spilers útwikselje?

Ja, dat waard wolris dien. Ik ha ek wolris as reserve mei it twadde west. Mar dêr fûn'k neat oan, as it safier is, wol ik fuotbalje. Ik wol net oan'e kant stean.

Nee. Jo betelje ek kontribúsje dus dan wolle jo ek spylje.

Ja! No, presys.

Jo geane ek wol nei Jubbegea en Gordyk te sjen?

Nee, de lêste tiid net mear.

Nee? Wêrom net?

No, no dat jo Heerenven fuotbaljen sjogge, dat fuotbal is folle moaier om nei te sjen hin?

Ja.

Mar ik ha noch wolris wedstriden, as Jubbegea tsjin Gordyk moat. En oarsom.

En foar wa binne jo dan?

Ik bin foar Jubbegea.

Ja, dochs? Ek al wenje jo hjir al fyftich jier?

Ja, ik gean ek altyd noch yn Jubbegea nei it toaniel. Dêr geane wy ek fjouwer jûnen yn't jier hinne. Want der binne fjouwer toneelkluppen.

Jo geane nei alle fjouwer.

Ja. En der binne ek guon fan Jubbegea, toanielspilers, dy geane nei Gordyk ta. En dêr geane wy ek altyd hinne.

Jim hâlde echt fan toaniel.

Ja, ik fyn't wol moai.

Sels ek oait spile?

Nee, haha, nee. Wie'k net geskikt foar.

Nee? Wêrom net?

Nee jonge, dat moat jo lizze, hin?

Mar jo fine it wol moai om te sjen.

Ja. As it mar wat komysk is, it moat net sa'n deade boel wêze.

Net al te dramatysk.

Nee. Wy ha der ek in kear west, ja, dêr koe dy man neat oan dwaan, dy moast dat spylje, mar dy hienen it hieltyd oer âlde minsken yn it bejaardehûs. No ja, dat is wol belangryk, natuerlik, mar dat hoech ik net op myn moaie frije jûn te hearren.

It moat wol in bytsje fleurich wêze.

Ja, it moat in bytsje fleurich wêze, in grapke der by.

En no rinne jo wer nei hûs? Of ha jo noch boadskip.

Nee, ik moat noch in kilometer ûngefear nei hûs.