Oer de Brêge |

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de hoofdbrug van Gorredijk Baukje Zandstra-Hijlkema (57) uit Lippenhuizen. Hijlkema, met een ij, met twee stipjes.

Dat komt krekt hear.

Ja, want se sizze altyd wol Hylkema, fansels.

Ja, no ja, dat mei foar in kear. Mar ús heit wie der hiel stipt op. Oh, ik wit noch wol dat wy trouden, myn man en ik, en doe sei dy amtner: Baukje Hylkema, mar ús heit sei direkst: nee, fout, Hijlkema, mei stipkes der op.

Wêr komme jo wei?

Gorredyk.

Jo wenje hjir yn’e Gordyk.

Nee, ik wenje no yn Jonkerslân, mar ik kom fan Gorredyk.

Okee, wêrom wenje jo yn Jonkerslân?

No ja, wy woenen doe trouwe, myn man en ik, en doe wie der ergens in stikje bougrûn. Wy woenen in hûske bouwe sels, en dêr wie tafallich in stikje grûn. Sadwaande binne wy dêr doe...

Jim koenen doe’t jim trouden fuort al in eigen hûs bouwe, dat is lúks foar in jong stel.

Ja, mar dat is hiel wat jierren werom, hin? 36 jier, hast.

Dan hienen jim as jong stel de boel blykber al goed foarinoar, dat jim fuort in hûs bouwe koenen.

Wy binne net te let fan skoalle gien, mei 16, 17, myn man is mei 15 al fan skoalle gong, want dy fûn it learen ferskriklik, dy woe by de boer wurkje en by it leanbedriuw, ja, dan sparrest natuerlik wol. Wy binne troud doe’t wy 21 en 22 wienen en ha mekoar kennen leard doe’t wy 18 wienen, dus dan hast wol in moai spaarboekje mei jild, natuerlik. No ja, en in bytsje hypotheek der by, fansels. Dat wie doe ek al sa. Ja, sa koe dat allegear. Mar wy wenje net mear yn it selde hûs, wy wenje no ergens oars yn Jonkerslân.

Jonkerslân befalt goed?

Ja, bêst, ja. Moai plakje, no? De minsken binne mei me-koar en it nije doarpshûs stiet der no allegear.

Jim ha ek bern?

Ja, trije, twa famkes en noch in jonge.

Dy binne der al út.

Dy binne der al lang út, ja.

En hoe is dat om it nêst leech te hawwen.

No, it is noait leech, mar it is wol noflik. Ik ha no fiif lytsbern, en dy komme dan ek geregeld del, dus ik ha’t noch wol drok.

Jo binne in jonge beppe. Dat moat wol hiel raar wêze, of net.

Ik bin mei 48 beppe wurden, de âldste is no aanst 10.

Fielsty dan ek fuort âlder?

Nee, ikke net, myn man wol, myn man hat it der hiel moeilik mei hân.

Ja?

Oh, dy hie echt... dy hat it der hiel moeilik mei hân dat er pake wurde. En doe waard er ek krekt sawat 50, dus dy hie der echt problemen mei. Nee, ik fyn it wol moai. En noch steeds. Ja. Der binne no fjouwer dy geane nei skoalle, dy komme net sa faak mear, mar de jongste is twaënheal, dy komt noch geregeld.

Wêr wenje dy bern?

Myn iene dochter wennet yn Lippenhuzen, en myn oare dochter wennet yn Donkerbroek en myn soan wennet yn Opende, yn Grins.

Okee, dat is te fytsen.

No, net te fytsen, tenminste, Opende net. Mar dy ha ek noch gjin bern, hear. Dus dêr passe wy net op. Mar myn iene dochter hat se allegear nei skoalle, en de oare hat dus noch ientsje thús. Mar sy binne allegear leaf.

Is dat miskien noch tichterby as bern, of net.

No, dat wit ik eins net. No, dat kin’k net sizze. Bern binne wol echt dyn bern, hin? En dit is wol in bytsje mear ferantwurdlik.

Se binne ek fan in oar.

Ja, ja. Myn iene kleinzoon dat wie echt in huilbaby, dat wie echt ferskriklik, myn dochter wie der hiel faak mei oan. Dus dan belle se my wer, oh mem, ik bin der mei oan, ik wit it net mear. No, mem op it fytske hinne. Dan sei’k: gean do mar mei de hûn te kuierjen, want sy ha ek in hûntsje, ik pas hjir wol op Jens, ik bliuw by him sitten. En dan gong sy der út en bleau ik by it mantsje sitten, eefkes yn de relaxstand. En dan wie se der ek wer.

En dan waard hy ek wer rêstich, of net.

