Oer de Brêge | Sitte is it nije roken

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk de collega’s Eelke Veenstra (31) uit Havelte en Jelmer van der Paauw (32) uit Drachten, die beiden werken bij de Rabobank in Gorredijk.

Wurkje jim dêr al lang?

Eelke: ja, yn dy sin, ik wurkje njoggen jier by de bank en op dizze festiging no, no wat is’t? In lyts jier ûngefear?

Hat it te meitsjen mei in reorganisaasje of sa, datst ferkasse moast.

Eelke: Nee, just mear tichter by de merk. Der sit no in fêste klub hjir yn’e Gordyk, om de klanten mei betrekking ta hypotheek, fermogen en belizzen te betsjinjen, sis mar.

Banken ha tsjintwurdich net mear sa bot in publyksfunksje, ek gjin baly mear, dus der komme mar in bytsje minsken mear lâns. Dus jim sitte foaral op kantoar te beljen? Of geane jim ek wol by minsken lâns.

Eelke: Ja, kloppet, wy ha in soad telefoanysk kontakt, mar ek ôfspraken, hypotheekgesprekken just wol op’e bank, omdat dat wol faak dingen binne dy’t op de bank plakfine.

Ik ha soms it idee dat de bank in bytsje út it sicht ferdwynt. Minsken geane nei de pinautomaat om jild te heljen of se pinne yn’e winkel. Iksels ha hast noait mear jild yn’e bûse. Ik haw it idee dat it kontakt mei de bank ferlern giet, is dat ek sa?

Eelke: Is dat ek sa, ja, it is oars. Froeger moasten jo nei de bank om bepaalde dingen te regeljen, dat kinne jo no sels regelje. Mar ik tink dat der in soad fraachstikken noch binne wêrfoar’t jo wol kontakt hawwe en ik tink dat de bank op in oare manier kontakt siket mei de minsken.

Jelmer: Ja, wy binne folle mear pro-aktyf. Nei de klant ta, om it fan te foaren al goed te regeljen foar de klant, yn pleats fan...

Jawol, mar ast in hypotheek regelst, dan bist der ek foar tritich jier ôf.

Jelmer: Ja, no ja, dat leit der oan, oft se in rentekontrakt kieze of soksoart dingen, mar dat binne dan wol de spaarsame kontakten dy’t der noch binne. En, no ja, mar in stikje ûnderhâld, ien kear yn de safolle tiid dochs eefkes kontakt mei de klant, witte wat der spilet by de klant. Do sjochst gewoan dat we dêr steeds mear nei ta geane, yn pleats fan: de klant bellet en wy draaie wat de klant graach wol.

Froeger hiest oeral in protte kantoaren, no hast ien sintraal kantoar en miskien noch in kear ergens in loket.

Eelke: No ha wy yn al ús regio’s noch wol in kantoar. Mar merkst gewoan, it oantal inloopklanten is gewoan folle minder, omdat se steeds mear maklike dingen sels dwaan kinne. En op sich, de kontakten dy’t jo dan ha op de bank, dat binne de wat mear útgebreide gesprekken.

En dêr hat it personiel dus ek mear tiid foar. As ik froeger ûnder wurktiid op de bank yn Drachten jild helje woe, dan bellen se nei myn bank yn Oerterp. Ik ha hjir in man, dy wol hûndert gûne ha. Hoe sjocht er der út? Swart hier en in learen jack oan. Ja, dat is goed, jou mar mei, seinen se dan. En dan krige ik hûndert gûne mei. As ik dêr oan tink, dat liket al hast prehistoary.

Eelke: Ja, dat is tsjintwurdich wol hiel oars.

Jelmer: Sterker noch, wy ha net iens fysyk jild mear.

Echt net?

Jelmer: Nee. Allinnich yn de pinautomaat.

Dus ik kin net mear nei binnen rinne en freegje om hûndert euro. Dan sizze jim: gean mar nei bûten om te pinnen.

Eelke: Ja, of minsken dy’t net pinne kinne dy helpe wy der mei, mar it giet allegear wol fia pinnen.

