Oer de Brêge | ‘Tanksij rollator mear sosjale kontakten’

Redacteur Fokke Wester ontmoet op de Hoofdbrug van Gorredijk Roelof Kluitenberg (78) uit Gorredijk.

De namme Kluitenberg haw ik noch noait earder heard, wêr komt dy wei?

Nou, oarspronklik komt it leau’k fan Scherpenzeel, dy kanten út, mar myn oerpake en dy binne froeger mei de turfûntginning yn Beets telâne kaam.

Dat wie echt ien fan dy útbuite arbeiders.

Ja! Just, just, just. Doe binne se earst nei Beets gien en letter binne se yn’e Gordyk kaam en yn Koartsweagen. En no bin ik de ienichste Kluitenberg noch yn’e Gordyk. Myn lêste broer dy’t hjir wenne, dy wennet no yn Hearrenfean, dus Kluitenbergen binne der yn de Gordyk net folle mear.

Komt de namme Kluitenberg ek fan de feanterij?

Dat doar ik net te sizzen. Der is ek noch in doarpke, of in streek, dêr flakby Blokzijl dy kanten út, dat hjit Kluitenberg. Mar oft dat dêr weikomt, safier gean ik net mear.

Ha jo de ferhalen ek heard fan jo pake, dat dy yn de feanterij wurke?

Nee, nee, no ja, wolris dat se it ôfgryslike dreech hân ha froeger. En ja, earmoede. En dat ha’k ek noch wol meimakke, hear, thús wol. Mei myn heit en mem wol, hear.

Wat die jo heit foar wurk?

Myn heit hat fan alles wol dien. Hy hat boere-arbeider west, en hy hat op it fabryk wurke, fan alles dien.

Jo binne 78, dus fan 1940.

Ja, 10 febrewaris 1940.

Krekt foar de oarloch.

Ja, ik wit der noch in bytsje fan.

Ja? Wat witte jo noch.

Ik wit noch dat se de brêge hjir springe litten ha.

Dat wie yn april 1945.

Ja. Wy wennen froeger hjirre, ast hjir in steechje yn giest, de Bamboesteech, seinen se froeger, no de Lijnbaan. Dat wie froeger de Bamboesteech, want der stie in berneweinfabryk, dy makke dus berneweinen fan bamboe en rieten meubels, letter ha se ek noch wol gewoane berneweinen makke. Mar dêr ha wy earst wenne en dêr leinen stikken izer, dy wienen hjir oerhinnne flein en dy leinen by ús achter hûs.

Doe wienen jo fiif, dus dat kin bêstris jo âldste herinnering wêze.

Ja, en ik wit noch, dat op it kantoar fan dy fabryk fan Jonkers, dat dêr brânbommen op fallen wienen. Dat dat yn brân stie.

Dat wie noch earder.

Ja. En ik wit dus nei de oarloch dat de NSB’ers, Van der Vegt en sa, dat dy fuortbrocht waarden. Op’e tram. En dat dy ôffierd waarden. Van der Vegt wie de hoofdman hjir fan de NSB, mar dat wol net sizze dat dy man altyd ferkeard wie, hear, echt net, want ik bedoel mar, hy hat ek wol dingen dien en troch de fingers sjoen. Hin? Want ik hie in buorman dy lei altyd op’e grûn yn’e oarlochstiid en dy hearde nei de Ingelske sender en dy joech in bledsje út. En op in gegeven momint giet de doar iepen fan de gong en ja, dêr stiet Van der Vegt. Van Sinderen, sei er, dat wie ús buorman dan, jo ljocht straalt út hear! Syn gerdinen wienen net goed ticht, no? En doe gie er wer fuort en Van Sinderen wie deabenaud, dus dy hat in skoftsje fuort west, mar hy hat der noait wat fan makke.

Net ien is hielendal swart of hielendal wyt, hin?

Nee, dêrom, dêrom. Wy ha ús gebreken ek, sis ik altyd. Mar ik bin net ien dy’t de saak besodemiterje sil. Sa bin ik net.

Wat ha jo dien foar wurk?

Ik haw earst trettjin jier by Stork wurke, Stork Volma froeger.

Wat dienen jo dêr?

