Oer de Brêge | ‘Pluk de dei en pluk it libben’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Klaas Helffrich (63) uit Terwispel.

Jo binne famylje fan dy beroemde keatsers?

It seit my hielendal niks, mar it soe mar sa wêze kinne. Helffrich is in hiele, hiele âlde namme. Want myn heit hat in omke, en dy hat it útsocht oant 750.

750? Dat is it fierste wat ik oait heard ha foar in stambeam.

Ja.

En wêr komme jim dan wei?

Hongarije. Ja, Roemenië, Hongarije, op'e râne dêrfan.

Is dêr safolle fan fêstlein dat it allegearre te trasearen is?

Ja. Famyljewapen en alles.

Soa! Ek noch fan adel?

Dêr witte wy neat fan, it yntersseart my ek net.

Mar jo ha wol alles op papier stean.

Nee, ikke net, mar de fotograaf út Easterwâlde wei, dy hat alles útsocht.

En dat hat er hielendal oant yn Hongarije útsocht.

Ja, dêr sa'n bytsje. It lêste moast er nei Roemenië ta, hie'k begrepen, mar foar de rest wit ik dat net.

En jim famylje is letter hjirhinne kaam.

Ja, hiel stiekumwei troch Dútslân hinne.

Helffrich, dat is Dútsk?

Nee, dat komt dêr echt wol wei, hear, fan de Roemeenske kant ôf.

En hoe lang wennet jim famylje dan yn Nederlân?

Ik soe't net witte, dat is ek al in moai lange ruk. Ik tink dat wy wol sân generaasjes werom moatte, dat it fan Dútslân kaam is. Ergens begjin 1800, haw ik begrepen. De namme Helffrich bestie doe al.

Mar it ynteresseart jo net safolle dat jo alles echt op papier ha wolle.

Nee, dat kin my hielendal neat skele, miskien binne der wol oaren, mar ja. Wy ha wol it ien of't oare, mar dat stiet yn'e kompjûter wol hoe en wat. As der bern binne, miskien de dochter fan myn soan, dat dy seit: no, dat liket my wol leuk, dan ha se in hiel ein om dat út te sykjen.

Wêr binne jo geboaren.

Himrik.

Wat die jo heit?

Myn heit wie keuterboerke en letter is er omskoald en doe is er metselaar wurden.

En wat ha jo dien?

Ik ha earst ek yn'e bou sitten en ik ha fan myn hobby myn berop makke en dat is boatsjes. Skilderje, timmerje.

Jo meitsje ek sels boatsjes.

Ik ha se ek sels makke. Ik doch it net mear. Ik haw in auto-immuunsykte hân. In dikke twintich, ja, fiifentwintich jier lyn ha 'k hiel bot siik west. Ik koe hielendal net mear tille.

Doe wienen jo krapoan fjirtich.

Ja, krap fjirtich. En doe haw ik dusdanich yn de lappenmand lein, de frou hat twa jier mei my troch it hûs rûn. Want ik koe eins hielendal neat. Ik ha twa-, trijenfyftich kilo west. Dus, dan moatte jo wol hiel fier weikomme.

Ja, dan binne jo wol hiel fier fuort. Wat foar sykte wie dat?

In Polyserositus.

Okee, ik sil it thús eefkes Googleje.

In afweersykte.

Hoe komme jo oan soks? Is it in firus of in baktearje?

Dat witte se noch steeds net.

Je kinne it samar oprinne.

Jo kinne it samar oprinne. Se witte noch steeds net wat de oarsaak is. Der komme wol steeds mear Nederlanners dy't it hawwe. Want doe't ik it krige rûnen der noch gjin 400 rûn. Wat dat oangiet haw ik strontmazzel hân.

En it is al fiifentwintich jier lyn dat jo it hienen.

Ja, ik ha bijna njoggen jier oan de immunoglobine sitten, oftewol it ôfwearsysteem fan in oar. En dat hat my der stiekem wer boppe-op helle. Ik ha der in moai skoft foar nei Amsterdam reizige. Dy frou hat ek hiel earlik sein: meneer Helffrich, ik hoopje dat ik wat foar jo betekenje kin, mar ik sil fuort hiel earlik wêze. Der is in tredde, dat geneest, dy sjogge wy noait wer. Der is in tredde, dat bliuwt siik, dêr hear ik dus by. En der is in tredde, dat glipt my troch de fingers en ik begryp noch steeds net werom.

Dy geane gewoan dea.

Ja.

En hoe lang kin soks duorje, dat minsken weireitsje?

Dat is hiel wikseljend. Want do fretst dy fan binnen ge-woan op. Al it spierweefsel giet fuort. No ja, dyn hartspier is wol hiel sterk, mar op in gegeven momint hâldt dat ek op.

