Oer de Brêge | Ellen van Dijk over kiezen

Gorredijk

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug Ellen van Dijk (19) uit Jubbega. Het was op de dag van de gemeenteraadsverkiezingen en het onderwerp kiezen kwam twee keer aan bod.

Wat dochst?

Ik gean nei skoalle, yn Ljouwert. Ik doch de oplieding tot tandartsassistent.

Van dat ferske...

Altijd Lente, ja.

Wêrom dochst dat?

Ja, ik fyn it gewoan leuk om minsken te helpen. As se bijvoorbeeld pineklachten ha. Ik siet gewoan by de tandarts en ik tocht: ja.

Mar dan tinkst net: ik wol tandarts wurde?

Nee, dat net, nee. Dan moatte jo sa lang leare.

Assistente is it tichtste by.

Ja.

Hoe lang duorret dy oplieding?

Eefkes sjen, trije jier.

En hoefier bisto?

Yn it earste jier noch.

Krekt begûn, dus, in heal jier op wei.

Ja,

En hast ek al ûndekt dat it inderdaad wat foar dy is?

Ja, jo moatte it wol kinne.

En do kinst it.

Ja, ik tink dat ik it wol kin. Ik fyn it yn elk gefal leuk.

Wat fynst der leuk oan, dan.

Gewoan, minsken helpe, as se pine ha, dat ik se der dan fan ôf helpe kin. dat se wer lekker nei hûs kinne.

Mar dochsto dat, of helpst de tandarts om it te dwaan.

Ik help de tandarts, inderdaad, ik assistear de tandarts, ik jou dingen oan, ik set dingen yn de kompjûter, kwa administraasje, telefoantsjes opnimme.

Moatst dan ek echt medyske kennis ha, moatst ek sjen kinne wat der oan mankeart?

Ja, ik moat ek as der syktes binne, of sa, dat moat ik ek allegear kenne en herkenne. Soms kinne jo dan bijvoorbeeld eefkes net yn de praktyk komme. Guon dingen binne besmetlik, natuerlik. Soks moatte jo wol witte.

Mar moatst bygelyks ek fan alle tosken witte hoe't se hite?

Ja, dat moat allegear. Wy leare op skoalle de Latynske benamingen.

Oei, dat is lêstich.

Ja, mar tandartsen binne fansels bêst wol heech schoold, dat moatte jo byhâlde kinne.

Liket my pittich.

Ja, dat is wol pittich, inderdaad. Dêr moatst dy wol goed foar ynsette.

En kinst dat allegear al?

Ik wol net sizze dat ik it allegear al kin, mar as ik goed oan de stúdzje gean moat it wol goed komme.

Ach, do hast noch twaënheal jier.

Ja, en ik pak ek wol hiel folle op yn de staazje yn de praktyk. dan pikke je it dochs better mei.

Do hast yn it earste heal jier al in staazje hân?

Ja, dat is trije wiken, ferspreid oer it earste jier, by de selde praktyk.

En do hast no ien wike hân.

Ja, oare moanne haw ik de twadde wike.

Wêr sitst dan, by welke tandarts?

By it Dental Centre yn Easterwâld. Dat is in hiele leuke tandarts, dus. Ik fermeitsje my dêr prima.

Wannear kaamst op it idee om tandartsassistente te wurden. Leist op dy stoel mei de mûle iepen, sa fan: dit liket my leuk?

Ja. Yn it fjirde jier krijst fan dy oriëntaasjedingen en wy hienen wat open dagen hân, om eefkes te sneupen, en doe tocht ik: ja, dat sprekt my wol oan.

Moai, mar it liket my niks.

Nee, ik hear it ek net faak dat minsken sizze: no, dat sprekt my oan. Ik ha meiholpen oan dy open dagen op skoalle, en dan komme der bern lâns en dy sjogge eefkes: niks foar my.

De measte minsken binne ek wat bang foar de tandarts, hin?

Ja, klopt. Der binne ek wol assistentes dy't sels bang binne foar de tandarts, mar dy kieze wol foar it berop.

It wurdsje kieze is wol moai yn dit ferbân, mar snapsto dat minsken bang foar de tandarts binne.

Ja dat snap ik wol. It lûd fan boaren is net fijn.

Nee, en do leist echt yn ûnmacht, wylst ien oer dy hinne sit mei de hannen yn dyn mûle.