Dêr ha’k fan alles dien. Dêr ha’k draaier west en ik ha lasser west. Wy makken dêr spul foar de suvelyndustry, foar de bûterfabriken. Poeiertorens en kondensors en dat spul makken wy dêr. Mar doe tocht ik, as ik myn hiele libben op it fabryk wêze moat, tusken dy fjouwer muorren, no, dat hoopje ik dochs net. No hie’k in buorman, dy wie by de post. Doe wie’k al troud, hear. En doe kwaam ik in kear út it fabryk wei, doe sei’k tsjin dy man: oh, wat ha dy postboades in moai libben, net? Lizze hjir mei de bleate bealch yn’e sinne en ik kom smoarch en beswit út’e fabryk wei. No, doe sei er: wolst der ek by? No, ik sei: dat liket my wol moai ta. Mar ik sei it eins mei in gekke bek. Mar afijn, fjirtjin dagen letter kaam er by my. Hy seit: ik ha eefkes mei de baas praat. Der moatte aanst twa by komme, do moatst mar eefkes sollisiteare. Yn de Woudklank komt in advertinsje, dat der twa frege wurde. No, doe hie ik dus in kroade.

Ja, en jo wienen de advertinsje foar.

Nee, ik ha de advertinsje earst ôfwachte. No, doe haw ik sollisiteard. Mar doe moast ik keurd wurde en dat wie in probleem. Want ik bin yn militêre tsjinst ôfkeurd, dus dat wie moeilik, no? Want ja, hoe komt dat.

Wêr wienen jo op ôfkeurd?

Ik ha jeugdreuma hân, doe. Ik ha njoggen moanne yn it militêre hospitaal lein.

Dy jeugdreuma kaam yn tsjinst werom?

Nee, dêr ha’k it oprûn.

Oh, ik tocht jeugdreuma is wat fan bern.

Ja, ik wie njoggentjin jier. En dat neamden se akute jeugdreuma.

Hoe rinne jo soks op?

Ja, dat kin troch in ûntsteking komme, hin? Ik wit wol, ik ha foardat’k dat krige keelontsteking hân. Mar ja, ik lei yn Roermond, en ik woe fansels yn it wykein nei hûs. Ja, dan sette jo troch. Ik tink dat it dêrtroch kaam is.

En doe ha jo jo hiele tiid as soldaat...

Ja, ik ha trije moanne tsjinst dien en njoggen moanne op bêd lein, sis mar. Mar ja, doe moast ik dus wer keurd wurde en doe moast ik nei Ljouwert ta. Earst sa keure. Doe hie myn húsarts foar my it formulier ynfuld, en dy hie der net op set fan reuma, mar dy hie der op set: verspringende gewrichtsklachten. En doe sei dy dokter dêr: wat betekent dat, dat ha jo sels net ynfuld. Nee, ik sei: dat hat myn húsarts dien, want ik wist ek alle syktes net dy’t ik hân, hie, no? Oh, hy seit: sa’t it no liket, kinne wy neat fine, mar ik wol jo dochs noch eefkes nei it sikehûs ha, yn Ljouwert. Dat moat dochs noch mar eefkes dêr ek neisjoen wurde. Mar dêr koenen se ek neat fine. Hy sei: dan keur ik jo foarlopich foar in jier goed. Doarre jo dat oan? No hienen se by Stork sein: as it dy net befalt, dan kinst hjir wol wer werom komme.

Dat wie in frij feilige sitewaasje, dus.

Ja, dus ik sei: ik nim it oan. Doe wie it jier noch net om en doe moast ik der wer komme. Doe ha se my wer keurd. No, hy seit: wy kinne neat fine.

Jo ha der ek gjin hinder fan oerhâlden, fan dy reuma?

Jawol, want ik ha der no, dat blykte letter, achterôf, dat ha se my noait ferteld, ik ha hjir op it boarst in apparaatsje sitten...

In pacemaker...

Nee, dat is net in pacemaker, dat is in ICD, dat is in defibrillator. Sjoch, as ik in hertstilstân krije soe, dan krij ik in skok. Dan moat er wer begjinne, no?

En gebeurt dat faak?

Ik haw it noch net ien kear meimakke. Gelokkich net. Ik moat wol twa kear yn’t jier nei Ljouwert om dat ding te kontrolearen.

Mar jo rinne wol mei in rollator.

Ja, mar dat hat wer in oare oarsaak. Ik ha ferstopte bloedvaten yn de skonken, dus ik rûn net mear. Mar sjoch, dy beskadiging dy’t ik oan it hert ha, blykt heechstwierskynlik te kommen fan dy reuma dy’t ik froeger hân ha.

Aha!

Want ik haw in litteken op it hert sitten. Sjoch, ik haw in hiel ûnregelmjittige herstslach. Dat komt heechst wierskynlik dêrfan.

Jo ha al dy tiid by de post wurke, fierder?

Ja, ja, ik ha 38 jier by de post west. Nee 35 jier. Ik ha meiïnoar 48 jier wurke.

En dat wie altyd yn’e Gordyk?

