Oer de Brêge | ‘Ik kin noch alle kanten út’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Iris Postma uit Gorredijk (17). De student aan het Friesland College heeft vakantie.

Santjin, dat is hiel jong, dan sitst noch op skoalle?

Ja, ik folgje de oplieding manager ondernemer horeca oan it Friesland College. Dat is middelbare hotelskoalle.

Do wolst in eigen kroech ha, of sa.

Eh, nee, dat net. It is gewoan in hiele brede opleiding, dus dêr kinst in hiel soad kanten mei op.

Mar wêrom horeka.

Ik wurke al yn’e horeka doe’t ik dat koas. Ik kaam fan de Havo ôf, no ja, dat koe’k net helje, dus doe bin ik mar dêrhinne gong.

En dat koe sûnder Havo.

Ja, dan kinst sis mar oerstappe. Dus dat is gjin probleem dan. En ja, ik wurke yn de horeka, it is in brede opleiding, dus dat is wêrom’t ik dêr foar koazen hie.

Mar hast dan al in idee watst wurde wolst?

Eh, liket my op sich wol leuk om letter in eigen horekabedrouw te runnen.

In kroechje, of in restaurant, of in snackbar.

Nee, ik soe mear rjochting restaurant, hotelachtich iets gean.

Hasto famylje dy’t soks docht.

Nee, dat net.

Dan wurdt it hiel lêstich dus, want dan moatst in eigen saak keapje, of erve.

Ja, dat kin ek noch. No ja, dat wurdt moeilik dan.

Of trouwe mei in restauranteigner.

Dat kin ek noch, ja. Hahaha.

Mar dat is wol dyn dream, in eigen horekasaak.

Nee... ik tink dat... ik wit net. Ik sjoch it allegear wol in bytsje oankommen, sis mar, stap by stap.

Do makkest dy der net echt drok om.

Ik meitsje my der net hiel erch drok om.

Mar do hast net in dream? Fan dat soe’k graach nochris sjen wolle, dêr soe’k graach hinne wolle, of dat soe’k graach dwaan wolle?

Mwoh, dat is wol lêstich. Ik tink dat ik noch bêst graach wat fan de weareld sjen wolle soe.

Ja.

Eh, mar wol wer werom komme nei Nederlân.

Echt backpacke troch Austraalje, dat soarte fan dingen.

Liket my wol leuk om te dwaan, ja, in kear. Mar Austraalje is no hiel lêstich want se binne dêr folle strenger en sa. Mar yn de rest fan de weareld liket my wol leuk om ris te sjen.

En binne der dan bepaalde dingen dysto graach sjen wolst?

Jawol, echt wol natuerparken en dat soart dingen. Mear eh, ja, stêden fyn’k af en toe leuk, mar ik fyn it toch leuker om te sjen hoe’t kultuer en sa sit. Ik kom krekt fiif moanne fan Ierlân ôf.

Fiif moanne, foar in staazje of sa?

Ja, foar staazje.

Yn in hotel.

Ja. Yn it Cliff House Hotel.

Dat klinkt as yts dat boppe oan’e rotsen hinget.

Ja, dat kloppet. Dat is echt boud op it klif, dus kwa architektuer is it echt wol in lêstich hotel, omdat it echt yn it klif boud wurde moast. Mar it is wol in hiel moai hotel.

Liket my hiel bysûnder, dat neame se dan in unique selling point.

Ja, dat is wol in unique selling point, want se ha dêr 130 keamers en alle keamers dy ha dêr útsicht op see.

Dy hingje ek allegear yn it klif, siz mar. Of stiet it der boppe op.

No ja, do hast, siz mar, sa rint it klif en dan is it der sa ynboud, en de keamers sjogge dan wol út op see. Ja, it is mear ynboud, dan dat it der echt op hinget. Mar it is wol moai.

Rûnst dêr tafallich tsjinoan?

Eh, nee, foar dy fiif moannen staazje koest dan kieze út Nederlân, België en Dútslân, Engelân en Ierlân. En doe haw ik koazen foar Ierlân en dan hast in oantal hotels wêrst út kieze meist. En ik haw doe dat hotel koazen.

En wêrom hast foar Ierlân koazen.

Omdat Ierlân dochs wol it fierst fuort is.

Hahaha.

Dus it makket it lêstich om byfoarbyld nei hûs ta te gean, en ek foar myn Ingelsk wie dat wol goed.

Do woest der echt út.

Jawol, echt wol eefkes sjen hoe’t it dan op mysels is.

En hoe foldie dat?

Op sich wol goed. Jawol. Mar ek wol dingen datst, sis mar, omdatst hjir opgroeid bist, ferlangst wol nei werom.

Fiif moanne, dat is in moai skoft, mar it is wol te oersjen.

It is wol te oersjen, jaseker. De earste wike tinkst fan: soa, noch in hiel soad wiken, mar it fleant echt foarby hear.

En wat learst dan oer dysels.

Learst wat dyn grinzen binne. Wat foar dy belangryk is.

Hoe bedoelst, wat dyn grinzen binne?

Ik tink dochs, asto tegearre mei dyn âlders bist, of sa, dan hast dochs wol dingen, dat hat iederien tink wol, do wolst altyd wol in bytsje oan de eisen fan dyn âlders foldwaan. En dan learst echt wol watst belangryk fynst foar dysels. En watst minder belangryk fynst.

Ja. Dus doesto thúskaamst, doe moast earst eefkes mei jim heit en mem om tafel om te praten oer...

Neee, neee, dat net. Se ha my altyd wol in soad frijhyd jûn, mar ja, it is dochs oars... ja.

Grappich. En yn welk jier sitsto no?

Ik sit no yn it twadde jier.

En hoefolle jier moatst noch?

Ik moat noch ien jier.

En oar jier hast wer in staazje?

Ja, ik ha no aanst sis mar in interne staazje op skoalle, in shiftleaders stage, dan moatst leiding jaan oan bern dy’t dan foar de stúdzje ek yntern op skoalle sitte.

Dat is gewoan yn Ljouwert.

Ja, mar ik ha dan ientsje dat is dan Wellness yn Hearrenfean.

Wellness... dat is op skoalle yn Hearrenfean.

Ja, dat is mei schoonheidswandelingen en sa...

Schoonheidswandelingen?

Eh, behandelingen, haha, sorry. Ja, dus dat sil ik dan ek dwaan.

Okee, leuk. Mar do wolst in restaurant ha, mar dan ek mei soksoarte gedoch der by.

Dat wit ik net. Ehh, nee, dat soe’k noch net witte.

Aaah, do bist 17, do kinst noch alle kanten út.

Ja, ik kin alle kanten út.

Gewoan neat fêstlizze, noch.

Nee, seker net. Dat bin ik ek seker net fan plan.

Gewoan gjin fryndsje nimme.

Ik tink datst mekoar dêr ek wol yn frij litte kinst. Dat hinget in bytsje fan de relaasje ôf.

Mar ast frij bist, dan hast folle mear mooglikheden, natuerlik.

Ja.

Mar goed, soks lit him ek net keare, ast ferlyfd wurdst, dan wurdst ferlyfd.

Ja, presys.