Oer de Brêge | ‘Ja, frijbuiter, dat sit wol yn ús famylje’

Redacteur Fokke Wester ontmoet op de Hoofdbrug van Gorredijk Thijs de Jong (61) uit Oldeberkoop.

Mar ik bin dêr net geboaren.

Wêr binne jo geboaren?

Ik bin yn Aldhoarne, no, eins bin ik yn Koartsweagen geboaren. Hiel lang lyn.

Koartsweagen, dat is no dus Gordyk.

Ja, dat is no Gordyk, mar froeger wie’t Koartsweagen.

Dat wie echt in apart gehucht?

Ja, ja, dat wie op it ein fan Gordyk al, hin? Dat is eins al it begjin fan Koartsweagen. Wy wennen oan de âlde Singel. De dyk wie de skieding. De iene kante wie Aldhoarne en de oare kant wie Koartsweagen. En dêr ha'k oant 1969 wenne.

Dat wie dus ek de skieding tusken de gemeenten Hearrenfean en Opsterlân.

Ja. En dêr wie ús heit boer. En doe yn '69 is ús heit ophâlden mei buorkjen en doe binne wy nei Aldhoarne ta gong, nei de Skoatterlânske Wei ferhuze en dêr is hy in kiepemesterij begûn. Sadwaande bin ik dêr kaam en ik bin der ek altyd wenjen bleaun.

Hy wie hjir boer mei kij.

Hy wie hjir boer mei kij.

Fuort saneard, sis mar.

Nee, hy hie der gjin nocht mear oan.

Doe is er dus mei hinnen begûn.

Ja, mestkiepen. Yn eh... no, in pear jier letter, '72 of sa, '71, '72.

En wat ha jo dien?

Nou...

Of wat dogge jo noch...

No, ik doch eins neat mear. Klinkt in bytsje...

Wat ha jo dien?

Myn opleiding, ik ha froeger de bakkerij- en horekafakskoalle hân, yn Ljouwert, en ik ha in pear jier yn'e keuken wurke...

Yn in restaurant, of...

Nô, in serviceflat. En eh... dêrnei bin'k heftrucksjauffeur wurden, en ik haw in skoftsje yn'e bou sitten. En doe bin'k yn '86, doe ha'k sels myn earste eigen hûs boud, yn Aldhoarne, oan de Roazenberchwyk. En dêr ha'k in jier as, eefkes sjen, fan '88 oant '95 ha'k dêr wenne. Doe ha'k it ferkocht en ha'k wer in hûs boud oan de Kiekenberch, ek yn Aldhoarne. Dat is in natuergebiet. En dêr ha'k oant 2010, '11 wenne.

Jo binne oplieden ta bakker en jo ha fan alles dien, mar hoe komme jo der dan by om in eigen hûs te bouwen?

Ja, omdat'k dêr nocht oan hie.

En jo koenen 't ek?

Ja. Ja, ik ha noait help eins hân, net. Nee.

Mar jo hawwe alles sels in bytsje útdoktere.

Ja, alles sels útdokterje. Dus, ja, dat is my goed ôfgong. Ik ha twa hiele moaie hûzen boud.

En by it twadde hûs, dan witte jo wat jo de earste kear fout dien ha...

Ja, mar by it earste haw ik ek net folle fout dien. Nee, it wienen beide hiele moaie... It earste wie in wenboerderij yn âlde stijl.

Echt mei âlde gieltsjes.

Ja. Mei âlde gieltsjes.

Allegear sels opmitsele.

Ja. Ja. En it twadde ha'k ek wer mei âlde gieltsjes boud, allinnich dat wie wat in oar soart hûs, in bytsje in lúksere. Mar dêr ha'k ek alle stientsjes mei de hân bikt.

Doe hienen jo dus net in echte baan.

Nee.

En doe ha jo gewoan...

Ja, dat ha'k dien.

Jo ha jo eigen hûs boud en sa jo eigen ynkommen...

Genereard. Ja. En myn toenmalige frou stie oan skoalle.

Dus jo hienen in bytsje in achterfang.

Wy hienen in bytsje achterfang, ja. Dat wie ús gelok en sa koe dat. En ja, ik hannele tuskentiids ek altyd noch wol wat en ach, sa koe dat.

Jo binne net ien fan njoggen oant fiif achter in buro.

Oeh, hâld op. Ek net fan njoggen oant fiif yn in fabryk. Dus en no ja, doe binne wy yn 2011? Wat binne wy no? 18? Yn 11 binne wy skieden en no wenje ik yn Aldeberkeap, mei myn freondin.

