Oer de Brêge | De zelfde kwaal als Michael Jackson

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de hoofdbrug van Gorredijk Anneke Jongsma-van Dijk (72) uit Lippenhuizen. Zij viel op omdat ze in de stralende zon handschoenen droeg.

Wêr komme jo oarspronklik wei.

Ik bin geboaren yn Langsweagen. En ik ha hiel Nederlân hân en ik ha hiel Fryslân hân.

Is dat sa?

Jaah, faak ferhûze.

Hoe kin dat?

Myn heit wie boere-arbeider. Dan wie it maaie en dan waard it spul wer ynpakt. En dan gongen wy wer.

Elk jier wer?

Soms wol. It duorre wolris trije jier, fjouwer jier, mar dan wie’t lang.

En dan wer ynpakke en ergens oars sjen thús te wurden.

Ja, ja, ja, dus ik bin hiel mak-lik. Ik pas my maklik oan by minsken, want ja, troch de jierren hinne leare jo dat wol.

Ik kin my ek foarstelle dat jo jo dan minder bot hecht-sje, oan minsken. Omdat jo tinke: ik moat aanst dochs wer fuort.

Eeeh, ja. Ja, dat is inderdaad wier, ja.

Jo wenje no yn Lippenhuzen. Hoe lang al?

27 jier.

En wêrom binne jo dêr hinne gien te wenjen?

Dêr ha’k myn twadde man kennen leard.

Wannear binne jo foar it earst troud?

Yn ‘64. Dat is in minder moai ferhaal. Ik bin om in reden fan him skeiden.

Okee. En jo twadde man?

Dat is menear Jongsma. Wy wenje tegearre yn Lippenhuzen. Ik ha mei myn twadde man gjin bern, mar hy is wol in goeie heit foar myn bern.

Hoefolle bern ha jo?

Trije.

En dy wenje hjir ek yn’e buert?

De âldste wennet yn Denemarken.

Dat is in ein fuort.

Ja, dat is seker in ein fuort, want hielendal yn it boppeste hoekje fan Denemarken wenje se. En de twadde dy wennet yn Jobbegea, en de tredde yn Dronten.

Dus de twadde is honkfêst.

Ja, sa meist it wol stelle.

Of dy hat tafallich in partner troffen dy’t hjir ek...

Ja, dy wenne yn Jobbegea, dus is sy ek nei Jobbegea gong te wenjen.

En dy âldste, wêrom is dy nei Denemarken gong?

Har man woe graach boer wurde, dus dy binne emi-greard om boer te wêzen.

Dat koe hjir net mear.

Nee, syn broer krige de buorkerij fan syn heit en mem. En dan hâldt alles op. Dan is de jongste jonge net im frage, dy hat gjin plak.

Nee, dat liket my inderdaad hiel lêstich... Je wolle sa’n bedriuw ek net opslitse, fansels.

Nee, en dat koe folgens my yn dit gefal ek net, hear, der koenen ek gjin twa húshâldings út bestean.

Mar yn Denemarken koenen se wol terjochte.

Ja. No ja, dat is ek wer in hiel ferhaal. Want se binne ynmiddels wer thús west, werom yn Nederlân, omdat it dêr net gong. Doe gong de boel fallyt en binne se wer-omferhûze hjirhinne. Se ha hjir sa’n lyts oardel jier west. En doe wienen se op fakânsje en doe wie der in boer en dy moast in goeie arbeider ha.

Yn Denemarken.

Ja, en de bern wienen ôfgryslik oan Denemarken hechte. Dus dy woenen wol werom. Dy binne dêr net geboaren, hear. Sy binne hjir geboaren, yn Terwispel.

Mar sy binne dêr opgroeid, ha dêr in eigen libben opboud.

Ja, de jongste wie in jier as fjouwer doe’t se der hinne gong binne. Mar ja, dy binne ynmiddels ek al 25 en eh...

Dat binne jo beppesizzers dus.

Ja. En ik ha ek al in oerbeppesizzer.

Soa, en hoe fielt dat. Is dat bot oars, in oerbeppesizzer?

Nou, makliker, mar sjoch, it is in hiel ein fuort, hin? Jo fytse net, eh, jo sjogge se net opgroeien. Sa no en dan geane jo der wolris eefkes hinne, mar net yn dy sin dat je sizze fan, no, jo hawwe in protte kontakt mei mekoar.

Jo binne de beppe dy’t sa no en dan komt.

Ja, mar dat is mar weinich, hin? Dat ein is fierste fier. It is in lytse 900 kilometer hjirwei, dus.

