Oer de Brêge - Elly Seinstra-Wouda: 'Wy hâlde de humor der yn'

GORREDIJK

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Elly Seinstra-Wouda (61), geboren en getogen Gorredijkster.

Ik ha hjir al 61 jier altyd west. Ik bin geboaren op de Compagnonsstrjitte en dêr haw ik in moai skofte wenne, oant ik ferkearing krige mei myn man. Nei ús trouwen binne wy nei de Heerenacker gong te wenjen. Dêr ha'k twa bern krigen, doe noch in pear kear ferhûze. Mar altyd binnen de Gordyk. Altyd binnen de Gordyk, ik bliuw ek in Gordykster. Jo man hie hjir ek wurk? Myn man hat in skoftke by it kannefabryk wurke en dat foldie net, doe is er yn'e bou gong, fan dy lymblokken mitselje, mei in kraantsje, dat die er mei syn sweager. Dat hat er jierren dien, by in bedriuw út Noardburgum. Sy moasten oeral hinne, nei Amsterdam en oeral, hiel Nederlân troch. Hy wurket no noch? Nee, myn man is overleden. 14 augustus wurdt it fiif jier. Dan wie er noch net sa âld, dus. Nee, hy wie noch mar 58. Ai, dat is wol hiel jong. Ja, mar it oerkomt je, it gebeurt je. Hy hie longkanker. Ach, lang siik west? Nee, net sa lang. Want doe't se it ûntdekten wie it eins al einde oefening. Dus dat wie allinnich noch pinebestriding. Mar it wie wol hiel hektysk. Myn soan hie krekt in famke krigen, dat wie ek noch mar krekt in heal jier. Dat hat er dus noch wol meimakke. Ja, dy âldste al, mar ik ha ûndertusken al fjouwer kleinkinderen. Dus ien fan fjouwer, ien fan twa, ien fan oardel en ien... Dat binne dan ek hieltyd opnij wer drege mominten, liket my, dat je tinke... Ja, hiel sûnde, dat tink ik ek wolris, hy sjocht it net mear. Ik tink ek wolris: miskien sjocht er it fan boppe wol wat. Ja, dat witte je net. Dat wit je net. Myn dochter is ek troud yn novimber, dat wie ek soks. Freugde en fertriet tagelyk. Ja, dat ha jo fansels foaral mei soksoarte dagen. En it bliuwt ek. It wurdt wol oars, tink ik, nei fiif jier. Jawol, it slyt wol wat, mar ferjitst it noait. Hast ek bepaalde dagen, 10 maart soenen wy fjirtich jier troud wêze, mar ja, dat hellest net mear. Mar ja, jo moatte it in plakje jaan, want jo moatte it der mei dwaan. Jo ha gjin keus, jo moatte der foar de bern fierder en foar de kleinkinderen. En dat doch ik ek wol, ik set de kop derfoar. Doe't ik jo krekt frege foar de rubryk seinen jo dat jo net te lang steanen koenen, omdat jo Parkinson ha. Is dat al lang? Tsien jier no, ûngefear. En hoe uteret him dat? Want ik sjoch it net oan jo. Nee, de minsken sjogge it net oan my. As se freegje wat ha jo, dan sis ik: niks. Der binne ek minsken dy't bot trilje, mar dat haw ik net sa bot. Ik ha mear lêst fan de spieren. Echt pine? Ja, en stiif. Ik ha der medisinen foar, mar dat is aanst gebeurd. Dan moat ik wat oars sykje. Ik bin net sa op'e hichte mei Parkinson, mar is it ek in sykte dy't hieltyd slimmer wurdt? Ja, it wurdt steeds erger. Hast medisinen, mar op it lêst wurkje dy net mear. It is in hersenoandoening? Ja. It is in dopaminetekoart en dat brokkelt hieltyd mear ôf. It wurdt idere kear minder. Yn it begjin kinst it noch oanfulle, mar letter wurket dat net mear. En dan is der no wer wat nijs, DBS, Deep Brain Stimulation. Dan boare se dy dingen yn'e holle, en dan krijst krekt sa yts as sa'n hertding... Sa'n pacemaker. Ja, júst. En komme jo dêr al foar yn oanmerking? Ja, ikke wol, mar ik wit noch net oft ik it wol doch. Want ik sjoch der nochal wat tsjinoan. Ik ha mei in frou praat en by har is it net sa goed slagge. It liket my ek hiel eng, dat se gatsjes yn'e holle boarje. Froeger wienen de pasjinten by kennis, mar tsjintwurdich dogge se it ûnder narkoaze. Want it is wol sa'n yngreep, dat hat sa'n impact op de minsken. Mar ja, wat moatst? En dokter seit ek: der is mar 1 persint kâns dat it mis giet. Mar ja, ik sil dy 1 persint mar wêze. Mar as jo it no net dogge, wat dan? No ja, dan komst yn in rolstoel terjochte. En dat wurdt hieltyd minder. Ja, wat