Ja, ik snap wol dat dat in angstig gefoel is ast sa achteroer leist. Dat kin ik wol begripe.

Heart dat ek by dyn oplieding, datst pasjinten gerêst stelle moatst.

Ja, dat leare wy ek, inderdaad.

Gewoan rêstich prate.

Ja, en alles stapke foar stapke útlizze. En as it net mear giet dan prate wy altyd in stopteken ôf, dan moatte jo de hân omheech dwaan. Dat stelt se ek altyd wol gerêst. As sy wolle dat wy stopje, dan stopje wy ek.

Do litst dy dan net yn'e hannen knipe.

Nee, want dan spanst júst oan, dat moat net. As se stopje wolle, dan ha wy eefkes pauze, kinne wy de minsken wer eefkes oerein sette as se dat wolle.

Froeger gongen minsken lang net allegear nei de tandarts, yn myn tiid, sil ik mar sizze, fernimst ek dat minsken de bern hieltyd jonger meinimme?

Ja, ja, guon minsken nimme sels de lytse poppen al mei, sa jong mooglik, dan wurde se ek minder bang foar de tandarts. Se sjogge wat der by heit en mem dien wurdt.

En ek al docht de tandarts neat, eefkes by de bern yn'e mûle sjen.

Ja, eefkes toskjes telle, dat dogge wy ek hiel faak by lytse bern. Sa wenne se der wol oan.

Grappich. Wy hawwe it no oer kiezen: hast al te stemmen west?

Nee, ik ha noch net te stemmen west. Ik moat der noch hieltyd in bytsje oer neitinke. Ik bin der noch net oer út.

Hoe kin dat no?

Ja, ik wit it net. Ik bin der noch net hielendal oer út.

It is lokale polityk, hast ek in fêste partij yn'e holle? Want om dy der yn te ferdjipjen bist eins al te let.

Ik ha my der noch net sa bot mei bezich hâlden de lêste dagen. Ik moat noch mar eefkes sa'n stemwijzer dwaan. Dat wol soms ek wol helpe.

En lústerst dan ek nei dyn heit en mem?

Miskien in bytsje. Mar ik meitsje wol gewoan myn eigen keuze wêr't ik op stem.

Wat is foar dy dan belangryk, wêr silst op lette?

Wat stelle jo moeilike fragen. Ik bin al net sa'n polityk iemand.

Mar do wolst wol stemme. Of slachst oer.

Ja, dêr bin ik ek noch net oer út. Ik kin it oerslaan, mar it is ek wol wer belangryk datst dyn stem joust.

Do hast noch in pear oeren. Mar bist bygelyks links, of rjochts, of is dat al wer in âlderwetske yndieling.

Ja, dat is wol in bytsje in âlderwetske ferdieling. Ik moat der noch eefkes rêstich foar sitten gean.

Wat fynsto belangryk. Dat de ynkommens goed ferdield binne, it miljeu...

Ja, dat fyn ik ek wol belangryk.

Wat fynst fan de Skâns?

Ja, ik fyn wol dat dat bliuwe moat, se hienen it der oer dat dat fuort moast, dochs?

No, der komt in nije Skâns, by de BHS yn.

Ja, wat fyn ik dêr fan.

Ja, dêr moatst dy dochs echt yn ferdjipje, foardatst dêr wat fan fine kinst.

Ja.

Praatst ek mei freonen en freondinnen oer polityk?

Nee, net echt eins. Dat hat ús ynteresse hielendal net.

Wêr prate jim dan oer.

Oer útgean, oer skoalle, oer wat wy meimeitsje, muzyk.

Wat is populêr by jim, op't heden?

Ja, dan moat ik eefkes neitinke. Dat sil wol fan dat Nederlânske rap allegear wêze.

Lil Kleine, Boef.

Ja, dat hear ik wol faak, inderdaad.

Rap, dat snappe âlderen faak al net mear, hin. Snappe dyn heit en mem wêrsto nei lústerst.

Noh, nee.

Hoe âld binne dy?

47 en 51.

Dy lústerje net nei deselde muzyk as do.

Soms yn'e auto, dan set ik wat op en dan moatte se wol. Se aksepteare it, mar echt leuk fine se it net. Ja, ik fyn sowieso net gau musyk lelijk, ik lústerje oeral wol nei.


Auteur

Fokke Wester Redacteur