Oer de Brege - ‘Eefkes in praatsje is yn de soarch hiel belangryk’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Margje van der Spoel (43) uit Oudehorne.

Wat dogge jo hjir yn'e Gordyk.

Eefkes boadkipkes helje en... ja, dat is't eins wol.

Dat ha jim yn Aldhoarne net.

No, wat minder. Dêr ha wy net dizze winkels. Hjir ha jo de Hema en eh...

Gordyk is wol echt it sintrum fan de regio, hin?

Ja, kloppet. Dêr gean ik dochs wol wat makliker hinne as nei it Hearrenfean.

Makliker de auto eefkes delsette.

Ja, presys.

En se ha hjir alles?

Alles? It wurdt steeds minder, dat fyn ik wol jammer. Der geane steeds mear winkels fuort. Ik mis sels de kleanwinkels foar de wat jongere bern, de opgroeiende bern.

Jo ha bern?

Twa, twa jonges, fan 14 en 11.

En dy meie sels har klean útsykje?

Ja, mar ik ha net sokke moeilike jonges, dat skeelt in ein.

Jo geane gewoan hinne, jo helje wat op en as it past is it wol goed.

Ja, en oars bring ik it wer werom.

Mar dat wurdt hieltyd minder dus, yn Gordyk.

Ja, fyn ik wol. Der wie folle mear. Jo hienen hjir de Scapino, hartstikke jammer, dy hat hjir ek sitten. Mar ja, dêr sil it miskien wol te lyts foar wêze, tink ik.

Gordyk is echt in middelplak, fansels, tusken Hearrenfean en Drachten yn.

Ja presys. Mar it is wol jammer, want ik wip hjir hiel maklik eefkes oan. Jo merke wol dat der ek wer wat winkeltsjes by komme, dy't it probearje.

De krisis hat fansels ek net folle goeds dien.

Ja, absolút.

Dat lûkt no wer wat oan.

Ja, dat is ek sa. Lêsten wie hjir de Merke, de Gordykster Merke...

Jo ha ek west?

Ja, ha wy ek west, wy stienen der mei in kreamke, fan de Thússoarch.

Mar dat libbet wol wer hin?

Ja, kloppet, it wie dit kear ek behoarlik drok, moat ik sizze, mei dy keapsnein der by.

Dus op himsels docht Gordyk it gewoan hiel goed.

Steeds better, tink ik.

En dochs fernimme jo dat der winkels ferdwine.

Ja, neam ris wat. De Scapino, der ha wol mear blommewinkels west, eh, wat moat ik noch mear neame, ik wit it sa gau eefkes net.

Der binne ek winkels, dy ferdwine gewoan. Ik mocht altyd graach yn platewinkels omsneupe, mar dy binne der gewoan net mear.

Nee, want dat kinne jo allegear fan internet helje, no?

Ja, Spotify.

Net ien keapet mear cd's.

En dat bart mei mear winkels. No ha se hjir noch wol in boekwinkel...

Ja, dat is noch in foardiel, inderdaad, is ek sa. Mar sa'n ien as Clement, dat wie ek in echte drogisterij. As jo echt wat ha moasten.

En dy is no ek fuort.

Ja, dat mis ik ek wol. Tuerlik de oaren binne ek goed.

De Kruidvat en de Etos, dy sitte hjir allegear noch wol.

Ja, it algemiene is der noch wol, inderdaad. Mar ja, ik mis noch wol in kleanwinkel. No ja, hast hjir dan Rinsma.

Mar dit is net in Rinsma-jackje, begryp ik.

Nee, nee nee, nee. Mar dat is wol hartstikke moai natuerlik, dêr net fan.

Wat fine jo fan de sfear?

Bêst. Maklik, ideaal.

Smûk.

Smûk inderdaad. En as jo wer wat ruilje moatte is ek ideaal. Jo wippe sneller eefkes oan.

En it is noait echt hiel drok, hin?

Nee, de auto kinst hjir eins altyd wol kwyt. En dat sit dochs yn de minske, hup hup, eefkes gau hinne.

Winkelje jo ek wolris foar jo plesier?

Ja, mar wol yn mindere mate. Aanst mei myn freondin, dan geane wy ergens hinne, mar oars net faak. Al sil myn man dêr wol oars oer tinke, haha.

Jo wurkje yn de thússoarch? Fêste baan, folsleine baan?

Net hielendal folledich, mar der sitte aardich wat oeren yn.

Wurdt dat ek hieltyd swierder, kwa wurk? Minsken bliuwe langer thús, dus se ha thús mear help noadich.

Ja, kloppet.

Dat liket my no swierder as froeger. Der moat al hiel wat oan mankeare tsjintwurdich foardat jo yn in tehûs terjochte kinne.

Ja, kloppet, mar ik moat wol sizze, ik wurkje no ûngefear fjouwer hier by Aardema Thússoarch...

Is dat sa'n partikulier?

