Oer de Brêge - Trienke de Jaeger: 'Der by jaan'

GORREDIJK

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat Trienke de Jaeger (60) uit Jubbega.

Jo sizze De Jeger, hoe skriuw ik dat? Mei ae. Okee, ik tocht: miskien is it mei in trema op de a. Nee, nee, nee, nee, dat is by uh... Jägermeister. Wêr komt dy namme wei, witte jo dat? Neffens my lizze de roots fan myn man yn Dútslân. Of Frankryk. Myn soan het it wolris útsocht, mar ik wit it net mear. En wat is jo famkesnamme? De Vries, het meest voorkomend yn Fryslân. Moai. No, ik wit net oft dat moai is. Ik fyn it wol moai ast oan de namme sjen kinst wêr't ien weikomt. En dat er hjir sa faak noch foarkomt lit sjen dat de minsken wol aardich honkfêst binne. Jo binne Gordykster? Nee, ik bin geboaren yn Boalsert. Dat is in ein fuort. Ja, mar toendertiid krige myn man wurk yn Wolvegea en it wie de gewoante dat jo dan trouden. Dus wy binne ferhuze nei Wolvegea. Doe wie dy nije Rykswei der ek noch net, de A32, dus elke dei op en del wie doe noch in hiele ûndernimming. Sadwaande binne wy dêr terjochte kaam. Dêr ha wy twintich jier wenne. No ja, de bern waarden grutter, wy hienen trije jonges krigen, en ja, dan wurdt it hûs wat te lyts. Ferbouwe wie net in opsje, dus wy seagen om ús hinne oft der net wat oars wie. Wy hienen al jierrenlang ferboud en myn man hie wat fan: no, ik wol net wer ferbouwe. No en doe kaam der yn Jubbegea in boukavel frij. Mar jo man wurke noch altyd yn Wolvegea? Nee, dy gie ûndertusken ek nei it Hearrenfean. It wie ek net echt in opsje om dêr te bliuwen. En Hearrenfean fûnen wy net folle oan. Dochs wer wat doarps en doe kamen wy yn Jubbegea terjochte. Wannear wie dat? Dat wie yn 2000. Doe binne wy hjirhinne ferhûze. En befalt dat? Ja hear. It is wol hiel wat oars. Ja, it is net echt stedsk. Mar yn Boalsert wie wetter en hjir is wetter, yn Jubbegea hast wol wetter, dus dat is wol leuk. En gesellige minsken. Ja? It wennet der wol noflik? Ja, oars hienen wy der ek net sa lang wenne. De mentaliteit fan in streek, dêr moatte jo jo wol by thúsfiele. Wy wenje yn in nijbouwyk. Alle huzen waarden doe tagelyk boud en wy kamen der ek tagelyk te wenjen. Dat is ek wol leuk en it is minder moeilik om der tusken te kommen, of makliker. Ja, as jo as nijeling yn in buert komme te wenjen dêr't elkenien mekoar al hûndert jier ken. Presys, dat is faak moeiliker, dan klit it wat mear. Mar de bern wienen noch skoalgeand, dy gienen nei de sport en sa, dus wy dienen dêr ek wol wer minsken op. En de minsken binne der hiel freonlik, sy groetsje mekoar noch op strjitte. Yn't begjin wie it fan: huh? Kinsto dy? Dan seinen se samar hoi tsjin jo en dan sizze jo dat ek werom. Kensto dy? Nee, dy ken ik net. Letter blykte dat it dêr de gewoante wie om dat tsjin elk te sizzen. Dat is yn Boalsert sa net? Nee, allinnich tsjin minsken dy't jo koenen. Dat hast hjir ek wol ast te fytsen giest, of sa. Eefkes de wiisfinger omheech. Ja, mar komst fierderop yn't lân, dan gebeurt dat ek net. Ik doch it ek wolris yn Amsterdam, mar dan sjogge se dy hiel nuver oan. Ja, dat fine se dêr frjemd. As ien yn'e tún oan it wurk is, hup, dan meitsje wy ek eefkes in praatsje. Jo meitsje it mar wer leuk, net, moai waar foar de tún. Soks. Dat is moai om te hearren, want hearst krekt hiel faak dat de maatskippij oan it ferkillen is. Ja, as minsken de doarren ticht hâlde en se komme der net út, dan ha jo dat wol wat. Jo moatte der wol wat foar dwaan. Ja, jo moatte sels begjinne om in praatsje te meitsjen, bijvoorbeeld, as it wat stil is. En de iene praat makliker as de oare. Der binne ek in hoop westerlingen, dy komme der dochs moeilik tusken, hear ik wolris yn de wandelgangen. Dan wurde se net echt aksepteard. Ek omdat se de taal miskien net sprekke. Mar dat begjint der dan faak mei dat se sels wat ôfstân hâlde. Nee, dat hoecht net iens. Want krekt as, litte jo de hûn út yn'e bosk of sa, dan meitsje jo ek wolris in praatsje. Dat is dus it boadskip: jo moatte jo der wol by jaan. Jaah, ja, tuerlik. Jo moatte sels prebearje om der wat fan te meitsjen. Gewoan in praatsje op'e dyk, dat bringt jo faak ta hiele gesprekken. Ik fernim it hjir op'e brêge ek, der komme faak de moaiste ferhalen los. Is dit fierder wat in leuke moanne foar jim? Sinteklaas hat krekt west en no komt aanst kryst. No, Sinteklaas moatte wy noch fiere, dat dogge wy no sneon. De bern binne allegear út hûs? Ja, en sy ha allegear in gesin, fiif lytsbern ynmiddels. En dy komme saterdei allegear by pake en beppe? Ja, dus ik wie al drok oan it boadskip dwaan. Jim fiere noch wol altyd Sinteklaas, net útgebreid kryst. Ja, dat dogge wy ek wol wer mei de bern, mar dan ha wy der gjin kadootsjes by. Foar dy lytse bern hearre kadootsjes by Sinteklaas. Hoe âld binne se. Twa fan fiif, ien fan fjouwer en ien fan trije en ien fan seis wiken. Der sit in twaling by, begryp ik. Nee, nee, der sit in heal jier tusken. Mar dat is hiel gesellich, want sa faak sjogge jo mekoar net allegear. Sy wenje net allegear yn'e buert, dus dan is it wol hiel leuk om sa Sint en kryst meiïnoar te fieren. Moai, no, noflike moanne fierder. Ja, jo ek.

Auteur

Fokke Wester