Grappich.

Jelmer: En bestellingen, dy binne der dan noch wol, jildbestellingen. Fierder is it allegear automaat.

Ik ha begrepen dat sels de pin op in stuit ferdwine sil, omdat aanst alles fia de mobyl giet. Ha jim dêr ek idee by?

Eelke: Jo hearre wol steeds mear dat it mei kontaktloas beteljen giet, en op termyn sil miskien de jildautomaat wol ferdwine. Dat leau’k fêst. Hoe lang ha wy noch kontant jild, wa sil’t sizze.

Jelmer: No ja, de grutte banken dy geane al samen op sintrale plakken jildautomaten delsetten, datst net mear ien automaat hast per bank. Dy tendens sil wol steeds fierder gean.

Ik ha lêzen dat yn Afrika, dêr’t se fanâlds net sa’n systeem fan banken ha, mar sa stadichoan wol elkenien in mobyltsje krijt, dat alles dêr no fia de mobyl regele wurdt. De mobyl wurdt dan ek dyn bankrekken.

Eelke: Ja, no ja, dy kant giet it ek steeds mear op. Spraakherkenning yn de app. No ja, dat soart dingen.

Ja, dat ha jim al?

Eelke: Dat sit der oan te kommen.

Dan seist gewoan: Hee Rabo, betelje dy en dy.

Eelke: Ja, dan nimt er dat op en dan kontrolearst it en dan boekt er it oer. Dy kant geane wy wol op.

Dat liket my foaral foar âldere minsken moeilik om oan te wennen.

Eelke: De Rabobank organiseart dêr wol kursussen foar, foar âldere minsken, om internetbankieren te learen, of mei de app, dat soart dingen. Sa gau as se in Ipad ha, dan kinne se de app ek betsjinje.

Jelmer: Net idereen hat sa’n Ipad, dus ha wy ek senioare-adviseurs, dy’t belle wurde kinne.

Jim wurkje hjir op kantoar yn Gordyk, mar jim wurkgebiet is fansels grutter.

Eelke: No ja, Gordyk, Langsweagen, Jubbegea, alle doarpen om dit gebiet hinne, sis mar.

Fine jim dit in leuk plak om te wurkjen? Do komst fan Drachten en do komst fan Havelte.

Eelke: Ik wenje yn Havelte, mar ik kom oarspronklik fan Snits.

Do moatst alle dagen fanút Havelte hjir hinne ride.

Eelke: Ja, mar binnentroch is’t mar in dik heal oere.

Toeristyske route.

Eelke: Ja, moai binnentroch.

Hoe is Gordyk as wurkplak.

Eelke: Prachtich, by’t simmer wat moaier as by’t winter. Mei wat toeristen, en by’t wetter del en sa.

Jim meitsje alle middeis sa’n loopke?

Jelmer: Ja, eefkes sa’n blokje. Meastal sit ik op kantoar Hearrenfean. Mar myn mem komt oarspronklik ek fan Gordyk, en myn beppe wennet hjir noch steeds, dus ik ha ek wol wat mei Gordyk. En ien kear yn de safolle tiid dan waai ik eefkes by de kollega oan yn Gordyk om dêr eefkes te wurkjen. En dan meitsje wy eefkes sa’n blokje.

Dit is in moai plak om te rinnen. Authentyk, âld. Dat hat Drachten net.

Jelmer: Nee, dêr sit gjin sfear.

Nee, minder, oars. Mar dat authentike krijst yn Drachten ek noait wer.

Jelmer: Nee, en dat sit der ek net yn, hin? Yn de minsken. Sjoch, hjir hast de Turfroute, der gebeurt altiten wol wat, en dat hast yn Drachten gewoan minder. De sfear sit der net yn.

It kin der wol hiel gesellich wêze.

Jelmer: Jawol, mar it is gewoan oars. Net te fergelykjen.

 

Is wurkjen by de bank leuk? It soe myn wurk net wêze.

Eelke: Seker.

Wat is der leuk oan?