Ja, ja. Dus dêr ha’k wol in bytsje in... ja, ik wol net sizze dat ik it iene lytsbern leaver fyn, hear, dat moatst ek net yn’e krante sette, want dat is écht net sa.

Ik skriuw it op sa ast it seist, datst dat echt net hast.

Nee, dat ha’k net, dat is goed. Alle fiif like leaf, earlik wier. Alle fiif har eigen leuke dingen, har eigen dingen, dat is ek sa, mar omdat ik him yn it begjin safolle, no ja, by my hân ha en mei har, mei ús Trynke, safolle dingen meimakke ha, is it natuerlik wol in bytsje, ja...

Jim ha wat mear meimakke.

Ja, ja. Mar se binne allegear leaf.

Hast ek wurk?

Ik wurkje net mear, nee.

Hast wol wurke.

Jawol. Mar sjoch, myn man wurke by it leanbedriuw, doe ek al en no noch steeds, no, hast noait fêste tiiden. Doe’t wy bern krigen, hâlden hiel folle froulju op. As ik al in baan ha woe, dan, ja, hast lytse bern, de man is noait thús, do moatst oppas sykje en... No, wat in drokte. Ik fûn it hearlik sa. Ik ha der fan genoaten. Ik ha noch wolris meilijen mei sommige memmen dy’t fleane en fleane en moarns betiid en drok en drok. Ik tink: wat hienen wy in relaxt libben.

Ja.

Ja, echt gewoan hearlik, gewoan lekker ontbijte, berntsjes nei skoalle en... ik fûn it hearlik. Mar ik wit fansels noait wannear’t myn man thúskomt. Noch steeds net. Dan komt er wol thús, dan komt er net thús, dan is’t alve oere jûns, dan is’t middeis fiif oere, it is altyd...

Hy sit no ek yn’t hea en sa?

Ja, hy hat it no wer hartstikke drok no, strontsje en kuile en eh...

En winters hat er it wat rêstiger.

Eh, ja. No ja, froeger wol, dan wie er echt in pear moanne thús, mar syn baas hat no ek oare dingen der by, dus hy is no mei de kryst, oant febrewaris thús en foar de rest...

Dus jim moatte altyd yn jannewaris of febrewaris op fakânsje.

Nee, wy kinne no ek wol mei fakânsje yn’e boufak, hear..

Ja, yn’e boufak?

Ja, in wike koe er mar kwyt, hy koe mar in wike dit jier, hear, ja, ja, hy koe mar in wike, dan moast er wer oan’t wurk, want noch in wike mocht er dan strontsje. Se meie oant 21 augustus strontsje hin? Dan mei it net mear. Dus hy seit: dan geane wy yn dy wike Baukje, want dan kin’k dy wike dêrnei noch moai eefkes strontsje. Ik sei, jonge, ik fyn’t prima. Hy sit op sa’n grutte trike, witst wol, sa’n grutte reade. Witst net wat dat binne? Sa’n hiel grut read gefaarte, in trike, dêr sit er dan op.

Dy meie wol op’e dyk?

Jawol. Mar dat is echt in hiel grut ding, ferskriklik, dêr sit er dan op, dat is echt syn trike, hin?

Dat is sa’n trijefjilder?

Ja, no, dizze hat fiif fjillen. Dit is in nijeren ien. Mar de measten ha trije, dêr hast gelyk oan.

En dêr geniet hy fan, fan dat wurk?

Ja, ja. It is wol, eh, lêstiger, naarmate er âlder wurdt natuerlik, hy is 58, wurdt aanst 59, dus it wurdt wol moeiliker. Hin? Bist soms alve oere thús, begjinst de moarns seis oere wer, en dat fiif, seis dagen lang.

Ast it wend bist, skeelt it.

Ja, en ast jong bist is it ek makliker.

Dan bist wat fleksibeler.

Ja. Ferline jier ha’k it ien kear beleefd, doe kaam er thús om fjouwer oere nachts, en doe moast er seis oere wer begjinne moarns. Ik sei: doe hiest der ek wol bliuwe kinnen.

Dan kinst net iens sliepe.

Nee, dat koe ek net, hear.

Mar ja, dat is sa mei dat wurk, moatst der by wêze as it kin.

Ja, natuerlik, it waar is der no foar, no moatte se kuile, no moat it hea nei binnen.

En alle boeren wolle tagelyk.

Ja, dat is sa. Se wolle no allegear kuile en aanst wolle se wer allegear strontsje. Dus dan hat er it wer smoardrok. Hy hat twa kear in oare baan prebearre, mar allebeide kearen is er werom gong nei it leanbedriuw.

