Oer de Brêge - De zusjes De Jong vieren het leven

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug in Gorredijk de zusjes Annemarie (30) en Christine de Jong (27).

Annemarie: En wy ha noch in suske, mar dy is no net mei, dy sit der tuskenyn.

Tusken 30 en 27.

A: Ja, dy is 29 wurden.

En jim binne mei syn trijen as suskes.

A: Ja.

Echt in soart The Three Degrees?

Christine: Sorry?

Dat is fan hiel froeger.

C: Ja, fan de foarrige generaasje.

En sels fan dêrfoar. Mar binne jim hiel hecht, as suskes?

A: Jaseker, alle trije. Sy hat my no eefkes holpen, mei sieraden útsykjen, by Wiebe Woudstra. Foar de brulloft, 8 juny, dan trouwe wy.

Do troust.

A: Ja. En de beide suskes binne ús seremoanymeesters. Ik ha sels twa dochters en dat wurde ús breidsfamkes.

Leuk. En do wennest hjir no...

A: Yn jobbegea.

Jim binne hjir ek hecht oan de streek, of?

A: Ja, wy gienen yn Jobbegea nei skoalle, nei de basisskoalle, krekt bûten Gordyk en bûten Jobbegea. Wy binne wol faak yn Gordyk. Jo ha der ek in soad, moaie winkels.

Jim ha hjir ek wurk.

A: Nee, ik wurkje by Royal Aware,

Yn it Hearrenfean.

A: Ja, fanút Hearrenfean. Ik bin sels projekt-manager.

Do makkest net sels tsiis.

A: Nee, ik sit mear op kantoar en doch ferskillende projekten foar de direksje. Under oare de âlde praktykskoalle yn Oenstjerk, dat is myn projekt.

En wat dochst dêr dan foar?

A: Wy ha in hiel team, wy jouwe ús Aware-boeren it hiele jier workshops en trainingen, en dêrneist binne wy dêr ek boer. Wy melke dêr 190 kij en dêr meitsje wy ek tsiis, op dy lokaasje, yn in kleinschalige zuivelfabriek.

Mar do sitst wol op kantoar yn Hearrenfean.

A: Nee, ik sit yn Oentsjerk. Mar fanút ús ôfdieling Melkzaken yn Hearrenfean ha wy wol in protte kontakt mei al ús boeren.

Jim komme ek fan in buorkerij?

A: Ja, ús âlders binne boer, yn'e Gordyk.

Dus do hast in...

A: Agraryske achtergrûn.

Ja, en ek in agraryske baan.

A: Ja, ik haw in agraryske oplieding dien. Yn Ljouwert, de Hegere Lânbouskoalle.

Echt boer wurde sit der tsjintwurdich hast net mear yn, wol?

A: No, wêrom net? Dat ha wy seker noch net ôfskreaun, yn elk gefal.

Nee? Do wolst noch altyd boerin wurde?

A: Ja, dy opsje hâld ik noch steeds iepen. Us heit is noch hartsikke jong.

C: Fynt er fêst wol moai as er dit lêst.

Hoe âld is er?

A: 58.

Oh, dat is hartstikke jong, ik bin 59.

A: Ja, presys. Hy is hartstikke jong en noch hartstikke antoesjast en fanatyk mei wurkjen en ûndernimmen, dus oant dy tiid kin ik noch moai ergens oars erfaring opdwaan.

Hat dat froeger ek ûnderwerp west, dat ien fan syn dochters him opfolgje soe?

A: Dat wie net altyd direkst fanselssprekkend, mar wy ha alle trije wol in protte meiwurke, thús. En noch steeds wol. Christine docht it no ek wol, dus wy binne alle trije wol belutsen by it bedriuw.

Ha jim it der wolris oer hân?

Jaseker.

Ek de pleats oernimme?

Ja. Jaseker. Al hienen heit en mem dat froeger net tocht, mei trije dochters.

Nee, dat liket my ek net sa normaal yn de agraryske weareld.

A: Mei dizze omfang, myn heit en mem melke 350 kij, dan wurkje jo sawysa mei meardere minsken, en ik leau der ek echt yn dat jo net per se jo lichem hoege te brûken, dat jo net allinnich sterk wêze moatte...

It giet echt om it boereferstân.

A: In bytsje boereferstân en ja, it ûndernimmerskap moatte jo begripe, it finansjele, hoe dogge jo dat, hoe meitsje jo keuzes. Dêr hâld ik my mear mei bezich en dy erfaring doch ik no hiel moai op by Aware, op de Praktykskoalle. Ik wurkje dêr al fiif jier en ha der ferskillende projekten sjoen, mar dan fanút de oare kant, de suvelkante. Want jo kinne wol in suvelprodukt produseare mei jo moaie kij, mar dan moat it ek noch ferwurke wurde.

Dus asto wol op de pleats komst, dan hast in hiel brede achtergrûn.

A: Ja.

Wat docht dyn freon, dyn man?

A: Myn oansteande, haha, dy hat in eigen bedriuw hjir yn'e Gordyk, Sietsema Techniek. dy is totaal gjin boer, mar wol ûndernimmer. In hiel moai eigen famyljebedriuw, dat hat er krekt oernaam.