ha jo dan de keus? No ja, dat liket frij simpel, as jo net yn in rolstoel komme wolle... No, der is ek noch wat oars, dat is in dinkje dat se yn de darmen dwaan kinne. Ik tink dat ik dat earst marris besykje. Dat kin earst, en dan it oare letter noch? Ja. As dy DBS ferkeard giet en komst der fearkeard út, dan is it gebeurd. Ast der bygelyks healsidich ferlamd útkomst, dan kinne se dat net wer goedkrije. Dat is inderdaad in grut dilemma. Kinne jo dêr mei minsken oer prate? Jawol, ek wol mei minsken dy't it sels meimakke ha. Ientsje riedt it my bot ôf, dy is der folle minder fan wurden. Se kinne noait garânsje jaan dat it goed komme sil, dat is de ellende. En dan is it ek hiel ferfelend dat jo allinnich binne, liket my. Ja, mar dêr ha se no wat op fûn, in telefoan, mei in aparte reade knop derop. En as ik dêr op druk dan komme de hulptroepen. As ik net goed wurd, dan hoech ik net in nûmer yn te toetsen. M1 is myn suster en M2 is de Thuiszorg. Moai, dan hoege jo net earst it nûmer op te sykjen. Nee, want dy toetsen kin ik soms net goed yndrukke. Dit is ideaal, dat hat myn skoandochter ûntdekt. Mar as ik jo goed begryp, dan ha jo op dit momint net safolle lêst noch, wat stive spieren. Ja, mar dat ha'k altyd, dêr bin ik oan wend. Dêr laitsje ik om, ja, ik bin wol ien fan de humor, hear. Mar it foarútsicht is net hiel posityf. Nee, foar net ien, want der is gjin Parkinsonpasjint gelyk. By de iene sjochst it hiel bot, dy skoddet hiel bot. En oaren... Ik sjoch dat wol presys, as ien Parkinson hat. Se sizze tsjin my: do hast ek net dat dyn gesicht altyd hiel strak is, of sa. Dat is ek in symptoom? Ja, strakke spieren, dêr kinst it ek oan sjen. En skeuvelje, mei hiele lytse stapkes rinne. En hast ek de on en off. Yn de 'aan' sitst hiel bot te bewegen en ast 'off' hast, dan kinst net rinne, dan blokkearst. Dat kinst net sels regelje, nim ik oan. Nee, nee, nee. De iene is on, de oare is off. Wie't mar wier. Asto off bist, dan stiest hielendal stiif. Dan wolst foarút, mar komst net foarút. Dan moatst yn'e holle eefkes tinke: een, twee, drie, hup. Sa moatst dan wer besykje om foarút te kommen. Dat is ek apart. Ha jo dat wolris meimakke? Jawol, heel raar. Dan fiele jo gewoan: ik sit no yn de off. Ja, dan tinkst fan ik wol wol, mar it wol net. Dan moatte jo ien twa trije telle... Ja, ien twa trije en dan prebearje wer foarút te kommen. Jo moatte josels echt eefkes in setsje jaan. Ja, heel raar. Dan kinst de broek net ophijse, in hiel natuerlike beweging. Dan tink ik: wêrom wol dit net. No, dan aanst mar. Dat is hiel raar. Mar as jo dat net witte, dan is it noch raarder. As jo witte wêr't it fan komt, dan witte jo ek dat it wer oergiet. Ja, mar dat jout dochs neat, jo moatte der mei libje. Ik haw it en ik moat it der mei dwaan. De neuroloch sei tsjin my: moatst it aksepteare. Ik sei: ik akseptear it net, mar ik moat it der mei dwaan, ik ha gjin keus. Dat is ek in foarm fan akseptearen, fansels. Se sizze ik moat dit en ik moat dat, mar ik moat niks. Se moasten ris in kear in dei fernimme wat ik fiel, dan kinne se pas oardiele. Se sjogge it wol, mar se begripe it net. Kinst it ek net begripe. It is ek hast net út te lizzen. Op it momint skriuw ik stikjes. Foar josels? Ja, foar mysels. Dan skriuw ik it yn it Frysk op yn in boek. Ik haw al in oantal moaie stikjes, oer Parkinson en sa. En wat wolle jo dêr mei? No, de bern seinen al, dat ha jo moai dien, dy moatte bundele wurde, mei de tiid. As it sa fier is, jou dan eefkes in seintsje, dan komme wy wer lâns. Wy moatte mar eefkes sjen, ik wit net oft der in boek fan komt, hear. It kin ek foar oare minsken moai wêze om te lêzen. Foar my is it in uitlaatklep. As ik wat sinnichs ha, dan skriuw ik it op. Froeger goaide ik it yn'e kachel, mar dat kin net mear. Dat opskriuwen is ideaal, dat helpt my in hiele protte. En de humor, hin, wy hâlde de humor der yn.

Auteur

Fokke Wester