Oer de Brêge | Jikke Kortstra: Foar Jantje en de klub

Gorredijk

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de hoofdstraat van Gorredijk Jikke Kortstra (55) uit Terwispel. Ze heeft een fel oranje sjaal om van Jantje Beton en een naambadge op haar jas.

Wat stiet dêr, do bist fan LDODK jeugdkam... Kuorbalferiening LDODK, dy giet op jeugdkamp ein juny, en dêr kollekteart Jantje Beton... Eefkes wachtsje oant dy frachtwein foarby is. Handsfree hin, dy wie drok oan it beljen. Dat wurdt wer in pear hûndert euro, dy mei er my wol betelje. Do kuorballest sels noch? Ja, yn it roemruchte seisde. Wêrom roemruchte? Dat is it leechste dat der by is. Ja? Allegear âld-earste-teamspilers? Och heden, nee, ik ha noch noait op heech nivo presteard, nee, breedtekuorbal. Mar der spylje wol minsken mei dy't yn it earste sitten ha. Puer foar de lol. Puer foar de wille, ja. Is't ek ferfelend om altyd te ferliezen? Mar wy ferlieze net altyd, dan moatst marris op ús site sjen. Wy binne ôfrûne hjerst noch kampioen wurden. Ha wy in lekker stikje gebak hân. Meist dan ek nei it fyfde? Nee, it fyfde is in jongerenteam. Dêr bin ik yts te âld foar. Mar der kin noch wol wat minsken by, oars ha wy aanst te min yn it team. Miskien kinne der noch wat kuorballers by komme. No wa wit wa't dit lêst. Do kollektearst no foar Jantje Beton. Wat docht Jantje Beton? Jantje Beton soarget foar it kreëaren fan speelplekken. De iene kear ha se as slogan Haal Het Kind Naar buiten, en no ha se as slogan Laat Het Kind Spelen. Dus foaral boartsje, soargje foar speeltunen. En dat is dan foaral yn grutte stêden dêr't dy bern echt de doar net maklik útkomme kinne. As se yn de flat nei ûnder komme sitte se midden yn it ferkear. Se sille hjir yn de Gordyk net safolle organisearje, tink ik.
No, neffens myn is de skateramp mei jild fan Jantje Beton boud. Kinst oanfragen yntsjinje, mar dan is it wol de fraach fansels oft it honoreard wurdt. Sjoch, dêr gean ik dan wer net oer. Gelokkich net. Dy bydragen sille hjir minder noadich wêze, tink ik. Ik tink dat se hjir, no ja, se ha hjir fan'e wike lekker op't iis ride kinnen. En her en der binne wol plakken dêr't se boartsje kinne, dus ik tink dat it hjir yn it Noarden folle minder noadich is. Us bern ha ek altyd lekker oan it sleatsjespringen west en sa. Mar inderdaad, de helte fan de bydrage giet yn ús gefal nei it jeugdkamp. Tûk dat se dan de lokale klubs de helte taskouwe. Ja, want oars krijst se ek net oan it kollektearjen. De helte fan de opbringst giet nei de kollektearjende organisaasje. Yn ús gefal is dat it jeugdkamp, ergens oars kin it wol de peuterspeelzaal wêze. Dat kollekteart wol lekker. Elke euro dysto krijst is fyftich sinten foar de klub. Klopt. Hast al in idee hoefolle ast ophelle hast? Nee, haw ik net presys in idee fan. Se smite it yn de bus? Nee, ik haw in list en dêrmei gean ik by del. Ik ha no sa'n hûndert euro ophelle, tink ik. Dochst mei dy list ek altyd sels as earste in grut bedrach der op? Sadat der al fêst wat stiet? Nee, yn dit gefal net, want ik gean by de bedriuwen del. En ik wenje yn Terwispel, dus offisjeel moat ik yn Terwispel jaan. Mar as dêr net ien komt, dan druk ik der wol in bedrach fan mysels by. It is wol in trúkje dat faak brûkt wurdt, earst ien mei in heech bedrach op de list sette, sadat de oaren folgje. Ja, mar by bedriuwen hoecht dat net, hear. Dêr haw ik gewoan hiele gesellige praatsjes mei de minsken. Ik kom ek al dik tsien jier by dy bedriuwen. It bedriuw betellet, net de direkteur of sa. No, hast ek wol ienmanssaakjes, net allinnich grutte bedriuwen. Mar se sjogge dy fansels wol oankommen, se krije alle wiken de fraach om te sponsorjen. Ja, mar dat is oan de bedriuwen sels. Hast ek wol guont dy't nee sizze. Dan ha wy likegoed noch wol leuke gesprekken. Dat fyn ik ek wol hiel posityf, hear. Wat is it leechste bedrach op dyn list? Niks, gewoan ien dy't nee seit. En as se wol wat jouwe, wat is dan it leechste. Ik haw op it stuit leau'k ien fan 1,30 euro, of minder. Want dat komt ek foar. En wat is it heechste bedrach? Twintich euro. Oh, dat telt lekker oan. Mar do fytst no gewoan alle bedriuwen lâns. Yn prinsipe gean ik by de bedriuwen del, der is ien hoekje, dêr rint in oarenien en dy komt fan'e middei by my del: dy en dy minsken wienen net thús, wolsto dêr noch eefkes wer hinne, of der moat noch eefkes in kwitânsje hinne. Der rint noch in oaren oer de Hoofdstrjitte en yn totaal rinne der sa'n 44 kollektanten yn de Gordyk. En wa't de kollektant mist hat kin dizze hiele moanne noch digitaal oan LDODK doneare, fia de site fan Jantje Beton. En do kollektearst al tsien jier? Fytfjin jier, tink ik. En is dat echt foar Jantje beton, of puer foar de feriening. Puer foar de feriening. Hearst faak de klacht dat se gjin kollektant mear krije kinne, is dit miskien de oplossing. Dit is it systeem fan Jantje beton, en dat wurket wol, allinnich, ik bin sels koördinator fan dizze kollekte, dus ik benaderje altyd alle âlders fan alle jeugdleden. Mar it is faak wol dreech, minsken binne ek net ferplicht, it is frijwilligerswurk, hin? Der moat it wurdsje wille yn sitte. It is wol in bytsje in morele ferplichting, mar jo moatte ek in bytsje wille der yn ha. Hast ek noch in baan? Nee, frijwilligerswurk is myn baan. Ik bin gewoan thús. De bern binne grut, dy studearje, binne de doar út. De iene is al klear mei de stúdzje, dus... Do dochst lekker niks. Nee, noch steeds net. Nee, gewoan frijwiligerswurk, ien kear yn de safolle tiid doarpshûs skjinmeitsje mei in ploech minsken. Krijst wolris ferwiten? Nee, ik ha jierren oan't wurk west. Wat hast dien? Ik ha by taksibedriuw Kijlstra op de sintrale sitten. Yn de goeie ouwe tijd, haha. Doe't it wat lytser wie. Hoe lang lyn is dat? Oh, dat is lang lyn. Foardat de bern kamen. En dy binne de doar al út, dus kinst wol neigean.

Auteur

Fokke Wester