Ha jo letter, nei it bouwen fan dy hûzen, ek noch wurk hân?

Nee.

Gewoan húsmanne.

Húsmanne. Ja.

Jim hienen ek bern?

Wy hienen twa bern, ja.

En dêr rêden jo ek gewoan mei.

Ja, ja, dêr rêde ik ek gewoan mei. Ja, ik ha alle wurk dien, it hûs en it bouwen en de bern en de skoalle.

Krije jo dan ek faak krityk? Of krityk, opmerkings?

Ja, jo krije wol opmerkings. Jawol.

Raar is dat, want as in frou sa docht...

Dan is it gewoan, normaal. En as in man dat docht, dan is it wat oars, hin?

En hoe ferdedigje jo dat dan.

Ja, eins ha'k wol leard om my net te ferdedigjen. Ach ja, lit se mar prate. Dochs?

Doch dyn plicht en lit de lju mar rabje.

Ja, dêrom. En it is ek faak wol wat ôfgeunst, fansels, hin?

Mar it liket ek eh... flierefluiterich.

Ja.

Wat maklik.

Ja, it liket hiel maklik. Mar dat is it net. En ik hannele der dan ek noch wol in protte by. Ik ha hiel lang yn glês-yn-lead-doarren hannele, âlden.

Dy kochten jo dan by sloperijen?

Dy kocht ik op yn Hollân meastal, by gewoan partikulieren. Mar dat seagen se net, dat ik om healwei seizen yn'e auto stapte en nachts healwei twaën wer thús wie mei myn hannel. En dan wie'k der om sân oere wer ôf foar de bern.

En dat liket dan maklik fertsjinne, mar...

Dat liket hiel maklik fertsjinne, ja. Mar no doch ik eins net folle mear. Ik hannelje wat, mar ja, dat moatst net te bot, eh...

De belêstingtsjinst lêst dizze rubryk ek, haha.

Ja, dat tink ik ek wol, mar se sille it oars ek wol witte, no?

Mar it is net in offisjeel bedriuw, begryp ik.

Nee.

Jo keapje en ferkeapje wolris wat.

Ik keapje en ferkeapje wolris dingen, ja.

En dat mei.

Dat mei. En no ja, der binne wat sinten oerbleaun út'e skieding en dêr libje ik fan. En fierder mei de hannel....

Ha jo dy hûzen ek goed ferkocht?

Ja, dy ha'k hiel goed ferkocht.

Dat is it moaie fan in hûs bouwe, hin?

Dat is super, fansels.

En as jo dan de tiid in bytsje mei ha.

Jaha, dêrom. Yn '87/'88 bin'k mei de earste begûn en dy ha'k yn '95 ferkocht en ja, dat is in geweldige hannel. En dat mei, hin? En dat is belêstingfrij, úteinliks, as jo der safolle jier yn wenje. Dus, dat is wol moai. En no bin'k 61 en ik doch noch wolris wat...

Mar jo rêde jo mei wat jo ha.

Ja, ik rêd my mei wat wy ha en ik bin net sa veeleisend. Dus.

En no fytse jo hjir wat om, of echt mei doel.

Nee, nee, nee, meast om in oere as njoggen stap ik

moarns op 'e fyts as it moai waar is en dan fyts ik myn rûntsje fan in fjirtich, fyftich kilometer elke dei.

Mar jo ha wol in elektryske fyts. Dat falt my dan dochs wat ôf. Foar in jongkeardel fan 61.

Ja, dat sizze se allegear wol, mar oars fytse jo miskien twintich kilometer en no kin'k wat mear fytse. En ik fyts altyd op Eko, op de ekonomyske stand, it swierst, en dat is eins krektlyk as...

Se sizze altyd dat jo der luier fan wurde, hin?

Nee, dat is net sa. Fyn ik net.

Nee?

Nee, oars fytse jo dochs net, ja, dan moatte jo in race-fytser wêze, mar op in gewoane fyts fytse jo net gau tritich kilometer. En ik fyts no ek wolris sechstich, santich. As it moai waar is en ik ha der nocht oan...

Ik ha der gjin erfaring mei, mar it fytst echt in stik makliker?

Jaaah, it fytst gewoan, eh...

Se sizze altyd: jo krije in triuwke yn'e rêch.

Jo krije in hiel lyts triuwke yn'e rêch. En ik fyts altyd 24, 25, gemiddeld fyts ik 22 altiten, dat is in behoarlike snelhyd. En dan fyts ik altyd op it ekonomysk, dus ik kin mei myn akku 140, 150 kilometer fytse.

Dat is in moai ein.