Echt alle spieren wurde oanfretten.

Ja, ik bin op en top sportman west, doe't ik it krige. Ik siet by Hilbert yn'e klasse en ha wol mei dy mannen traind. Ik die oan reedriden, hurdrinnen, fytsen.

En dan bist op in stuit noch mar trijenfyftich kilo. Dan binne alle spieren dus fuort.

Ja, ja, ja, ja. Fetweefsel hie'k net en dat hat myn gelok west. Oars hie'k hjir net mear west.

Is dat sa?

Ja, want dat fet, dat moatte jo tille. En jo moatte jo sels yn beweging hâlde. As jo libje wolle, dan moatte jo yn beweging. As jo achter de geraniums sitten geane, en jo binne net al te fit, dan witte jo wat der gebeurt.

Dan giet it dus hiel hurd.

Dan giet it hiel hurd. Dat is by elkenien sa.

Mar jo ha dus bloed krigen fan in oar, begryp ik...

Neehee, it ôfwearsysteem. Dat filterje se út it bloed. Dat binne sear djoere ynfúskes, sear, sear djoer. Letter koenen se it chemysk meitsje, mar doe noch net.

Mar dat kin fan ferskillende donoaren wêze?

Ja.

En troch dy ynfuzen ha se jo ôfwearsysteem stadichoan wer opboud.

Ja.

En hoe lang binne jo no wer sûn?

Ach, sûn wurd ik noait wer. Ik bin en bliuw siik. Yn bepaalde dingen bin ik hiel kwetsber. Maklik genôch. It giet de lêste jierren hiel knap, ik ha no fan't jier in hiel knap jier. Mar de ûntlêsting, dat is it grutste probleem. Want ik bliuw in pretnisonbrûker, en dat reageart dêr blykber op.

Mar jo sjogge der wol sûn út, fierder.

Ja, ik bin ek sear sûn. Ik bin fan't jier ferskriklik sterk. Noch in pear wiken, dan mei'k it NK sile. En ik hoopje dat'k noch in goeie bemanning fyn. Want myn eigen maatsje, dy kin helaas net. Ik fyn dat wol ferrekte jammer, mar it is net oars.

Jo wurkje al lang net mear?

Nee, ik wurkje al hiel lang net mear.

Al fanôf dat jo siik wienen.

Nee, nee, want ik hie in eigen bedriuw. Ik ha earst yn Jirnsum sitten en letter bin ik nei Hearrenfean ta gien. Ik ha de soan oplieden, mei syn skoalmaat, en dat ha'k noch in jier as fyftjin folhâlden. Mar foar in jier as wat lyn doe wie de weareld sa slecht yn de boatsjes, doe haw ik sein: ik hoech net, ik sykje foar jim beiden in plakje en ik set der in streek ûnder.

En jo besykje no de dagen sa normaal mooglik troch te kommen.

Ik bin noch regelmjittich mei myn hobby bezig, boatsjes.

Skilderje. En bouwe sels ek?

Nee, ik bou net mear, mar ik skilderje noch regelmjittich, salang as ik mar dagen net op de knibbels hoech te wurkjen. Want dan kom ik net mear oerein.

Jo binne noch altyd pasjint, sizze jo, is der ek in driging dat it wer ferhevigt. Of is it no safier fuort...

Folslein ûnbekind.

Dat liket my hiel ûnseker.

Ja, ja, ja. Dus pluk de dei en geniet fan it libben sa fier as jo it mar krije kinne.

Dat is in hiel goed boadskip.

Seker.

Jo fertelden dat jo frou mei jo troch it hûs rûn. Dy hat dus wol in hiel grutte steun west.

Ja, ja, ja, ja, want oars hie ik.... Moarns koe ik my wol rêde, mar middeis doarde sy de doar net út, want se wist: ik koe net mear by de wc komme. As sy my net steunde, dan kaam ik der wol, mar ik kaam net werom. Ik koe net wer opstean.

Wurde jo dan ek hiel moedeloas, yn sa'n sitewaasje?

As jo dat wurde, dan bejout de geast jo en dan binne jo ek fuort.

Jo moatte optimistysk

bliuwe.

Jo moatte altyd optimistysk bliuwe. En bliid. En foarútsjen, fan wat kin ik noch. No, doe't ik in hiel lyts bytsje opknapt bin, doe ha'k echt, werklik wier, nei de oare kant fan'e weareld west. Wy seinen: dizze kâns ha wy, wy ha noch in pear sinten, wat let ús. Doe ha wy noch in lytse moanne yn Nij Seelân west. No, en dat wie sa moai, ongelooflik, ongelooflik.

