Oer de Brêge | Sietse van Houten: Stoppen bij 55

Gorredijk

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug Sietse van Houten (69) uit Gorredijk. Hij loopt voorzichtig, met de fiets aan de hand.

Ik wenje hjir no fjirtich jier, mar ik bin net in echte Gordykster. Mar ik fyn it hjir moai wenjen.

Wêr komme jo oarspronklik wei?

Fan Beetstersweach.

Mar jo sizze: ik bin net in echte Gordykster. Fielt dat echt sa?

Nee, mar sjoch, ik haw in protte bûten Gordyk wurke. As minsken hjir altyd wurke hawwe, ik ha hjir mar pakwei fjouwer, fiif jier wurke. Ja, no bin ik al lang mei in regeling mei pinsjoen.

Wat ha jo dien foar wurk.

Ik wie opsichter by it Gasbedriuw.

Wat docht in opsichter by it gasbedriuw?

Wat tafoarsjen op de útfiering fan de leidingwurken, op wat de oannimmer docht, no ja, dy probeare in bytsje te kontrolearjen.

Mar ek sels wol mei de skeppe, of...

Nee, nee, nee, nee, ja, yn myn tún wol, mar ik ha noait by in baas wurke mei de skeppe.

Mar echt sjen fan wêr moat wat gebeure, en dan opdracht jaan.

Ja, oan in oannimmer of oan eigen personiel, begeleide, ynstrueare.

Hoe lang ha jo dat dien?

Hjir haw ik seis jier wurke, doe bin ik nei it Hearrenfean gong. Doe krigen wy grutte reorganisaasjes, waard it PEB, waard it Nuon, no ja, op't lêst wie it, eh, no ja, it is no Liander. Mar ja, dêr hâld ik my no net mear mei bezich. It feroaret elke dei, of elke dei, dat is oerdreaun.

Mar it is in stik ûnpersoanliker wurden, allegear.

Bytsje, ja, fierstente grut. Sjoch, earst dan sieten jo yn Fryslân, letter wie myn standplaats Alkmaar.

Mar dêr hoechden jo net alle dagen hinne, tink?

Ien kear yn de fjirtjin dagen gongen wy der hinne, ja, it wurdt hiel ûnpersoanlik. Sjoch, by in lyts bedriuwke koenen jo elkoar, by in grut bedriuw sjochst wolris in auto riden. Froeger stutsen wy dan de hân op, no kinst se net mear.

Dat is ek in algemien ferhaal, want jo sjogge it selde by banken en sa. Al dy lytse kantoarkes binne fuort. By ús by de krante binne alle regiokantoaren ferdwûn. En no sit elkenien yn in grut gebou yn Ljouwert, It wurdt allegear in stik ûnpersoanliker.

Mar ja, dat siz ik ek wolris, jo moatte jo melde mei in nûmer. En dat is... aah, ik ha't altyd mei plesier dien, hear, it wie ek wol in hiel goeie baas, ik sil der gjin kwea wurd fan sizze, mar it is ûnpersoanliker. Einde werktijd, doar op slot. En dat is jammer, hin? Jo hoege net dei en nacht klear te stean, mar ik fyn it moai dat jo sa bezich binne.

Ha jo jo hiele libben by it gas wurke?

No sjoch, it wie earst gas, en doe waard it PEB, dat wie elektrysk. No, en doe kaam it wetter der by. Doe waard it Nuon Gas, Nuon Water en Nuon elektra.

Mar jo binne der fan skoalle ôf begûn.

Nee, ik ha ek noch fjouwer jier yn de bou wurke.

Jo wenje hjir no fjirtich jier, dus jo wienen al 29 doe't jo hjir kamen. Wêrom binne jo nei de Gordyk kaam.