Toch, hin?

Ja, dus hy moat der gewoan bliuwe. Hy fynt it ek gewoan leuk, op’e trekker, en op’e trike, en alles. Hy fynt it gewoan prachtich. Hy geniet der gewoan fan.

No ja, as in minske gelokkich is yn syn wurk, dan is er gelokkich yn syn libben, tink ik.

Ja, hy hat ien kear, doe wie er by de Heidemij, dan kaam er om healwei fiven thús, en sacherijnich en in min sin.

Alle dagen om healwei fiven thús.

Ja. En saterdeis frij. Soest sizze: ideaal. Mar hy woe wol wer werom krûpe. Hy fûn der neat oan. En tafallich woe de baas him wol wer werom ha. Dus dat kaam moai út. Hy moat dêr mar moai bliuwe oant er eh...

En do bist thús de baas.

Ik bin de baas, ja. Ja. Ik bin ek hiel selsstannich, ik moat alles sels regelje, hy is noait thús. It wie sels ien kear, doe kaam er simmers betiid thús, doe wie myn dochter Rinskje, dy wie doe seis sân moanne, dy gûlde om’t leven doe’t se him seach. Dy wie deabenaud foar him.

Ja, echt?

Ja, dy man dy seach se noait, no?

Hy wie echt sa’n heit dy’t sneins it fleis snijt en de rest fan’e wike...

Ja.

Ik kin my ek foarstelle dat dat soms wolris moeilik is. Want dan mist ek in hoop.

Ja, mar dêr tinksto dan ge-woan net by nei asto sa yn dy flow sitst. Do wurkest dêr en dat giet gewoan sa. Hin? Dêr tinkst gewoan net by nei. Hy hat ek genôch mei de bern dien, hear, ús famke hat ponyriden, dan hat er altyd wol mei west, en mei de soan nei’t fuotbaljen, hy hat genôch mei de bern dien, mar ja.

En is dat no ek oars mei syn pakesizzers?

Ehm, nee.

Hy is noch altyd like drok.

Ja, ja, ja, noch steeds drok. Moandeis is it lytse famke by my en dan is it: pake wurk? Ja, pake wurk. Dat seit al genôch. Nee, hy is noch steeds like drok.

Mar se herkenne him noch wol as pake.

Jawol, sy witte wol wa’t pake is. Tafallich ha wy fan’e middei sels in stikje grûn, dêr helje wy it gers dan wei, dat ha wy krekt hea’d, dus dat moat der fan’e middei wei.

Dat is jim eigen lân.

Ja, in stikje, dat brûke wy dan, dat is net fan ússels, mar wy ha hynderkes, dat meie wy dan brûke, dat ha wy meand en dat komt fan’e middei yn’t pak. En dy iene kleinzoon fan fjouwer dy sei al: mei’k der dan by komme? Dan wol ik sjen by pake, as it yn’t pak komt. Dus dy komt fan’e middei eefkes.

Mar dat is fansels ek wol hiel stoer, as dyn pake op sa’n hiel grut apparaat rydt, hin? Ik kin my foarstelle dat pake dan ek wol in held is.

Ja, ek wol as er yn’e buert is, yn Lippenhuzen by foarbyld, dan bellet er myn dochter, hin? No, ik bin yn’e buert, wol ien fan’e bern ek eefkes in rûntsje op’e trike. It âldste jonkje fan ús is njoggen, dy hat in pear kear mei him mei west, no en it jonkje fan ús oare dochter, dy is fjouwer, dy hat ek al mei him op’e trike sitten. Dat fine se prachtich, natuerlik. No, fan’e middei moat er dus pakjes meitsje. No dan wolle se ek eefkes sjen. Dan komme se straks by pake sjen as pake oan’t wurk is op it lân.

Geweldich, pake as held.

Ja, dy fan myn dochter wol ek boer wurde, hin? Dy is fjouwer, en dy wol boer wurde.

En sit dat der yn, of...

Nôh, dat wurdt him net, tink ik.

It is dochs al hiel lêstich om boer te wurden. Hy groeit wol op op in buorkerij?

No, ja, dat is in hiel lang ferhaal, sy binne zoekende om in hûs, sy wenje no tydlik yn Donkerbroek, op in stik fan in buorkerij. It foarhûs is dan gewoan wenhûs en achter is in buorkerij, fan in man yn’e buert. Dy hat der alle-gear kij stean en sa, en der komme in protte trekkers by harren del, dus sy wenje op himsels prachtich moai, mar it is net fan harren sels.

Mar hy wol wol boer wurde.

Hy wol wol boer wurde, ja. Dat is syn doel. Wy sille it sjen.