Nut en Genoegen spilet ‘Gewoan te Gek’

LANGSWEAGEN

Krekt as alle jierren set Nut en Genoegen in stik op de bühne, dit jier spylje se it stik ‘Gewoan te Gek’, in blijspul fan Ton Davids. De útfierings binne yn it doarpshûs, it Paradyske, yn Langsweagen, op sneontejûn 10, sneintemiddei 11 en sneontejûn 17 febrewaris.

It stik spilet yn de húskeamer van Huize van Speykstraat, in keurich rychjeshûs. Yn dit hûs wenje fjouwer eks-psychiatryske pasjinten. Tegearre mei in sosjotherapeute moatte se harren plak yn de ‘normale’ maatskippij wer sjen te finen. De ferantwurdlik wethâlder komt lâns om te sjen oft it subsydzje jild wol goed terjochte komt. Hy hat syn twifels. Om de wethâlder te oertsjûgjen besoargje se harren gasten op eigen ‘gekke’ wize in bysûndere jûn. De nije buorlju stipje harren ek noch ûnferwachts. Tige betûft regelje de eks-gekken harren saakjes mei lef en in bytsje bedroch. Al mei al in útdaagjend stik toaniel mei hjoeddeiske téma's en in sûne poarsje humor.

Ek nijskjirrich? Kaarten binne te reservearjen via nutlangezwaag@gmail.com. Tagong is 8 euro, stipers fergees.


Auteur

Redacteur