Dat dogge jo net samar.

Nee, en myn man fynt neat oan autoriden, dus dan moat ik al ha dat de oare bern der hinne gean. Dan gean ik mei.

Jo ha moffen oan. Wêrom is dat?

No, omdat ik dus acht jier lyn mei hiele lytse plakjes fan pigmentferlies begûn bin.

Jo krigen samar wite flekjes op jo hûd?

Ja, ja, ja, ja.

Op jo hannen earst?

Ja. En dan geane jo nei in húsarts en dy stjoert jo nei de dermatolooch en dy bepaalt fan ja, jo ha pigmentferlies.

Hoe kin dat?

Witte se net.

It gebeurt samar.

Ja. Se ha der gjin ferklearring foar.

It is in sykte.

No, ik wit net oft se it ûnder sykte eh, eh, it is in kwaal. Mar jo hawwe it der mar mei te dwaan.

De kleur ferdwynt dus út jo hûd.

Ja. Hielendal, hear.

Jo hannen binne al frijwat wyt, sjoch ik.

Ja, dizze is no hielendal wyt.

De linker.

En ik haw it oer myn hiele lichem.

En giet it ek hieltyd fierder?

Ja. It wurdt steeds mear.

Wurdt it ek fêstlein hoe fier as it is.

Nee, nee.

Der wurde gjin foto’s fan makke.

Nee, ik gean ek al noait mear nei de dermatolooch ta, want ik haw in sinnebeskerming foarskreaun krigen. Ik hie earst 50, eh, hoe neame se dat? 50, eh...

Faktor?

Faktor 50. Mar faktor 30 is mear as genôch, want 50 docht hielendal net mear as 30.

Mar jo moatte dus hiel goed ynsmarre.

Ja, moarns is it myn earste ritueel, alles yn’t fet.

Alles wêr’t gjin klean op sit.

Ja, ja, ja, ja. It gesicht begjint ek al, hjir sa om’e mûle hinne. Yn it begjin haw ik der in protte muoite mei hân, ik kaam de doar ek hast net mear út, mar ik ha my der by del lein. Der binne ergere dingen.

Dat is wier, mar ik kin my wol foarstelle dat it jo wol oangrypt. Sa’n wite flek om’e mûle, is dat ek typysk foar pigmentferlies?

Nee, by de iene wurdt it wol sa, by de oare wurdt it net sa. Sjoch, yn’e hoekjes fan de eagen haw ik it ek.

Ja, ja, ja.

En wêr’t it troch komt kinne se my net fertelle.

En jout it ek in ekstra risiko? As it pigment fuort is?

Ja, as ik sûnder wanten fan hjir nei Lippenhuzen fytse soe, dan bin ik levend ferbrând.

Is dat sa?

Ja, dan haw ik hiele dikke blierren.

Ha jo dat alris meimakke?

Ja, dat ha’k in kear meimakke. Dat wie yn it begjin hear, doe wienen it noch mar lytse plakjes, mar dat gebeurde echt.

As jo moarns net ynsmarre, dan witte jo dat jo ferbrâne.

Ja, ja.

No is dit ekstreem waarm waar. De sinne skynt hiel bot. Dat is dus ek ekstreem gefaarlik foar jo.

Ja, mar it is sels sa, as winters de sinne der is, dan is it krekt like gefaarlik. Want it binne de UV-stralen, hin?

Dit is net echt gefaarliker as normaal.

Nee.

Foar ús is dit moai waar, mar foar jo is it eins egaal wat foar waar it is.

Ja, dat makket net út. Sa gau as de sinne der is, of de UV-stralen dy dogge harren wurk, dan haw ik der lêst fan.

Dus as jo by’t winter fan hjir nei Lippenhuzen fytse sûnder moffen oan, dan ferbrâne jo ek.

Ja.

Dat liket my in raar gefoel.

Ja, mar yn dy acht jier bin ik der ûnderhand oan wend.

Jo witte gewoan: ik moat my goed ynpakke en yn’t skaad bliuwe.

Bliuw yn’t skaad, ja.

En yn’t skaad komme dy UV-stralen net op jo hûd?

Ja, ek wol, mar wol minder. Want sjoch, ik kom hielendal noait yn’e sinne, mar wêr’t myn pigment net fuort is, wurdt it noch steeds brún.

Ja, miskien wol bruner noch as oars,

Nee, sa brún wie ik froeger. As ik froeger yn’e sinne gong, dan wie ik krektlike brún as wat ik no bin.

Jo fûnen it ek lekker om yn’e sinne te lizzen?

