Oer de Brêge | Marjan Bakker: ‘Ik lit my ferrasse’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de hoofdbrug in Gorredijk de hoogzwangere Marjan Bakker (26).

Do wennest hjir yn Gordyk?

Nee, ik wenje yn Jubbegea.

Ik tref hjir altyd in protte Jubbegeasters op de brêge. Wat dogge al dy Jubbegeasters altyd yn Gordyk?

No, ik kom hjir altyd myn boadskippen dwaan. Ik soe no eefkes nei de juwelier ta. En ik ha krekt eefkes by de drukker west, om de boeken op te heljen foar in geboartekaartsje.

Hoe lang moatst noch?

Noch wol eefkes in skoftsje, ik bin ein july útrekkene.

Eefkes sjen, wy binne no maaie....

Ik bin no rûm 28 wiken.

En hast ek al in idee foar in kaartsje?

Ja.

Witst ek al wat it wurdt, tafallich.

Nee, wy witte noch net wat it wurdt.

Dus blau rôze, dat is noch moeilik kiezen.

Ja, dêr kieze wy noch net tusken, dat bliuwt noch iepen stean.

Wêrom wolst it noch net witte? Want dat is tsjintwurdich hiel maklik.

Wy ha der by de earste ek foar kazen om it net te witten, en ik fyn it leuk om my ferrasse te litten. Ik bin wol hiel nijsgjirrich, natuerlik, mar ik fyn it wol leuk dat it in ferrassing bliuwt. Tsjintwurdich ha jo al safolle yn'e hân, ik fyn it moai om dit ta't lêste te bewarjen.

En de earste is in...

Famke.

Famke. En wie dat ek in grutte teloarstelling, of eh...

Haha, nee, dat wie seker net in grutte teloarstelling.

Nee? Wêr hooptest fan tefoaren op.

Ik hie net in hoop, mar no't ik in famke ha fyn ik dat wol fijn. Ik fyn it wol leuk om in dochter te hawwen. Mar it makket my echt net út oft der wer in famke komt of dat it no in jonge wurdt. Gjin foarkeur.

Se sizze altyd: jonkje en famke, dat is in rijkeluiswens.

Ja, mar foar my net.

Nee? Twa famkes is like moai.

Ja. Ja, absolút.

Hoe hjit de âldste?

Fardou.

Dat is in moaie namme. Ha jim ek al nammen foar de twadde?

Ja, dêr binne wy al oer út.

In rychje jongensnammen en in rychje famkesnammen.

Foar beide ien al definityf, ja.

Okee. Dat is dan wol in bytsje sneu foar de namme dy't oerbliuwt. Dy wurdt dan dus gewoan net brûkt. Dat wurdt noait in echt minske.

Nee, klopt. En dat soe'k wol jammer fine, foar beide nammen, mar ja.

Ja? It binne echt moaie nammen?

Ja, ik fyn se wol hiel leuk.

Ek nammen dy't noch in relaasje ha mei dysels, of mei dyn famylje?

Nee, dat net. Mar wol Fryske nammen.

Dat fynst belangryk?

Net per se belangryk, mar ik fyn it moai en eh, ja, ik hâld wol fan de Fryske taal. Ik bin sels net Frysktalich opfoed, mar sinds ik mei myn freon bin ha'k it my eigen makke. Ik kin my der soms noch makliker yn fine as yn it Hollânsk.

Is dat sa?

Ja, behalven as ik lulk bin of ik bin hiel fanatyk mei in spultsje bezich, dan begjin ik wolris yn it Nederlânsk wer te tellen.

Do bist hjir wol yn'e buert opgroeid?

Ik kom út Terbant.

Terbant, út'e polder...

Nee, Terbant, dat is in doarpke tsjin Hearrenfean oan.

Oh ja, Bant hjit dat doarp yn de polder.

Ja, klopt. Myn âlders binne beide net yn Fryslân grutbrocht.

Hoe lang wennest hjir dan?

Yn Jubbegea? Wy ha earst noch eefkes in skoftsje yn Lippenhuzen wenne, samen, en no fan't simmer fjouwer jier yn Jubbegea.

En do praatst pas fjouwer jier Frysk?

Nee, sân jier.

Mar dat is echt net te hearren.

Nee hin?

Nee, it klinkt echt hiel goed. Dat meitsje ik net faak sa mei.

As ik op fakânsje wie tochten minsken altyd dat ik út Fryslân kaam, al foardat ik Frysk prate.

Is dat sa?

