Oer de Brêge - Lutske de Boer: 'Ik sjoch altyd earst nei de fuotten'

GORREDIJK

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Lutske de Boer uit Terwispel.

Hoe âld bisto? Uh, ik moat eefkes tinke hear, 45. Krekt jierdei hân of sa. Nee, nee, nee, mar je ferjitte fan alles hin, as jo âlder wurde. 45 is noch net sa âld. Nee, okee, mar it giet wol troch, hin? Dat is wier. Wêrom komsto hjir de brêge oer? Ik moast eefkes it horloazje fuortbringe, want dat wie stikken. Do hast noch altyd in horloazje om? Ik al jierren net mear. Ja, ik ha altiten in horloazje om. Do hast gjin mobyl yn'e bûse. Jawol. Do hast gjin auto mei in klokje. Ek wol. Hast gjin kompjûter mei in klokje. Ek wol. Mar dochs, ik fyn in horloazje altyd maklik. En ik fyn it ek wol moai om'e pols. Mear as sierraad. Ja. Do wennest yn Terwispel, hoe belangryk is De Gordyk dan foar dy. Wol hiel belangryk, want ik doch hjir de boadskippen altyd, yn Terwispel ha wy net in winkel. Ik wurkje ek wol yn'e Gordyk, by de soarchynstelling, dêr doch ik de pedikuere. Dus dan doch ik minsken de fuotten. Dan komst op bestelling yn De Miente en sa. Ja, dêr ha'k myn fêste klanten. Fierder ek noch in eigen praktyk? Ja, thús, yn Terwispel. Is dat ek in fak dat hieltyd belangriker wurdt, pedikuere? Ja, dat wol, der komme steeds mear âldere minsken fansels, hieltyd minder minsken kinne goed by de fuotten. In hiel soad minsken ha likdoorns en problemen mei de fuotten. Skuon wurde wol hieltyd better, liket my. Ja, mar der binne ek wol minsken dy ha soaltsjes noadich, dy wurde nei in podolooch stjoerd, dy ha wol problemen mei de fuotten. Fuotten steane faak hiel fier fan minsken ôf, hin? Se sitte ek echt letterlik oan it fuottenein. Wurde fuotten ferwaarloasd? No sa bot net mear, fyn ik. Nee, froeger wie dat wol mear. Yn myn begjinjierren wol, mar no wurdt der wol mear om tocht. Ek troch húsartsen. Dan wurde se trochstjoerd as se wat mei de fuotten ha. Froeger hiest dat ek net, pedikueres. Fan pakes en beppes witte wy ek net hoe't dy de fuotten hienen. Nee, mar se gienen froeger ek net nei de tandarts. Nee, de soarch wurdt gewoan steeds better. Wat is it grutste probleem datsto tsjinkomst as pedikuere, wat krijst it faakst te behanneljen? Eelt, in hiele protte eelt. En ek wol kalknagels, hin, skimmelnagels. Dat kinst goed behannelje? Der binne wol middeltsjes foar, mar it duorret hiel lang foardat dat wer fuort is. Der binne ek wol medisinen foar, mar dêr binne dokters wer net sa happich op om dy te jaan, want dy ha wer oare bywurkings. Mar eelt en skimmelneils dus. En ekstereagen? Ja. Wat is in ekstereach eins. In likdoarn. Dat is it selde? Ja, dat is in hurd stikje eelt, dat nei binnen groeid is. En komt dat faak foar? Ja... hast minsken mei in protte likdoarns. De oarsaak is faak skuon. Wringe. Ja, wringe, dat de teannen knipe en tsjin'e skoech oan komme. Dus hoe better as de skuonmakkers harren wurk dogge, hoe minder wurk foar dy. Ja, as de skuon mar goed passe, dat is it faak. Froeger rûnen in hoop minsken op klompen, is dat ek better, of net? Op himsels binne klompen wol goed foar de fuotten, foar de spieren hin, dan krijst dat de spieren mear oanlûke. Klompen skynt wol goed te wêzen, mar sjochst net folle bern mear op klompen. Mar it skynt wol, tenminsten, ik ha dat froeger yn boeken lêze, dat skynt goed te wêzen. Dochsto dyn eigen fuotten ek? Ja, jaseker. Ik gean ek wolris nei kollega's ta, hear, wy ha hiele leuke kollega's. Mar hiel faak komt it der net fan, dan ha'k it net oan tiid. Mar is it belangryk datst de fuotten periodyk eefkes goed neisjen litst? Ja, no ja, op syn tiid wol, ja, it is net ferkeard om se ris goed neisjen te litten. Sjoch, ast no hielendal gjin problemen hast en kinst der goed by, dan kinst it sels ek natuerlik. Mar it is ek wol lekker, hear, om it dwaan te litten. As in foarm fan ûntspanning. Ja. Krekt as nei de kapper. Ja, presys. Bakje kofje der by en eefkes lekker sitte. De fuotten wat masseare. Oh, dat dochst ek? No ja, in bytsje ynkrême witst wol, as de behanneling klear is. Sawysa al it feit dat ien mei dyn fuotten bezich is, dat kin wol lekker wêze. Ja. Do hast dyn eigen praktyk? Do sitst net by in schoonheidssalon of sa yn? Nee, ik bin wol oansluten by in podotherapeut, yn Nij Smellinghe yn Drachten. Sjoch, de minsken dy't diabeet binne, en dy't soarchprofyl twa ha, dy moatte earst nei him ta, en dan kin hy se trochstjoere. Dêr haw ik in kontrakt mei. Dat is it sikefûnsferhaal dan, dan krije minsken it ek fergoede. Do hast in folsleine baan? Ja. Do bist de hiele dei mei fuotten dwaande. Letst dan ek mear op fuotten... Ja, ja. ... ast bygelyks op jierdeifisite bist... ja, jaah.. ... sjochst dan ek konstant nei fuotten? Ja, ja. ...en sjochst hoe't skuon sitte. Ja, ik let der wol op watfoar skuon as se oan ha. En as se wat heukelich rinne dan tinkst: lit se mar eefkes lânskomme. No, dat wit je net altyd, minsken ha soms ek lêst fan de heup of de knibbel, dan rinne se ek wolris wat oars. Mar je lette der wol mear op. Ik let noait op fuotten, mar ik sil der ris wat mear nei sjen. Sowyso op nagels let ik, ek by hannen hear. Ik ferjit se altyd, dan binne se sa lang dat ik der lêst fan krij by it tikken en dan knip ik se wer. Ik doch der fierder hielendal neat oan. Mar dat hiest fansels al sjoen. Ja, hahaha.

Auteur

Fokke Wester