Oer de Brêge: Harmenjacob wacht op boten

Redacteur Fokke Wester ontmoette donderdag op de hoofdbrug van Gorredijk Harmenjacob Beenen (32) uit Oldeholtpade. Hij is brugwachter op de Turfroute.

Do bist ien fan de brêgewachters hjir.

Ja, klopt, ik docht it al in jier as 14, 15.

Dan bisto dus echt jong begûn.

Ja, mei myn achttjinde, doe bin ik begûn.

Do bist yn tsjinst fan de provinsje?

Simmerdeis bin ik yn tsjinst fan de provinsje en winters dan sit ik op 'e frachtauto.

Sjauffeur, fier fuort?

Nee, op de bitenkampanje.

Fan de SûkerUnie.

Fan de Sûkerunie, fan Noard-Hollân nei Grins ta.

En dan bist yn tsjinst fan in transportbedriuw?

Ja.

Dus do bist echt fan it seizoenswurk.

Ja, wat seizoenswurk, en ik ha thús noch wat hobby en sa.

Wat foar hobby hast?

Wat buorkerij, en sa.

Echt kij?

Ja, op't heden ha wy gjin fee mear, mar wy ha altyd wol fee hân. Ik ha't no eefkes in pear jier wat rêstich oan, mar yn'e takomst komme der miskien wol wer wat bisten.

Dan bist echt hobbyboer?

Ja, dat is hobby der by.

Net echt in protte fee om te melken...

Nee, dat net, meastal wat weidzje en sa, wat skiep en sok spul.

Do hast thús lân om it hûs hinne?

Ja, in bunder as tsien.

Do wennest op in âlde pleats, of sa?

Ja, it is in âlderwetse stâl, sis mar, gjin ligboxstâl of sa.

Sitsto as brêgewachter altyd op'e Turfroute?

Ja, ik gean de hiele Turfroute altyd by del. Ik bin hjoed yn'e Gordyk en moarn yn Appelskea. Ik sit meast yn Easterwâlde-Appelskea.

Hoe komsto hjoed dan yn'e Gordyk telâne? Is dat in roaster dat jim stjoert?

Ja, wy krije in planning, hin? Dat meitsje se op en dan...

Mar dan kin it dus wêze datst de iene dei yn Tynje sitst en de oare deis yn Appelskea en de tredde dei yn Mildam?

Ja, ik bin oeral ynsetber, ik ken alle brêgen en slûzen, dus sy kinne my oeral delsette.

Wurkje se ek allegear it selde?

Nôh, alle slûzen en brêgen binne wer oars.

Ja? Se ha allegear har eigen aardichheden.

Ja, se ha hun eigen dingen. De iene moat sa stean en de oare moat sa stean.

En wat is dan it bysûndere fan dizze Gordykster brêge?

Ja, dy hat net safolle bysûndere dingen, hear.

Mar wat makket dizze brêge...

No, it is hjir wol moai hin, yn't doarp, as it moai waar is dan hast altyd wol oanrin. Jo meitsje altyd wol in praatsje mei de buert hjir.

Ek al komt der gjin boat, der komme dochs wol minsken lâns.

Ja, der komme sawysa wol minsken. Yn Gordyk altyd wol wat mear as yn de oare plakjes.

Do hast hjir in brêge mei in slûs, dat is fansels net by alle brêgen sa.

Oare bregen ha wolris in fytsbrechje der by of sa, mar it is net sa as yn Gordyk. Yn Gordyk hast echt de Hoofdbrêge.

Ja, dit is fansels wol in belangrike trochgeande dyk. En dan noch de slûs der by. Ik nim oan dat dat wol wat ekstra wurk opsmyt.

Ja ja, jaseker, dat is altyd wat mear as by de oaren.

Hy is foarrige wike iepengien?

Hy is tiisdei iepengong, 15 maaie.

Hy is noch mar krekt twa dagen iepen.

Ja, noch mar krekt twa dagen. Ik sels bin al wat langer yn tsjinst, want ik ha noch wat kluskes fan de provinsje.

Watfoar kluskes?

Se binne oan it útbaggerjen, ik bin yn april al begûn.

Do bist ek by it baggerjen oan it wurk?

No ja, as dy boaten der troch moatte...

Oh sa, do moatst de brêgen betsjinje as dy baggerboaten der lâns moatte.

Ja, dan gean ik der eefkes hinne en dan eh...

Eefkes sjen, it is no hast twa oere, tongersdeitemiddei, hoefolle boaten ha der hjoed al troch west?

Wy ha hjoed fjouwer boaten hân en de fyfde is ûnderweis.

Dêr ha jim al melding fan hân.

Ja, hy is no by Loevestein. Hy kin dizze kant útkomme, mar hy kin ek by de steiger lizzen bliuwe.

Wat is it gemiddelde oantal boaten op in dei.

Yn'e fakânsjepearioade binne it der ûngefear 20, 25 boaten op in dei.

It moat dus no echt noch op gong komme.

Ja, it is no noch foarseizoen, hin? As der no deis in stik as tsien delkomme, dan giet it hiel goed.

Komt it wolris foar dat der in hiele dei net ien boat lâns komt?