No, ik wie net in echte sinnebaadster, mar ik hie der net in hekel oan.

Jo wienen wol altyd bûten.

Ja.

Brún wurdt ek sjoen as...

Sûn.

Sûn en moai. En no moatte jo krekt dwaan as binne jo in hiel syklik âld wyfke mei in hoed op en mofkes oan.

Ja. No, ik lis it meastal wol út. Ik kaam lêstendeis in frou tsjin, dy hie in lyts famke op’e fyts en dy sei: mama, mama, die mevrouw die heeft nog koude handjes. Dêr moast ik ferskriklik om laitsje, mar dy mem sei: ssst, ssst, dat mag je niet zeggen. Dus ik stapte fan’e fyts ôf en ik rûn nei har ta. Ik sei tsjin har: dat meie jo dat bern net ferbiede. Want dy bern binne earlik. Sy sei: ja, maar ik vind het zo erg voor u. Ik sei: no, dat is hielendal net erch foar my, want ik bin der wol oan wend. Fjirtjin dagen letter komt datselde famke mei har heit by de winkel en dêr rôp se: papa, kijk eens, dat is die mevrouw met de zere handjes.

Moai. Hie Michael Jackson trouwens itselde, of net.

Ja, dat is deselde foarm.

Jout dat ek treast, dat soks elkenien oerkomme kin.

Ja, want hjir rûn froeger in hiele donkere mefrou, en mei dy har dochter hie ik it der lêsten noch oer en dy sei fan: ús mem hie it ek. En dat wie in donker type, dat wie dus echt in bûtenlâns type, folgens my Surinaams, mar dat wit ik net mei sekerheid, mar dy hie it ek.

En dy waard ek hielendal wyt.

Dy waard ek hielendal wyt. Mar it rare wie: hoe âlder as se waard, hoe bruner as se wer waard op guon plakken. Mar in ferklearring is net te finen. Echt net.

Wurdt jo fel no ek tinner, swakker?

Ja, al myn ieren kinst ek sjen. Dat is hjirre op myn hannen sa, en op myn earms. As ik my stjit, dan is it samar kapot. Ik moat der echt op lette dat ik foarsichtich mei myn spul omgean. De binnenkanten fan myn hannen binne ûndertusken al donkerder as de bûtenkante.

Ja, dat is inderdaad apart.

Dat wie froeger oarsom. Dan wie dit moai blank. It begjint ek al nei de binnenkante ta te rinnen.

It is net raar bedoeld, mar it hat wol wat fan in giraffe, kamoeflaazjeflekken, hin?

Ja, ja, no ja, dan doch ik it dêr mar mei, hahaha. Myn man seit wolris: do bist it bûnte hûntsje. Mar ja, jo dogge der neat oan. Jo moatte mar leare om der mei te libjen. Dat hat de dermatolooch destiids ek tsjin my sein. Hy sei: ik kan niks voor u betekenen. Goed op uw huid passen. No ja, dêr kinst it dan mar mei dwaan.

Mar is is net libbensbedriigjend.

Nee, nee, nee hear.

Jo kinne der hiel âld om wurde.

Ja hear. It iennichste neidiel is: jo moatte altyd mei lange klean rinne.

En dat is wol hiel warm, of net.

Nee, falt mei hear. Want sjoch, jo wenne der troch de tiid hinne ek wol oan. En jo dogge dus net in wollen trui oan, mar dit is in katoenen trui. As er mar lange mouwen hat, dat de earms mar beskerme binne. En dat jildt foar de fuotten presys itselde.

Mar in huodsje, dat liket ek hiel modieus.

No ja, dat is ek sa. Ik hie froeger in pet op, en doe oerkaam my dus dat ik de rânen fan de earen ferbrând hie. En doe sei de húsarts: ik snap niet dat je geen hoed op doet. Ik sei: no, dan moat ik om in hoed út. Mar ik koe net in hoed fine, want ik haw in hiele lytse holle. Doe kaam ik op in beurs en ik sei tsjin dy man, dy hie dus dizze huodden te keap, ik sei: jo ha fêst net in hoed foar my. Nôh, hy sei: het moet al gek zijn als er niet een in zit. Hy hat de ûnderste út it stapeltsje pakt en dy paste en dy ha’k meinaam. Ik ha no twa. Foar de simmers in ljochten en foar de winter in donkeren.

Winters rinne jo ek mei de hoed op.

Ja, jaseker, ja. Ja, dat is in ding. Ik sis wolris: mei dy hoed bin ik troud.