Ja. Mar goed, op skoalle en alle freondinnen wienen wol Frysk. Allinnich, omdat jo dat sels net meikrije fanút thús, dogge jo dat dan ek net.

Mar dan krijst wol in bytsje it aksint mei, de yntonaasje.

Ja, wierskynlik wol. It foel oaren wol op.

Grappich. Mar do seist: ik kin my soms yn it Frysk sels better uterje as yn it Nederlânsk?

Ja.

Hoe kin dat. Hast in foarbyld?

Nôh, net per se in foarbyld, it komt omdat ik mei myn freon altyd no Frysk praat.

Hat er dat fanôf it begjin dien?

Nee, it earste jier ha wy Nederlânsk praat. Doe sei er: do kinst it wol. Ik wurkje yn de soarch en hy wist wol dat ik dêr ek myn bêst die om mei de âlde minsken Frysk te praten. Hy sei: kinst it wol en hy hat my ek tig kear ferbettere, tot ferfelens ta, en no hear ik by oaren ek de fouten. Dus ik bin wol hiel bliid dat hy dat dien hat, al wie dat ûntsettend ferfelend altyd.

Mar dy oanpak wurket dus wol.

Ja, it wurket wol.

Bytsje streng der op wêze.

Ja, dat wurket seker.

Grappich. Wêr wurkest trouwens?

Ik wurkje no as ferpleechkundige by Revalidatie Friesland yn Beetstersweach.

Ferpleechkundige, dat is foar de minsken dy't dêr yntern bliuwe.

Ja, op de klinyk.

Dat liket my hiel swier.

Ja, eh, ik wol net sizze dat it altyd maklik is, mar it jout hiel folle foldwaning.

Is dat in spesjale oplieding dyst dan folgje moatst.

Nee.

Algemiene ferpleechkunde.

Ik bin algemien ferpleechkundige, ik ha mbo ferpleging dien en de hbo ferpleging.

En do wurkest no noch steeds? Ja, do sitst no yn dyn swangerskipsferlof, tink?

Nee, noch net, hear. Ik wurkje oant 34 wiken.

En dat befalt? Jim famke is op de krèsh?

Ja, dy giet nei de gastâlder en tongersdeis is se by beppe.

En wat docht dyn man?

Dy sit yn de melkmasjines. Dy wurket foar de MCN yn Drachten.

Echt by boeren lâns om...

Ja, ûnderhâld en ystallaasje.

Dy is dus ek de hiele dei op paad.

Ja, hy wurket full-time en ik wurkje no 32 oeren en as de lytse der is dan set ik myn âlderskipsferlof yn en dan gean ik 24 oeren wurkjen.

Mar do fynst it wol belangryk datst trochwurkjen bliuwst.

Ja, dat fyn ik hiel belangryk. Ik doch it hiel graach en altyd thús wêze mei de bern dat past net by my. Ik tink dat der no in bettere balâns is, al moat ik sizze dat 32 oeren wol hiel folle is. Dus 24 sil better wêze. En tafallich wurkje ik hjoed oant alve oere, mar dat haw ik eins noait. Dus jo treffe my hjir no, mar dy kâns wie oars net sa grut.

Dizze rubryk hinget fan tafallichheden oan mekoar. Ik kom hjir as it my útkomt en wa't lâns komt dy sprek ik oan.

Ja, presys.

Dat is it moaie, want ik ha noch noait earder in ferhaal hân oer swangerskip. Foar in man miskien in domme fraach, mar is it leuk om swanger te wêzen?

No, ik kin allinnich foar mysels prate, want ik wit dat it wol wat kwaaltsjes mei him meibringe kin, mar ik kom der altyd hiel goed trochhinne. Dus ja, ik fyn it fijn om swanger te wêzen. Ik ha net safolle klachten.

Hearst ek wolris froulju, dy fiele har just sterker as se swanger binne.

Ja. Dat kin ik net sizze. Ik bin miskien wat sneller wurch. Mar ik ha ek in peuter thús omrinnen, dat makket ek dat ik minder mei de fuotten omheech sit.

Is de twadde kear ek makliker as de earste kear? Datst dy bygelyks minder soargen makkest?

No, net per se makliker, mar de tiid giet hurder.

Is dat sa? Miskien ek omdatst ôflieding hast fan de lytse.

Ja, it fleant foarby. En ik Google folle minder.

Hoe âld is de earste?

Us dochter is yn jannewaris twa wurden.

Moai, ik winskje dy in hiele goeie swangerskip ta fierder dy lêste twa moannen en in sûne lytse.

Ja, dankewol.