FNP-Opsterlân stelt kandidatelist en programma fêst

BEETSTERSWEACH

 Yn de gearkomst fan desimber hat de FNP-ôfdieling Opsterlân de Kandidatelist en it Programma foar de Gemeenteriedsferkiezingen op 21 maart 2018, fêststeld.

As listlûker is it hjoeddeiske FNP-riedslid Janco van der Werf (64 jier) beneamd. Janco wie earder ûndernimmer op De Gordyk en hat op 22 maaie 2017 it riedslidmaatskip oernaam fan Evert Wilstra, dy’t him yn Ljouwert ta wenjen set hat. As twadde stiet Harm de Jong (34 jier) fan De Tynje, nij op’e list. Hy wurket as learaar Skiednis en Maatskippijlear by de Skoallemienskip Sevenwolden op de lokaasje De Jouwer. Harm is belutsen by it Skûtsje fan de Tynje, de Karnevalsferiening, de Fuotbalklup en de Brommerklup. Tredde op’e list is de biolooch Ultsje Hosper, foarsitter fan FNP-Opsterlân en fjirde Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma, learares Frysk, beide wenjend yn Oerterp. De earste fiif wurde ôfsletten mei Jacob de Vries fan Bakkefean, dy’t tige warber is by it toaniel en de iepenloftspullen. Inkelde kearnpunten fan it FNP-program binne: - Wy wolle Opsterlân as selsstannige gemeente yn stân hâlde. Opsterlân hat mei krapoan 30.000 ynwenners foldwaande grutte en bestjoerskrêft. De FNP is in partij ‘fan ûnderen op’ en it bestjoer en de ynwenners bliuwe sadwaande yn Opsterlân ticht byinoar stean. - Wy fine ek dat De Gordyk syn sintrale funksje as bedriuwe-, ûnderwiis- en kultuersintrum yn de regio behâlde moat. Boppedat is It doarp Beetstersweach al iuwenlang it bestjoerlik sintrum fan Opsterlân en dat wol de FNP ek sa hâlde. - Wy wolle ynsette op in flugge digitale ferbining fia in glêsfezelkabel, om sadwaande de wurkgelegenheid te befoarderjen. - Wy wolle der by de gemeente op oanstean gjin ynsektisiden en oare gemyske bestridingsmiddels te brûken yn de iepenbiere romte en alle berms ‘ekologysk’ te behearen, dat wol sizze twa kear jiers meane en it gewaaks ôffiere. - By wenningbou plannen moat rom omtinken jûn wurde oan betelbere (hier-)huzen, sawol foar starters, âlderen as kwetsbere groepen; it bouwen fan Kangoeroewenten en Lytse Wenten (Tiny Houses) moat oanmoedige wurde. - FNP-Opsterlân stribbet nei in mienskip dêr’t nei inoar omsjoen wurdt. Yn in sosjale, libbene mienskip moat romte en plak wêze foar jong en âld. - Taal en kultuer binne by útstek dragers fan de eigen identiteit fan de mienskip. It is dêrom fan belang dat de gemeente omtinken jout oan taal en kultuer en dy stimulearret. - Wy wolle dat de gemeente stribbet nei it behâld fan skoallen op it plattelân en nei de útwreiding fan trijetalige skoallen yn de hiele gemeente. - Duorsumens moat by de gemeente, sawol op it mêd fan natuer, miljeu, enerzjy en lânbou, in hege prioriteit hawwe. - De gemeente moat hoeden omgean mei it jild fan de boargers.

Auteur

Fokke Wester