Oer de Brêge | Appie en Johan: 'Je moet niet alles geloven, hoor'

GORREDIJK

Op de brug in Gorredijk ontmoette redacteur Fokke Wester Johan van der Velde (78) en Appie Bosch (75), die elk van een andere kant kwamen. Het werd een verwarrend gesprek.

Hoe kenne jim mekoar? Johan: Ik haw him in kear in skop tsjin'e knibbel jûn. Doe moast er nei't sikehûs. Hy is opereard, dêrom rint er net sa hurd mear. Wêrom ha jo him skopt dan, wie dat by it fuotbaljen? Appie: Moest hem niet altied geloven, heur. Johan: Hy wie folle jonger, dêrom koe er hurder rinne. Sûnder gekheid, ik bin wolris oan de wandel en hy is wolris oan de wandel en no rûn hy oan dy kant fan de feart en ik oan dizze kante. Jo seagen him al rinnen. Johan: Ja, mar kinst samar net oerstekke oer it wetter, dan moatst oer de brêge. Hoe kenne jim mekoar? Appie: Ergens via mijn zwager. Die was bij Tago. Johan: Syn sweager Jelle de Jong dy wie seilmakker by de vouwwagenfabriek. Sadwaande haw ik him ek in bytsje kennen leard. Wannear ha jim mekoar dan troffen. Johan: Wannear seach ik dy foar it earst. Hiesto doe net in blau each? Eefkes searieus. Johan: Tago, dat is Tabak Gorredijk. En dêr wurke ik ek. Ik die de ferkeap fan de vouwwagens. Dy sieten wêr't froeger Koelstra siet, voorheen de berneweinfabryk. Appie: Mijn zwager werkte ook nog bij Koelstra. Heb jij ook nog bij Koelstra gewerkt? Hoe lang is dat lyn? Appie: Oeoe jonge. Johan: Ris sjen, doe wie'k in jier as 26, 27. Doe siet de lijnbaan noch tsjin'e gemeente oan. Dy siet ûnder en dan sieten wy boppe. Wy hienen sa'n ding by garage Van der Meij, hjir yn'e Hoofdstrjitte, yn'e showroom stean, om sjen te litten. En letter is dat by inoar kaam. Doe binne se ferhuze nei de Badwei, dêr't no de Jumbo sit. Wannear is dat bedriuw ophâlden dan. Johan: Ik tink 86, 87, sa'n bytsje. Ik bin der yn 87 weigien, doe ha'k wat oars dien. Mar ik sit noch wol in pear dagen yn it bedriuw, hear. Ik sit noch yn de caravanwrâld. Ik hoech net mear, mar ik wurkje noch in pear dagen yn Marum. Fanôf hjir bin ik yndertiid dêrhinne gien en ik gean gewoan troch. No freegje ik my dochs ôf hoe't jo him kinne. Jo kinne syn sweager fan it wurk, mar hoe komme jo dan by him terjochte. Johan: Dat is in kwestje fan... Myn frou seit wolris: kinsto dy? Nee, sis ik dan, mar ik kin se wol kennen leare. Ik praat maklik tsjin elkenien. Dus ik trof him in kear yn dy passaazje. En doe wisten jo dat hy de sweager wie fan... Johan: Nee, dêr wist ik neat fan. Dat fernaam ik pas letter. Mar as jo beide rjochts hâlde, dan geane jo by mekoar lâns. Mar as jo beide it selde paad rinne? Doe sei hy: oan'e kant do. Lycht er dat no ek? Appie: Oh jong, je kan niks fan hem op an. Johan: Dy man moat der mar wat fan meitsje. As jo lige, dan liich ik mei yn kommisje. Dan wol ik it fan jo wol hearre. Appie: Ja, hoe hebben wy mekander kennen leerd. Johan: Sis mar tsjin dy man dat ik altyd sa lûd prate. Appie: Ook weer van mijn zwager, van Jelle de Jong. Johan: Wy stienen wolris by inoar en dan prate jo mei syn trijen. Appie: Ja, daar komt het door. Wêr komme jo wei trouwens, want jo hawwe wat in stellingwerfs aksint. Appie: Vlakbij Drente, Noordwolde. Hoe lang wenje jo hjir no? Appie: Poeh, dat is een heel schoft, ik heb eerst nog in Lippenhuizen gewoond. Mijn vrouw kwam uit Terwispel, ik bin nu allenig, zij is overleden, vijf jaar terug. Maar ik woon hier in Opsterland nu al 56 jaar. En noait klachten oer jo aksint? Appie: Helemaal niet. Ik kreeg buren hier in Gorredijk, Zij zeiden: waarom wil jij Fries leren, dat hoeft helemaal niet, wij passen wel bij jou aan. Ik heb er nooit gien problemen mee gehad. Wat ha jo foar wurk dien? Appie: Ik heb vroeger in de bosbouw gewerkt, snoeien, zagen. Dat was voor de verzekeringen. Die hebben het overgenomen, van wie ook al weer, een heel bekende, later werd het van de Aegon. Johan: Do bist safolle jonger, dan moatst it ek better ûnthâlde kinne. Appie: Toe. Die het alles overgenomen, Lauswolt en zo. En die boerderijen daar in Beetsterzwaag. En Olterterp. Altyd wurke? Appie: Nee, via mijn zwager, die was een beetje baas, heb ik later bij Koelstra gewerkt, de kinderwagenfabriek, en toen ben ik in de wegenbouw gekomen. En toen heb ik twintig jaar bij de Heidemij gewerkt. Prate jim ek oer mekoars wurk? Johan: Dat komt wolris ter sprake. Ik ha oait myn eigen hûs noch boud. Tusken 1963 en '67. Neist myn saak, jûns. Wy wennen yn in pipowein doe, achter op'e tún. Jo wenje dêr noch altyd? Johan: Nee, wy ha't yn 2008 ferkocht. Myn frou hat artrose en doe ha wy in appartemint naam op de Storklokaasje. Ik ha net in tel heimwee hân. Guon minsken ha wol sein: do bist net wiis, mar sa giet dat no ien kear. De kâns die him foar en dan moatte jo oanpakke. Wy ha ek net wer kocht, wy hiere gewoan. No bin ik it oansprekunt noch wer, fan dat gebou. Ik ha ek al wer freondinnen. Ien fan 80 en ien fan 78. Jo fertelle dit hiel searieus. Appie: Ja, dat weet ik wel, dat is wel waar, ja. Johan: Ik wit noch reedlik goed wêr't ik mei oan'e gong bin, dat skeelt. Mar jim ha noch wol plesier yn it libben. Johan: Sowieso. Appie: Jawol hear, jawel. Ien fraach noch, Sinterklaas leit hjir mei syn boat. As jim wat freegje meie, wat soe dat dan wêze? Johan: Hast wol jild genôch? ik wol noch wol in speedboatsje ha, dan kinne Appie en ik tegearre troch de Feart race. Appie: Dat was wat. En jo? Appie: Ik zou het niet weten. Gezondheid.

Auteur

Fokke Wester