Nee, dat is gjin partikulier. It is krekt as de Friese Wouden eins. Sy sit yn Nijehoarne, sy is oait foar harsels begûn, sa'n santjin jier lyn. Sy is no folle grutter, fansels, omdat jo wol mei moatte. Ik sit no fjouwer jier yn de thússoarch, dêrfoar ha'k yn in tehûs sitten. Soarch is fansels prachtich wurk, mar ik moat echt sizze, yn de thússoarch ha jo noch bêst wol tiid en de útdaging, om ien thús sa fier mooglik te helpen. Mei famylje en alle ynstânsjes, dan komme jo in hiel ein.

Mei in persoanlike benadering. Is dat dan by sa’n grut bedriuw minder?

No ja, dat hear ik wolris, mar ik wol net ien ôfkreakje, want wy moatte allegear wurkje. Ik bin wykferpleechkundige by Aardema en myn doel is om de searieuze soarch der wol út te heljen, mar ek tiid te meitsjen foar de minsken.

Dat is faak de klacht, hin? It minsklike kontakt, dêr is gewoan gjin tiid foar. Der rint in klok mei sa gau ast binnen bist.

Ja, en ik fyn: as jo eefkes in praatsje meitsje, komme de echte klachten boppe wetter. En dan binne de klachten soms net iens sa grut. Natuerlik kinne jo net alles fuortsette, mar hiel faak merk ik wol, pratendewei komme jo in hiel ein.

Bedoele jo dan dat troch it praten de klachten ferholpen wurde of dat jo krekt achter de wiere...

Achter de klachten komme, ja. Wat de daadwerklike klachten binne.

En wat binne de daadwerklike klachten dan. Iensumheid?

No, dat falt my bêst noch wol mei, want net elkenien fielt him... Iensumheid wurdt tsjintwurdich hiel bot beneamd, mar guon minsken wolle net nei in dagbesteding, of wolle net út. Dy wolle gewoan yn har eigen hûs bliuwe.

Gewoan lekker rêstich sitte.

Ja, mar troch thús ientsje komme te litten, is it foar harren ek al hielendal prima. Eefkes in kous oandwaan, en te woskjen.

Ja, mar wat binne dan dy echte klachten dy't yn sa'n gesprek nei foaren komme? Want dan ha jim eins mear in sinjaalfunksje.

Ja, se wurde oanmelden troch de húsarts, of troch de famylje, of se melde har sels oan omdat it waskjen net mear giet. Mar wêrom giet it waskjen net mear? Soms is it allinnich mar om de rêch eefkes te waskjen. En de rest kinne se sels wol, mar dan binne se benaud om te fallen. Mar as wy der by binne, kinne se in hiel soad sels. En dan groeie se eins ek wer.

Jim taak wurdt mear it begelieden fan de minsken.

Wol mei, inderdaad. En it hoecht net altyd hiel swier te wêzen. Troch materiaal en attributen kinne jo it wurk ek hiel licht meitsje.

Jo ha altyd yn'e soarch sitten?

Ik ha altyd yn'e soarch sitten. Earst as ferpleechkundige yn in tehús, yn Snits. En doe haw ik der foar keazen, omdat it dochs allegear behoarlik haasje repje wie, foar de thússoarch.

Dy klacht komt inderdaad faak út de tehûzen wei, dat der gewoan gjin rûmte is.

Hiel jammer, moat ik sizze. En ik koe myn draai, kwa... Ik ha der in soad leard, siz ik altyd, dus ik sil it noait ôfkreakje, mar yn de thússoarch fyn ik no wer mear myn draai.

Dat is fansels ek de reden dat bedriuwen as Adema opkaam binne. Dy seinen: wy wolle de tiid wer nimme. Mar op in bepaald stuit groeie se faak wer te grut om ek dat persoanlike kontakt fêst te hâlden.

Ja, ik hoopje ek... Dêrom is sy ek oait begûn, as reaksje op al dy regels, al dy wetten. Mar goed, sommige dingen kinne jo net omhinne, en dan moatte jo besykje om dêr in tuskenwei yn te finen. En dat wy as lytse groepkes probeare om it minsklik te hâlden.

Mar dat is lêstich.

Ja, en natuerlik binne der ek swierdere minsken. Lêsten hiene wy ien dy’t deminteart en dat is wol faak in probleem thús. Fan: wannear geane jo oer, hin? Wannear bringe jo ien nei in tehûs? Mar goed, dat dogge jo ek yn samenspraak mei de famylje, fansels. Mar ik tink, as jo pratende bliuwe, komme jo in hiel ein.

Jo moatte elke pasjent op syn individuele karakter besjen.

Ja, der is net ien gelyk.

Der binne gjin regels foar hoe't jo reageare moatte.

Nee, presys, dat makket it moaie fan de soarch. En dat it wat lytser is, dat is echt myn ding. Dêr kin ik ek hiel lang oer fertelle, dan begjin ik altyd wer wat te stralen.