Mar dat koe ûndanks jo sykte wol.

Ja, want sjoch, doe wienen wy al in skoftsje fierder. Ik wie noch lang net genezen, mar it hat wol in knikkert op'e kant west dat it koe, want ja, ik moast eins in moanne oan it ynfús. No ha wy dat in dei of fjouwer opskood.

En dêrnei koenen jo in moanne nei Nij Seelân.

Ja, krapoan in moanne. Ik hie der ek wol seis wiken wêze wollen, mar ja, klear, dat wie net oars. Wy ha alles sjen kinnen wat wy graach sjen woenen. Om ferkearstechnyske reden, jo moatte dat ek allegear lêze en begripe, ha wy in pear dinkjes mist. Wy binne der flak by del riden, mar wy ha't net sjoen.

Ach, dat is sneu.

Mar wy ha wol dingen sjoen, dat is ongelooflik moai. As jo ûnder yn Nij Seelân binne en jo geane sa'n Sound yn, sa neame se dat dêr, sa'n fjord. En jo farre moarns betiid en dan geane jo tusken dy hege bergen troch. En dan sjogge jo dy snietoppen, en dan is it krekt as op in tekenfiilmke, as Donar, mei sa'n hiel lyts wolkje, dêr omhinne sweeft. Ik sei: Donar is dêr boppe. As wie't der omhinne skildere, sa'n hiel lyts wolkje.

Ik sjoch jo noch genietsjen.

Ah, jonge, dat is sa yts unyks. Dy reis duorret om en nabij in oere en tsien menuten. Wy binne der hielendal út fard en dêr leinen allegear dikke seeliuwen, dus ja, der wienen in protte dy moasten dat op'e foto ha. Net dat dat my no sa ynteressearde, mar ja, ider syn smaak. En wy binne wer werom fard. It wie sok striemin waar, ik ha in foto fan myn frou makke, ik tink dat se wol twintich graden foar-oer stiet yn'e wyn op. Werklik wier. Donar wie dus echt wol oan't wurk, beestachtich waar. Unfoarstelber, it is net te leauwen. Sa'n omslach. En kâld! Wylst wy yn boesgroentsje en koarte broek fuortgien wienen. En kâld dat wy wienen doe't wy wer yn'e bus kamen. Wy yn dy bus de kachel oan en ride mei dat ding. No ja, as jo der hinne geane komme jo troch dy bergen en as jo werom geane moatte jo wer troch dy bergen. In hiele lange nauwe tunnel fan hast twa kilometer. Jo komme troch dy tunnel en dan laitsje de papegaaien jo út, want dy sitte dêr yn'e sinne. No, wolsto net witte hoe hurd ik dy ramen iepen hie, it swit stie my op'e kop. No, dat sille wy noait wer ferjitte.

Dat wie ien fan de moaiste dingen yn jo libben.

No ja, wat ik dêr belibbe haw, dat is sa unyk!

ek genietsje no fan in fytstochtsje nei Terwispel.

Ja, ja, ja, ja. Ik sis pluk de dei en pluk it libben. Want ja, moarn is it foarby. Der binne ek in hiele protte, dy ha in eigen bedriuwke en altyd mar wurkje. Ik moast ek winterdeis myn sinten fertsjinje, mar as it simmerfakânsje wie, en dy bern hienen frij, dan prebearre ik fjouwer, fiif wiken te tikken, want ja, dan kinne jo fuort. Dan kinne jo der tenminste fan geniete.

Hoefolle bern ha jim trouwens?

Wy ha twa, in jonkje en in famke. Wenje beide yn it doarp, yn Terwispel, dus ja, wat wolle wy noch mear.

Ek al pakesizzers?

Ja. Dy ha fan't simmer moai mei de Sneekweek meisyld. Prachtich moai.

Oh, sy sile sels ek. Jo ha de genen wol goed trochjûn.

Jaah, wy moatte allegear sile, myn skoansoan dat is in Vrijheidssiler, ik bin in Vrijheidsiler, de soan...

Vrijheidssiler...

Ja, Vrijheid.

En oer fjirtjin dagen dan sile jo foar it Nederlânsk kampioenskip. Ha jo alris kampioen west?

Nee, nee, in pear kear fyfde, dus ik ha der wol in pear kear wat tichterby west. Ja, moatst ek in bytsje gelok ha. By de Sneekweek ha'k goed fard, en ja, dan komt de wyn fan achteren en dêr is net tsjin te fechten. Do op de iene kant fan de mar en sy op de oare kant, dat is in ûnmooglik yts. Mar ja. Klear.