Mar dan hast dus ek de keuze om dêryn aktyf te wurden.

A: Ja, mar dat dogge wy bewust net. Dat is echt syn ding en ik ha myn agraryske roots en it is júst leuk om dat skieden te hâlden. Mar ja, jo binne wol mekoars sparringpartner en mekoars maatsje dêryn. Wy begripe mekoar.

Allebeide ûndernimmer. En dan makket it net folle út ast no technyske ynstallaasjes ferkeapest of molke.

A: Nee, seker net. It giet ek om minsken, en yn ús gefal dan ek noch om kij, om klanten.

En jim snappe ek fan mekoar dat it net fan njoggen oant fiif-wurk is.

A: Seker, dat giet altyd troch.

Hoe is it om op te groeien op in buorkerij.

Christine: Ja, super. Ik fûn dat altyd moai. Wy hoechden ús noait te ferfelen.

Moasten jim altyd helpe?

C: Nee, dat mocht. Wy moasten neat, mar it mei altyd.

Mar ast bygelyks de moade yn wolst, dan hie dat ek goed west.

C: Ja, mar in hiele moaie útspraak fan ús heit is: doch wat jim wolle, mar jim kinne altyd noch boer wurde, sa fan: wy binne der altyd wol.

In soart fan fangnet.

C: Ja, want ik bin in protte op reis, en no bin ik wer thús, no kin ik wer in pear moanne thús oan it wurk.

Wat dochsto?

A: Haha, dat is in ynteressant ferhaal.

C: No ja, ik doch fan alles. Ik ha folle op reis west.

Samar op reis? Sûnder wurk of oare achtergrûn.

C: Ja, ik ha kommunikaasje studeard, doe haw ik in jier yn de marketing sitten, mar dat wie dochs net myn ding. En doe haw ik in pear moanne nei Colombia west, haw ik dêr Ingelske les jûn. Doe haw ik in pear moanne nei Oastenryk west, skiles jûn, en no bin ik dus wer thús. En dan gean ik fan't simmer wer even fuort.

A: nei de brulloft.

C: Ja, nei de brulloft.

Wêrhinne?

C: Nei Meksiko. Ek twa moanne reizigje. En dan bliuw ik foarlopich wol thús yn'e Gordyk.

Mar do wolst yn elk gefal wol wat fan'e wrâld sjen.

C: Ja. No ja, dat sit ek yn'e famylje. Wy binne allegear wol weareldreizigers.

Jim heit en mem ek?

C: Ja, dy binne ek al oan it reizigjen. Nieuw Seelân west en Amearika, en se geane fan't simmer ek nei Skandinavië.

Grappich, want it klassike plaatsje fan in boer is krekt dat er alle dagen thús wurket en mar amper in wykein fan hûs kin.

C: Ja, mar wy ha ek altyd op wintersport west en op fakânsje. Nee, heit is dêryn gjin tradisjonele boer.

A: heit wurket altyd hiel folle en hiel hurd, mar hy fynt genietsjen fan it libben ek wol hiel belangryk. Ja, beide, heit en mem, fansels, mar dat ha se ús ek altyd wol meijûn. Hurd wurkje, goed jo bêst dwaan, dan kinst der ek ekstra fan genietsje. En dêr bisto no ek mei bezich.

C: Ja, presys.

Do troust no aanst. Jim ha al bern seidest, twa, wêrom troust?

A: Ja, dat is in hiele goeie, mar dat slacht dêr eins ek wol wer op, want it wurdt in echt Fier it Libbenfeest. Wy ha't sa moai, wy ha beide pakes en beppes noch, by Siebe dan allinnich de beppes noch, wy binne allegear sûn en fit, wy binne wiis mei mekoar. En ja, op papier binne wy eins al in soarte fan troud. Mar wy ha twa sûne famkes en wy seinen tsjin mekoar: wy fine it dochs wol hiel moai om dat mei famylje en freonen te fieren.

Echt eefkes in mijlpeal delsette.

A: Ja, it is echt in mijlpeal.

Skeelt it ek datsto no tritich wurden bist?

A: No ja, dat binne wol fan dy dingen, fan goh, dat like my no altyd wolris hiel moai. Seker. En dan nim ik ek syn namme oan. Dêr bin ik dan best wol wer tradisjoneel yn.

En watfoar achternamme krijst dan?

A: Sietsema.

Dat is ek moaier as De Jong.

A: Nôh, dat is dan wer net sa.

De Jong is sa algemien.

A: Ja, presys, Sietsema komt wat minder faak foar.

Hasto ek in relaasje?

C: Nee. Happy single.

Sa frij as in fûgel.

C: Ja, kin'k lekker fuort, lekker dwaan wat ik wol.

Dan hast wol it risiko datst yn sa'n Colombia of Meksiko sa'n knappe...

C: No, dan moat dy mar mei nei Gordyk. Gordyk hat alles.

Ja? Dat is de keuze?

C: No ja, ik sil noait hielendal emigreare. Sis noait noait, mar de famylje en freonen binne dochs hjir. Ik gean graach fuort, mar ik kom ek graach wer thús.

A: Us oare suske wennet ek yn Gordyk.

Moai, ik winskje jim in hiel noflike dei, op 8 juny. Fier it libben.