Ja.

En wêr lette jo dan ûnderweis op. Dingen om te ferhanneljen?

Nee, nee, nee, ik geniet gewoan fan de natuer. Ik sjoch om my hinne, ik fyn it prachtich om te fytsen. En ik sjoch no al ferskriklik tsjin'e winter op.

Ja?

Ja, dêr kin'k hiel min oer.

Dan kinne jo ek in camper keapje en nei Spanje ta om te oerwinterjen.

Ik haw in camper, in oldtimer camper, in Opel Blitz, mar dat is dochs net myn ding.

Nee?

Nee, dat falt my dochs wol in lyts bytsje ôf. Ik bin net opgroeid mei kampeare. Ik ha noait kampeard, froeger ek net. Ik ha noait yn in tintsje sliept en no ha'k yn in hite hei in oldtimercamper kocht, fan fyftich jier âld. Hy sjocht der perfekt út, hear, en wy ha der ek al in pear kear mei fuort west. Mar ik leau net dat it ús ding is.

It is 't net.

Nee.

Dus dy komt aanst wer op Marktplaats.nl

Dy komt wer op Marktplaats, ja. En ik ha noch wat oldtimers, ja. Ik bin gek op oldtimers.

Echt âlde auto's?

Echt âlde auto's.

En binne dat dan dy hiele antike, of gewoan jierren fyftich.

Jierren fyftich, sechstich auto's. Ik haw in Amerikaan, in AMC Rambler, en ik ha noch in Renault 10, en no ja dy Opel Blitz, dy is fyftich jier âld, dat is ek in hiel moaie auto. En sa ha'k wol folle mear hân.

Jo dogge wat jo leuk fine.

Ik doch wat ik leuk fyn, ja. En ik kin gjin buitensporige dingen dwaan. Asto in bytsje in âlde Porsche keapest, dan bist 40 tot 100.000 euro kwyt, of mear. Ik keapje auto's dy't ik sels moai fyn.

En dan ek opknappers?

No, eins net. Ik wol der wol wat oan dwaan, mar eh...

Se moatte ride.

Se moatte ride en se moatte eins goed wêze. Dat ha'k it leaust.

Net sels stikken ynlaskje, plamuere en spuitsje.

Nee, lit in oar dat mar dwaan, dat is better dan it sels dwaan.

Mar dêrmei kinne jo wol in protte jild fertsjinje, as jo dat in bytsje knap kinne.

Ja, as jo dat in bytsje knap kinne wol, mar dat ha'k net.

Mar jo koenen ek net in hûs bouwe, en dat ha jo ek dien.

Dat ha'k ek dien, ja, en dat wie net sa moeilik. Mar fan dat laskjen kinne jo laskeagen krije en dat soart dingen en dan moatte jo ûnder de auto lizze en oh, dêr wurde jo stiif fan. Dat moat mar net. Ik keapje se leaver as oaren dat goed dien ha.

Jo dogge my tinken oan Pippie Langkous: ik ha't noch noait dien, dus ik tink dat ik it wol kin.

Ja.

Mar oan’e oare kant ek: as ik der gjin sin oan ha, dan doch ik it ek net.

Ja, dat doch ik net. Nee, nee.

Bytsje in frijbuiter.

Ja, ik bin wol in bytsje in frijbuiter, dat sit yn ús famylje.

Ja.

Ja, dat tink ik wol.

Ha jo dêr mear foarbylden fan?

No, frijbuiter, wy binne allegear wol wat... net by in baas. Myn broer hat hjir in kachelbedriuw, Janus Kachels, myn oare broer dy hat in interieurbetimmeringsbedriuw. Myn oare broer dy is al overleden, mar dy hie in oannimmersbedriuw.

Hoe âld wie dy, doe't er weirekke?

Dy wie 62 noch mar.

Is dat ek eng foar jo? Jo binne no 61.

Jaah, jaah, no ja, it is al wer in jier as tsien lyn, dat er overleden is.

Steane jo dêr noch wolris by stil, of net.

Nee, ik stean net stil by de dea.

Jo lykje my oars wol ien dy’t libbet mei it idee, it kin sa ôfrûn wêze.

Ja, mar dêr moatte jo net oer prakkiseare. Want as it sa is, dan is it sa.

Leef je leven als je laatste dag.

Ja. Geniet fan hjoed, moarn sjogge wy wol wer wat der komt. En wat der juster wie, dat kin ús neat mear skele. Wy kinne der noch wolris oan tinke hoe gesellich as it doe wie, mar wy libje hjoed. En wy binne hjoed te fytsen.