Toanielselskip Nut en Genoegen út Langsweagen spilet: ‘Gewoan te Gek’

LANGSWEAGEN

Krekt as alle jierren set Nut en Genoegen in stik op de bühne, dit jier spylje se it stik ‘Gewoan te Gek’, in blijspul fan Ton Davids.

It stik spilet yn de húskeamer van Huize van Speykstraat, in keurich rychjeshûs. Yn dit hûs wenje fjour eks-psychiateryske pasjinten. Tegearre mei in sosjotherapeute moatte se harren plak yn de ‘normale’ maatskippij wer sjen te finen. De ferantwurdlik wethalder komt lans om te sjen of it subsydzje jild wol goed terjochte komt. Hy hat syn twiifels.

Om de wethalder te oertsjuchjen besoargje se harren gasten op eigen ‘gekke’ wize in bysûndere jûn. De nije buorlju stipje harren ek noch ûnferwachs. Tige betûft regelje de eks-gekken harren saakjes mei lef en in bytsje bedroch.

Al mei al in útdaagjend stik toaniel mei hjoeddeiske téma's en in sûn poarsje humor. Ek nijskjirrich wurden? Reservearje dan in plakje via nutlangezwaag@gmail.com. ,,Wy spylje foar jimme op sneon te jûn 10, snein te midzje 11 en sneon te jûn 17 febrewaris.”

Tagong is 8 euro, foar stipers is it fergees. De útfierings binne yn it doarpshûs, it Paradyske, yn Langsweagen.


Auteur

Redacteur