Doe't ik by it Gasbedriuw kaam yn'e Gordyk, doe moasten wy binnen de gemeentegrinzen wenje. En doe wennen wy yn Warten. Doe binne wy earst nei Beetstersweach gien, want hjir yn Gordyk wie yts net nei de sin, yn ús eagen, en doe letter kamen hjir keapwenningen en doe wennen wy op de Kûperij. Dêr ha wy, no, wy binne der yn '77 kaam, en no op De hoop, by de Miente. No ja, dat is aanst ek gjin Miente mear, hin? Se binne der no oan it slopen, dus.

Ik seach dat jo moeilik rûnen.

Ach ja, mar ik wie fallen. Sjoch, jo binne wolris wat te... Ik hie oan it skilderjen west en soe eefkes wat ophingje. En ja, miste in trede, doe't ik nei beneden gong. Mar ach, dat is moarn wol wer oer, jong.

Hoe lang is dat lyn.

Dat wie earjuster.

Dus it is fan koarte duer.

Ja, dit is moarn wol wer oer, jong, mar witte jo wat it is, jo ferhâlde jo hin? En dat is eins it domste wat jo dwaan kinne.

Ja, jo wolle de iene spier ûntsjen en dan belêste jo de oare te bot.

Ja, no, klear. Ik kin der net fan wekker lizze.

Jo binne 69, dat is op himsels in moaie leeftyd. Jo binne fierder goed sûn?

Jaah.

Hoe komme jo de dei troch.

Och, ik haw in tún en ik haw in eigen hûs en ik gean inkeldris nei de sporthal.

Watfoar sport dogge jo.

Ik gean wol nei fitness, en eefkes swimme. Wy wenje der flakby, fjouwerhûndert meter der ôf.

Jo fermeitsje jo wol.

Jawol, no ja, yn de minne tiid, dan tink ik... mar dan helje ik wol in boek.

Minne tiid, dat is as it sa kâld is, bedoele jo.

Ja, as it sa kâld is, en reinderich. Foarhinne moasten jo der út en no hoege wy der net út en sjoch, dat is wolris in neidiel, hear.

Ja, mar dat is ek wol noflik.

Dat is ek wol noflik, ja, mar no seist wolris: dat kin moarn ek wol.

Je wurde wat makliker.

Ja, Dat hindert ek niks, mar is is wol sa, foarhinne, dan kamen jo út it wurk wei en dan...

Mar dat is ek in stik nofliker.

Ja, dat is wol nofliker, mar jo stelle it ek wolris wat te gau út.

Jo soenen eins in stok achter de doar ha moatte.

Nôh, net in stok achter de doar, mar ach. Aah no, mar as it no hiel moai waar is, dan kinne wy ek wol te fytsen.

Mar dat is dochs lekker.

Ja, dat is lekker, dat sis ik ek wolris.

En as jo dan sûn binne, wat wolle jo noch mear.

Ja, ik fermeitsje my bêst. Der binne minsken dy moatte fan alles by d'ein ha, mar nee, ik fyn gewoan... ik wol, ik wol wat frijheid ha. En dy ha'k ek.

Hoe lang binne jo der al út?

Ik bin der al fyftjin jier út.

Soa, dat wie in echte regeling. Wie dat mei in reorganisaasje of sa?

Nee, in regeling, wie dat. Wy mochten mei 55 jier stopje.

Mei 55.

Ja.

Potferdoary. Dat is wol hiel lekker, of net.

Ja! Dat ha'k ek sein, ik haw it mei beide hannen oangrepen. No ja, jo geane der finansjeel in bytsje op achterút, mar eh, no.

As jo gjin djoere húshâlding ha...

No ja, doe't de bern lyts wienen, doe wienen wy it noadich, en no ek noch wol, haha, ik moat ek oeral betelje. Mar ik ha sein: jo witte noait hoe lang as jo noch ha te libjen, en dêr sit ik ek net mei, mar ik tink fan: ik bin no noch sûn. Hup, fuort.

Moai, dat jo al fyftjin jier...

Sjoch, dêr ride se. Mar ik ha der hielendal gjin spyt fan.


Auteur

Fokke Wester Redacteur