Ja. Jaaah, yn’e Gordyk? Ik ha ek eh... Tynje, Lippenhuzen, Himrik. En ik haw op de postauto sitten, nei Ljouwert ta, sneintejûn yn Ljouwert te sortearen. Dan kamen wy moandeitenacht thús en dan namen wy it spul mei. En ik gong oeral hinne, buslichte, no? Gordyk, mar ek Appelskea, Zorgvlied, Haulerwyk, dêr gongen wy dan by lâns.

Mar jo sutelen it dus ek út, sadat de lokale postboades it fierder ferdiele koenen.

Ja, dat ek. En wy hienen froeger ek... Sjoch, de postboaden fan no tsjintwurdich, dat is neat mear.

Nee?

Neeeeh, wy hienen froeger, no, wy wienen eins in ridend postkantoar, hin? Postsegels, briefkaarten, wy betellen de âlde minsken de AOW út. Sjoch, en dy minsken hienen dan de rekkeningen fan it gas en elektrysk, en dat moasten se dan wer betelje fan dy AOW.

En dat koe ek wer by jo.

Ja, dat naam ik dan wer mei. Dat moasten wy dan yn twafâld ynfulle, mei in karbonpapierke dertusken, en dan moast ik it hjir op kantoar wer ôfrekkenje, no? Mar dat wie in moai libben. Wy sieten soms wol in oere by minsken.

Mar jo rûnen dus ek mei in bûs fol jild om.

Jaseker, jaseker, dat dienen wy ek.

En noait benaud west.

Nee, nee. Mar dat hiest froeger mei it molkjild ek, hin? Dy minsken dienen gewoan it molkjild yn’e bus, en dy bussen stienen foar oan de dyk. Dat waard der net úthelle. Nee, dat koe.

Jo bringe har it jild, jo betelje harren rekkens, jo wurde dus ek yn fertrouwen naam.

En jo krije ris in briefke mei foar de krudenier. Besoargje dit mar eefkes by de krudenier, dan bringt dy de boadskipen wol. Sokke dingen dienen jo dan.

Hearst wolris dat minsken soks misse. Want der is hielendal gjin kontakt mear. Alles giet fia de bank.

Ja, en dat is al begûn doe’t dy griene bakjes kamen by de dyk.

Dy brievebussen.

Ja, doe waard it al minder. No, doe wie de moaiïchheid der ôf. En ja, sa’t it no is, dy minsken bringe noch wat folders rûn.

Alles giet no oer de mail.

Ja, ik nim it sels ek, ik bedoel mar, wy krije gjin post mear, alles giet fia de kompjûter.

Jo maile sels ek.

Nee, ikke net, myn frou wol. Myn frou is der hartstikke goed yn. Ikke net, hear.

Mar jo fermeitsje jo noch wol.

Ik fermeitsje my hartstikkene bêst. En no rin ik mei dat ding, en ik hoopje dat ik der wer in kear sûnder kin. Dat is de bedoeling wol.

Ja? Dit is bedoeld as tydlik.

Ja, it is de bedoeling dat dy bloedtafier wer goed wurdt.

Moat it opereard wurde?

Nee, dat kin net.

Mar jo hoopje dat it fansels oerbettert.

Ja. Sy tinke dat as ik... hoe mear as ik rin, dan nimme de haarvaten it oer fan dy grutte vaten en dan wurdt it steeds better.

Jo moatte it echt traine.

Ja, jo moatte echt rinne. Sjoch, ik gean ek twa kear yn’e wike nei de fysio-therapeut. Mar dy sei: as jo thús net oefenje, dan hoege jo hjir ek net te kommen. En no woe ik earst net achter dat ding, want ach, dêr skamme ik my eins wat foar. Ik sei: aaah, dêr wol ik noch net achter.

Mar sûnder kinne jo noch wol gewoan rinne?

No, miskien oan myn dochter ta, de juwelier, mar dan moat’k healwei eefkes stean. Mei dit ding kin ik wol in kilometer rinne.

Jo hawwe him wol echt noadich.

Ja, echt wol. It sit miskien ek wol tusken de earen, hear, ik wit it net.

No, it jout wol steun, fansels.

Ja, dêrom. En de sekerheid dat ik sels wol wer thúskomme kin. Witst wol? No ha’k dit foardiel wol, en dat sis ik wol faker, as ik op’e fyts troch de Gordyk gean, dan is’t hoi en dan fyts ik troch. No mei dit ding tref ik ien, krekt as no mei dy, mar oars ek wolris ien en en dan hast eefkes in praatsje. Dus de sosjale kontakten binne wer folle better wurden.

Troch dy rollator.

Troch dy rollator, troch it rinnen, en dan stoppest werris eefkes.

Moai, no, ik hoopje dat de fuotten oerbetterje.

Ja, dat wurdt fêst wol better, juh.