Ja, dat kin ek gebeure, as it no in hiele dei wat suterich waar is, of min waar, dan kin it wolris gebeure dat der ien of hielendal neat delkomt.

Wat dochst dan sa'n dei?

No, jo binne altyd tegearre, dan ha jo sawysa wol wat oanspraak. En oars wat lêze, wat kranten en sa.

Of in goed boek, dêrst oars gjin tiid foar hast.

Ja, dat kin ek. Mar dêr moatte jo ek fan hâlde, hin? Ik bin sels net sa'n lêzer.

Mar krantlêze en der ek noch foar betelle wurde, dat is wol lúks!

Ja hear, dat is seker lúks. Ja, dat hat ek wol wer wat.

Mar do wurdst dus feitlik net betelle foar it betsjinjen fan de brêge, mar foar it wachtsjen op de boaten.

Ja, ik wurdt gewoan per oere betelle.

En hoefolle boaten as der dan lâns komme...

Dat makket neat út.

Dat sil se yn Ljouwert in soarch wêze.

No ja, se sille wol it leafst safolle mooglik boaten ha, fansels. Dat is foar De Gordyk ek wol it moaiste.

Mar oer 't algemien bist mear brêgewachter as brêgewipper.

Ja, kloppet.

Hoefolle boaten kinne hjir op syn meast lâns, ast alles op syn drokst rekkenst. Want de brêge moat iepen, de slûs moat iepen en ticht. Stel dat it de hiele dei trochgiet, hoefolle boaten soenen der dan del kinne?

Ja, hoefolle soenen der delkinne?

Hoe lang duorret it foardat sa'n slûs fol is, leech is, brêge iepen, brêge ticht.

Dy slûs duorret ûngefear in kertierke, twintich menuten. Sjoch, froeger, dan gienen der wol fjirtich of fyftich boaten lâns, yn de topjierren miskien ek wol sechstich.

Op in dei.

Op in dei. Mar dat is wol echt de top.

No wolle se dat graach werom ha.

Ja, dat wolle se werom ha, mar dat is noch in hiele toer.

Se ha der fan alles oan dien, se ha it wetter útdjippe, se ha it goedkeaper makke, der binne mear wetters dy't hjir op oanslute.

Ja, se dogge der wol fan alles oan, it Polderhoofdkanaal is no ek iepen gong. Mar it ienige probleem is, der binne in soad âldere minsken op'e boat...

Ja? boatsjefarre is echt wat fan de senioaren?

Ja, yn dizze hoeke al mear, se komme mei in fyts of sa en dan bliuwe se in pear dagen lizzen, dan geane se wat de omjouwing yn en sa.

Mar de Turfroute wurdt wol oantrekliker makke, by Wynjewâld binne se no ek al dwaande. Dus se probearje mear minsken te lûken en se ek langer fêst te hâlden.

Ja, dat probeare se wol, mar dat moat ek allegear in bytsje lukke, hin? It soe moai wêze as der wer wat mear jongere minsken op'e route komme, mei lytse bern of sa, yn'e fakânsje.

Mar jonge minsken mei bern geane faak nei it bûtenlân, foar in pear tientsjes kinst tsjintwurdich nei Turkije fleane.

Ja, dat is it neidiel, ast in boat hiere moatst dan bist ek in pear tûzen kwyt, foar in wike.

Ja, en sels in boat keapje, dan hast der ek in protte wurk fan.

Ja, winterdeis dan moat der ek wat oan gebeure. It is net allinnich it farren, mar der moat ek skildere wurde en it ûnderhâld kostet ek wol wat.

It is moai, mar ek hiel bewurklik.

Ja, dat is in ding dat seker is. Mar it is wol moai op it wetter, jo binne moai frij. As jo mei in caravan op in camping sitte, dan sitte jo fêst op it selde plak. Mei in boatsje kinne jo elke dei ergens oars hinne.

Mar do fynst dit wol moai wurk, oars diest it net sa lang.

Ja, ik yn it wol moai wurk, hear.

Ek wol ûntspannen.

Ja, it is moai ûntspannen. Ja, jo moatte josels wat fermeitsje kinne.

Yn de bitekampanje is it drokker.

Ja, dat giet kontinu troch. Ik ryd faak nachts op'e auto en dan makkest ek dagen fan tolve oeren. Dan is dit in luzelibben.

Mar dan rydst echt hieltyd fan Noard-Hollân nei Grins. Hoefolle ritten dochst dan op in nacht?

Ja, rekkenje mar gemiddeld twa, mar it moaiste is twaëninheal.

Twaëninheal, dat is hinne en werom en dan ...

Twa kear hinne en werom en dan ien fol klear sette foar de kollega.

Wurdt dat net ferfelend, dy Ofslútdyk hieltyd op en del?

No, falt wol mei, it is altyd oars, jo sitte ek altyd mei it waar.

Do hâldst wol fan regelmaat. Dit is in regelmatige baan en yn dyn sjauffeurswurk sit ek in bepaalde regelmaat.

Mar ja, it is dochs altyd wol wer oars, hin? It is noait in dei it selde. Jo ha altyd mei ferskillende minsken wer te dwaan.

Moai, ik winskje dy in drokke simmer, dan ha in bult minsken plesier fan dyn wurk.

Ja, en dêr hat De Gordyk ek wer profijt fan.