Eelke: Kontakt mei de minsken.

Jelmer: Ja.

Eelke: Itsij telefoanysk, of op ôfspraak, mar just de Rabobank is ien mienskip, dus wy geane der ek op út as der wat is, mei sponsoring, of sa, wy binne der altyd. Dat is moai, jo steane midden yn it doarp. As der wat spilet dêr’t wy wat yn betekenje kinne, dan dogge wy dat.

Jelmer: Mei de klant meitinke. Krekt eefkes in stapke fierder. No ja, en dêr krije wy no ek de tiid foar. Omdat der minder kontakt is. Dan nimst echt it hiele klantbyld, dat nimst mei. Om der foar de klant it bêst bypassende te betinken. Sadatst de klant dus echt meinimst, foar in goed advys.

Jim binne 32 en 31, dan moatte jim dus noch 36 jier.

Eelke: Dan ha wy noch wol eefkes.

Sjogge jim dat by de bank trochgean?

Jelmer: Ofwachtsje, ik wit net oft de bank dan überhaupt noch bestiet...

As systeem...

Jelmer: As systeem. En dan wit ik net oft ik dêr dan noch wurkje. Want ja, in baan foar it leven is foar ús generaasje al minder fanselssprekkend dan foar kollega’s fan ús dy’t al fjirtich jier by de bank wurkje.

Hast wolris in idee, sa fan dat soe’k graach dwaan wolle.

Jelmer: No, dan mear foar mysels, by foarbyld.

Mar dan wol yn de finansjele tsjinstferliening, of hiel wat oars?

Jelmer: Nee, dan wol echt hiel wat oars. Mear mei de hannen.

Wat dan?

Jelmer: No ja, ik bin handich, dus in eigen klusbedriuw, of, mear dy kant op.

En sjochst dat gebeuren?

Jelmer: Nôh, wit ik net. Ik fyn dit no noch hartstikke leuk, dus no is der gjin needsaak om dat te dwaan.

Nee, mar stel je foar dat der mei in reorganisaasje banen ferlern geane...

Jelmer: Dan soe’k dat wol ûndersykje wolle, ja.

En do?

Eelke: Ja, wat je presys wolle, der binne in soad dingen, ûnderwiis liket my ek wol moai, finansjele tsjinstferliening fyn’k wol moai, mar dat kinne jo op folle mear flakken dwaan.

Do bist echt ien fan de sifers.

Eelke: No, sifers net, it minsklike kontakt, it advisearen, en dat hoecht net sasear by in bank te wêzen.

Sa’n lunchloopke is wol hiel sûn, hin? Eefkes in heal oerke rinne, dan hast yn prinsipe de beweging foar de hiele dei hân.

Eelke: Ja, vitaliteit.

Jelmer: Sitten is it nije roken, hin?

Jim roke allebeide net?

Jelmer: Nee.

Do hast trouwens in wite broek oan, dat mei tsjintwurdich?

Jelmer: Ja, dat kin.

As ik bankmannen sjoch, of kantoarmannen, dan is it eins altyd mei blauwe broeken, brune skuon en ljochtblauwe shirts. It is hast in unifoarm.

Jelmer: No, ja, dat is faak wol sa. Wy ha der sels in kantoar by, dêr heart eins noch wol de strik foar. Mar dat is hjir yn Gordyk net sa.

Eelke: As jo mar represintatyf binne.

Jelmer: Fan’e wike hie’k ek in gesprek, doe sei’k as jim it net slim fine dan doch ik it jaske út. En dat is dan ek gjin probleem.

Mar sa’n klant komt mei dit waar fansels yn koarte broek.

Jelmer: ja, haha, faak wol. Mar soms hast in fergadering mei in groep minsken, dan komt elk yn’t pak. Dan moatsto dy gewoan oanpasse. Jo moatte der wol netsjes by rinne.

Jim ha beide ek in blitse sinnebril. As jim aanst wer op de bank komme dan moat dy fansels fuort ôf.

Eelke: Nee hear. Dizze bril ha’k sels fan de Rabobank krigen.