Epie en Anna al 65 jaar happy

Gorredijk

Epie van der Meer en Anna Hofstra trouwden vandaag precies 65 jaar geleden. ,,Se fregen al hoe’t it waar doe wie, mar ik ha werklik gjin flau idee’’, zegt zij.

Epie van der Meer en Anna Hofstra zijn beiden geboren en getogen in Nij Beets. ,,Wy ha sels by mekoar op skoalle sitte, hy in klasse heger as ik, mar dêr kinne wy mekoar net fan. Ik koe syn suske wol, want dy siet by my yn’e klasse, mar hy is my doe net opfallen’’, vertelt zij lachend. ,,Wy wennen op’e hoeke en sy wennen by de brêge, twa kilometer fierder, dan trefst mekoar as bern ek net. Pas letter, doe’t wy op dûnsjen sieten, doe krigen wy kunde oan mekoar. It skeelt ast fernimst datst goed mei mekoar dûnsje kinst. En doe’t er my thúsbrocht is it oanrekke.’’

Lytse Anna

Epie heet eigenlijk Eabele. ,,Mar dat sille se wol te lang fûn ha doe’t er lyts wie, dus doe makken se der Epie fan. En dat is altyd sa bleaun. Mei myn namme is’t ek wat nuver. Ik hie trije susters en de âldste hiet ek al fan Anna, dus doe’t ik kaam seinen se Grutte Anna en Lytse Anna. Mar letter wie ik in kop grutter as har. Sy wie neamd nei ús mem har mem en doe’t ik kaam wie de suster fan ús heit oan’e beurt om te ferneamen en dy hiet Anna Sofia. Ik ha wolris tsjin ús mem sein: hie my dan Sofie neamd. Mar ja, sa gie soks doe.’’

Het stel trouwde jong en al na een jaar verkering. Het oudste kind, een zoontje, liet dan ook niet lang op zich wachten. ,,Letter ha wy ek noch in famke krigen. Wy ha no fjouwer pake- en beppesizzers en fiif oerbeppesizzers. Gelokkich is alles goed kaam, mar yn it begjin liket it fansels ferskriklik. Dan tinkst dat de wrâld hast fergiet, mar no binne wy al wer 65 jier fierder. In hoop komme dêr net oan ta, foaral tsjinstwurdich net.’’

Deljaan

De echtelieden zijn beiden nog goed fit en vitaal, vertelt Anna van der Meer. ,,Al ha wy fansels ús kwaaltsjes wol. Sa haw ik lêst fan copd, dus dit waar kin ik net sa hiel bêst oer. It bêste is om dy mar gewoan wat del te jaan en dêr ha wy no ek wol de tiid en de rûmte foar. Wy meie graach bûten sitte en as it ús te waarm wurdt, geane wy nei binnen. Mar as it knap waar is geane wy ek noch wolris fuort te fytsen.’’

Beiden vinden ze lezen en puzzelen leuk, ze zitten op jeu de boules en gaan regelmatig naar de gymnastiek. ,,Wy rêde ús hjir thús ek noch sels en Epie docht syn eigen tún noch. Hy hat earst by syn heit yn de bakkerij wurke, mar dat wie’t foar him dochs net. Doe hat er in pear jier by Koopman op de frachtwein riden en letter is er by de Spar kaam as sjauffeur. Hy sit no al wer 24 jier yn de Vut. Wat dat oangiet ha wy krekt de goeie tiid meimakke, want no hie er noch jierren trochwurkje moatten.’’

Borreltsje

Vanochtend kwam burgemeester Ellen van Selm langs om de jubilarissen namens de gemeente Opsterland te feliciteren. Als cadeau bracht ze een kopie mee van de huwelijksakte. ,,Nee, dy kaam my net bekend foar, fan dy hiele dei wit ik net safolle mear.’’ Vanmiddag heeft het jubilerende paar samen met de familie en vrienden een groot feest in Café Overwijk in Tijnje. ,,Gesellich in borreltsje mei mekoar en in lopend buffet. Wy ha der prachtich waar by, dus fansels is der ek iis.’’

Foto’s Henk Stoelwinder