Oer de Brêge | Tymen Nijboer: 'Thús bliuwt altyd thús'

GORREDIJK

Redacteur Fokke Wester ontmoette deze week op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Tymen Nijboer (24) uit Hilversum. Hij bracht de kerstdagen door bij zijn ouders in Hemrik.

Wat dochsto foar wurk? Ik wurkje no op Skiphol, yn it Sheratonhotel, as guest service agent, dus ik help minsken by it ynchecken fan de keamer en ferskillende oare aktiviteiten. Dat heart offisjeel by Skiphol? Ja, it stiet op it terrein van Skiphol, oan de oare kant fan de fertrekhal, dus it is echt rjochte op de reizigers. Dus ast dy hal útrinst komst der sa op oan. Nee, hoechst net iens nei bûten, kinst der gewoan komme fia in loftbrêge. En do wennest noch yn De Himrik? Ja, diels wol, myn âlders wenje hjir en ik bin wol regelmjittich thús, mar ik wenje sels sûnt koart yn Hilversum. Ik ha krekt trije moanne thús west nei myn stúdzje, dy't ik yn Maastricht dien ha, en no wurkje ik sûnt 1 desimber op Skiphol. It is noch hiel farsk, dus. Befalt it? Ja, hiel goed, ik ha der ek staazje rûn sânenheale moanne, en dat befoel allegear hiel goed. Fan beide kanten dus. Ja, ja, ik wist wêr't ik terjochte kaam en sy wisten wat se oan my hienen. It befalt fan beide kanten hiel goed. Moai. Wêrom hast trouwens net de hotelskoalle yn Ljouwert dien? De Hotelskoalle yn Maastricht is yn it Nederlânsk, dat wie in bewuste keuze, want... En dy fan Ljouwert is... Dy is folslein yn it Ingelsk. En ik hie yn earste ynstânsje ek wat problemen mei myn talen. Ynmiddels giet dat folle better, mar yn it begjin hie ik moeite mei talen. Dêrneist learde ik folle mear as ik op mysels wenje soe, tocht ik. Ik ha hjir altyd by de kuorbalklub LDODK kuorballe en dêr wie ik hiel bot mei bezich en net sasear mei myn stúdzje. Doe haw ik besluten om echt ergens oars te wenjen. Echt ôfskie nimme. Ja, hielendal opnij begjinne en echt wat oars dwaan. Ik bin der hinne gien te wenjen en in haw in eigen libben opboud. Noch in oare reden wie dat ik dêr folle mear nei it bûtenlân koe op staazjes en útwikselingsprojekten, en dat haw ik ek inderdaad allegear dien. Ik ha in hiel soad yn it bûtenlân sitten, hiel soad fan genoaten. Hoe lang hat dy oplieding duorre? Fjouwer jier, ik wie krekt njoggentjin doe't ik der mei begûn. Fernimst dan ek datst fersneld folwoechsen wurdst? Ja, sowieso, yn it begjin wie it wol hiel bot, eh... learst wol hiel folle oer dysels. Oer hoe'st dyn libben yndiele moatst. Bist mear bezich mei... Moatst alles sels dwaan. Kinst net sizze: mem, hjir is myn wask. No, soms hie ik wol wask mei, mar soms hie ik it ek gewoan noadich en dan moatst sels waskje. Dat soart dingen learst gewoan. Learst gewoan hiel folle oer dysels, op it momint datst op dysels wennest. Wat hast leard oer dysels? No, gewoan, hoe'st mei minsken omgiest. Omdatst ergens komst dêrst noch noait west hast, moatst dy hiel bot ynstelle op nije ûntwikkelingen fan dysels. Moatst dy echt iepen stelle om nije minsken te moetsjen. Dêr learst gewoan hiel folle fan, hoe'sto sels bist en mei watfoar minsken ast omgean wolst en hoe'st dat oanpakke moatst. Fûnst dysels leuk? Fûnst it sels leuk? Nee, fûnst dyséls leuk. Do seist datst dysels kennen leardest. Fûnsto leuk watst kennen leardest. Der binne altyd positive kanten oan dysels en negative, mar mysels leuk fine? Nee, ik bedoel: fûnsto leuk watst kennen leardest. Oh ja, it wie geweldich, hearlik, ast yn it bûtenlân bist learst noch folle mear oer dysels, want hast in hiele kultuer opboud yn Nederlân. En ast dan ergens oars komst learst oare minsken kennen en dan learst eins de weareld sjen fanút in oar perspektyf. En dat hat in mearwaarde foar my. Foar my is de weareld folle grutter as Nederlân allinnich. Der is noch safolle mear. In hiel soad minsken tinke dat bûtenlanners faak in negatyf yts meinimme. En foar my is dat just hielendal net sa, bûtenlanners bringe wat datsto net hast, en dêr kinst in hiel soad fan leare. En wat bringsto dan? No ja, dyn eigen kultuer. Myn libben sa't ik it hjir libbe haw. Ik ha ek yn San Francisco studeard en dêr haw ik in jonge kinnen leard út Sjina. Dy studeart no yn Berlin en dy hat ôfrûne hjerst by my thús west. Dus dy hat ek sjoen hoe't ik hjir libje. En dat soart dingen is gewoan geweldich. Hoe lang hast yn San Francisco studeard? Ik haw in heal jier yn San Francisco wenne, it lêste skoft fan myn stúdzje, dêr bin ik ek ôfstudeard. Hast ek oer de Golden Gatebridge fytst? Ik ha der oer hurdrûn en ik bin der oerhinne riden. Ik bin der net oerhinne fytst. Ik kaam wykliks lâns de brêge, want dat wie myn hurdrinrûntsje. Hearlik. En no rinst hjir wer yn de Gordyk oer de brêge, hoe fielt dat dan? Ja, dat fielt ek wol wer hiel goed. Myn famylje is tichtby. Dit bliuwt altyd thús foar my. Foar my bliuwt Nederlân, en foaral De Himrik, de Gordyk, dat bliuwt myn thús. Hoe dan ek. En hoe't dat yn de takomst feroaret, dat wit ik net. Miskien gean ik wol ergens oars hinne te wenjen. Mar thús sil noait feroarje. En dat bliuwt it ek. Kuorballest ek noch? Nee, ik ha by de A's kuorballe, doe bin ik nei Maastricht gien. En dêr ha se gjin korfbal. Nee, dêr ha se gjin kuorbal. Ik ha hjir noch wol in jier kuorballe yn it fjirde en no fuotbalje ik by Jubbegea. Komst dan elk wykein noch thús? No wurkje ik, dus dan wurdt it wat moeiliker, mar ik wie trije moanne thús en dan kin it altyd. It is in freoneteam, dus op it momint dat ik beskikber bin, dan spylje ik op saterdeitemiddei. Hearlik.

Auteur

Fokke Wester