Oer de Brêge | Mariëlle Jonkers: werom nei de âlde útdaging

GORREDIJK

 Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de hoofdstraat van Gorredijk Mariëlle Jonkers (26, op 9 maart wordt ze 27). Ze komt net van sport, zegt ze, terwijl ze haar paardenstaart losmaakt.

Do hast krekt te sporten west, seist. Wat hast dien? Fitness. By Fysio hjir yn Gordyk, dat is lekker rêstich. Fysio, is dat om medyske redenen? Nee, nee, it is wol gewoan om fit te wurden, it is altyd lekker rêstich sa. Dochst oars ek noch oan sport. Nee, op it momint net. Ik ha oan acrobatyk dien, mar dat kin ik no net dwaan mei myn wurk. Acro, dat is mei dy twatallen en trijetallen dy't op elkoar klimme en fan dy sirkusdingen dogge. Kloppet. Dat hast lang dien? Ja. Mar dat kin net mear. Nee, dat is net te kombinearjen mei myn wurk. Dus dêr bin ik al fiif jier mei stoppe, dus no probear ik wat fitness en wat yoga te dwaan om yn elk gefal wat fit te bliuwen. Hast it ek op heech nivo dien. Nee, dat falt mei. Ik bin frij let begûn, dus ik wie al wat âlder. Ik ha C-nivo as heechste dien. Do bist frij stevich, wiest dan ek altyd de ûnderste eh... Underpartner, ja. Dat sjochst nammentlik altyd by dy trio's en duo's, dy lytskes, dy lichte tinne famkes dy geane altyd omheech, en de wat stevigen dy't it ha kinne... Ja, sterk. Do bist ek sterk? Noh, ja, wit net. Wat dochst op fitnes, kondysje, kracht? Offalle. Bytsje fitter wurde. Ik bin kok, dus... Oei! Lekker ite. Protte priuwe. Ja, presys, dus... Hoefolle kilo wolst der ôf ha? No, fiif earst marris. Dat is beskieden. Ja toch? Wêr wurkest as kok? By Saunastate hjir yn'e Gordyk. Dat is in lúkse kok. Nee, thermen Saunastate, dat is in sauna. Jawol, mar ik bedoel: net kok yn in ferpleechhûs of sa. Nee, nee, nee, gewoan de keuken foar it iten yn it restaurant. Dat is wol frij lúks iten, of net. Nôh, wy probearje alles sels te meitsjen, dat wol, mar mar it is gjin stjerrerestaurant. It is in bytsje eetkafee-achtich. Okee, omelet, útsmiter... Under oaren... kroketten... Nee, kroketten net. Gewoane trijegonge menu's en sa. Dat liket my wol in leuke útdaging, want de minsken moatte dêr fansels wol mei smaak ite kinne. Se bringe der faak in hiele dei troch. Ja, it restaurant is foar ús hiel belangryk. Ja, absolút. Wurkest dêr al lang. Ik haw der hiel lang wurke, doe bin ik in tydsje fuortgong, omdat ik tocht dat ik oan in nije útdaging ta wie. Doe bin ik yn Stienwyk terjochte kaam, yn in fjouwerstjerrenhotel. Dat wie echt hiel leuk, hartstikke leuke erfaring, mar ik miste it foar myn gefoel hjirre. Doe bin ik úteinliks dochs wer werom kaam. No wurkje ik al wer trije moanne hjir yn'e Gordyk. Dat is grappich. Do sochst in nije útdaging, mar no bist werom by dyn âlde útdaging. Ja, ik miste it hjir. En dyn baan wie der ek noch? Ja. Want se hienen ek sizze kinnen fan, sorry, wy ha no in oarenien. Ja, mar ik bin hiel fleksibel, ik fyn alles leuk om te dwaan. Ik wurkje der ek wol yn de betsjinning, ik doch alles dêr. Ek opjitte yn de sauna? Ja. Echt? Dat wie in grapke, eins. Nee, mar ik doch it wol. Ik doch ien kear per dei de opgietingen. Dat skynt wat hiel bysûnders te wêzen. Ik snap dat net rjocht, mar... Der komt yn ien kear hiel folle hjitte, der binne altyd ferskillende thema's mei geurkes en sa. Sauna is wol hiel sûn. Giest der sels ek faak hinne? Ik ha net sa hiel folle tiid, mar ik gean wol hiel faak út it wurk eefkes in rûntsje dwaan. Of as ik in dei frij ha... In rûntsje is dan waarm, kâld, waarm, kâld. Ja, eefkes troch de sauna hinne. Eefkes in drankje dwaan oan de bar, wat swimme, dat is lekker. It is ek in hiel ûntspannen manier om de tiid troch te bringen, mar dan moatst wol rêstich oan dwaan, net snel eefkes. Nee, moatst der wol de tiid foar nimme. Goed kuolje en sa, oars kinst der hiel naar fan wurde. Binne der ek minsken dy't der de hiele dei bliuwe. Ja, wy ha hiel folle fêste gasten, dy't elke dei komme. Dy nimme ek altyd it selde drankje. En ek minsken dy't moarns betiid komme en dan de hiele dei bliuwe? Ja, se komme meastal om in oere as alve, tolve en dan bliuwe se oant jûns seis oere. Dan meitsje se der in echte relaxdei fan. Ja, mar de tiid fleant ek hear, dêr. Je geane eefkes dit en eefkes dat, lekker relaxe, stikje swimme, wat ite, dan bist sa in pear oeren kwyt. Kinst eins net foar in oerke nei de sauna. Do hast in koksoplieding dien, nim ik oan. Seker, yn Drachten. Wy wienen de alderearste learlingen fan de Friese Poort. En wie de Sauna dyn earste baan? Nee, ik ha echt fan alles dien en oeral en nergens west. Ik ha in hiele tiid yn Apeldoarn wenne, want myn eks dy gie dêr nei skoalle foar piloat. Dus doe bin ik mei him meigong en haw ik dêr in hiele tiid sitten mei him. Doe is dat útrekke, wy binne wol hiel goeie freonen bleaun, mar doe bin ik oeral en nergens terjochte kaam. Ik haw in tiid yn Snits wurke en wenne. No ja, sa haw ik in rûntsje makke en no bin ik werom yn 'e Gordyk. Do komst hjir ek wei, oarspronklik? Ja. Dit is dyn honk. Dit is myn honk, ja. En do bist honkfêst. No, ik ha der net echt eh, ik fyn it wol hiel fijn, mar it is net sa dat ik sis ik wol hjir persee bliuwe. Myn freon komt út Brabân. Dat is dyn nije freon. Ja, myn huidige freon, dy wennet no hjir by my, mar wy ha wol sa yts fan: oer in tydsje soenen wy dochs wol nei Midden-Nederlân wolle, wat mear sintraal ek tusken ús famyljes yn. Mar ik fyn it no wol fijn. Moai.

Auteur

Fokke Wester