Oer de Brêge | Janke Venema: 'Jierdei giet by ús altyd foar'

GORREDIJK

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Janke Venema (67) uit Jonkerslân.

Jo binne hjir te boadskipjen. Ja. Troud? Ja. Bern? Trije, ien famke en twa jonges. Hoe âld binne dy? 44, 43, 34 Oh, dy binne al lang it hûs út. Ja, En befalt it wat? Jo wurkje net mear, nim ik oan. Jo ha wol in baan hân? Nee, altyd húsfrou. Fiele jo jo ek miskend? Wat dat wurdt altyd neamd: geen beroep. Nee hear, wy hienen in grutte tún, dus ik hie altyd wol wurk. En jo male net om wat in oar seit. Nee hear. Ha jo hobbys? Ja. Watfoar? Muzyk. Ik bin by it muzykkorps yn Jonkerslân en by it Sjongkoar. Hoe hjit dat korps? OKK, Oefening Kweekt Kunst. En it sjongkoar? Nim it sa't is. Moaie nammen. Jo sitte jo hiele libben al by de muzyk? Ja, ik sit der al mear as fyftich jier by, by it korps. Soa, dus as famke fan santtjin al der by. Ja, ja, jaah, mei tsien al. Dan sitte jo al 57 jier by it korps. Wat betsjut muzyk foar jo. In hiele protte. Ik gean alle freeds nei de repetysje ta. Wat spylje jo foar ynstrumint. Ik haw altyd de bariton spile en no in euphonium. Dat binne fan dy grutte dingen, of net. Ja, haha. Dat sjochst net faak, froulju achter... Ja, by ús binne der fjouwer op in rij no. Mar dat binne dochs fan dy manne-ynstruminten? Ja, dat hoecht net, hin? Wy ha ek wol spierballen, hahaha. Wat betsjut muzykmeitsjen foar jo. Ja. Gesellichheid. Dat is it foaral? Alle wiken hinne. Ja. Eefkes in praatsje, eefkes laitsje, en dan spylje. En dan muzykmeitsje, ja. Jo spylje thús om te oefenjen, nim ik oan, mar ek wolris gewoan foar de lol? Jawol. Ja. Ik haw ek noch in akkordeon, dy brûk ik ek wol geregeld. Allinnich foar josels, of ek wol om op te treden. Nee, allinnich foar mysels. En hoe spylje jo dan, yn josels, of fan papier ôf? Ja, fan papier. Wy krije bladmuzyk, en dan wurdt ferwachte dat wy dat oefenje. en op 'e repetysje dna moatte wy it kenne, hin? Mar spylje jo ek wolris in wyske foar jo sels? Jawol. jawol. Ha jo wolris dat jo tinke: hé, dat wie in leuk stikje? Jawol. Mar dan dogge jo der fierder neat mei. Nee, ik kin net út'e holle, ik moat bladmuzyk ha. Ek mei it akkordeon? Bladmuzyk, ja. Se sizze altyd dat muzyk emoasje is, Is it dat ek foar jo? Ja. Yn wat foar opsicht? Ja, hoe lizze jo dat út. Kinne jo muzyk meitsje as jo fertriet ha. Ja, dat wol. En dat dogge jo ek wol. Ja. En dan sykje jo in stemmich stikje muzyk út... Ja. ...en dat spylje jo dan. Ja. En helpt dat? Nôh. Wurde jo dêr minder fertrietlik fan. Nee, dat net. Nee. As jo fleurich binne, spylje jo fleurige muzyk. Ja. Seker. Mar helpt muzyk net om de emoasje... Ja, seker wol wat. Ja. Ja. Yn wat foar opsicht. No, ik gean freeds altyd nei myn skoandochter, dy hat MS. Dat is freeds altyd. En as jo dan op it korps komme, dan ferset dat de sinnen wat. Ja. It makket de holle eefkes skjin. Ja. Ja. Ja. Ja. Ja. Misse jo wolris in repetysje? Noait. Of der moat al in jierdei wêze. Want jierdeis giet by ús foar. Fierder net. Hearst ek wolris dat minsken sizze dat it korps foargiet, wat der ek bart. Noh, de jierdeis geane by my foar. Wy wurde allegear âlder, dus ik kom wol op de jierdeis, fan eigen bern en fan broers en susters. Fiere wat jo fiere kinne. Ja. Mar ik bin der bijna altyd. En wat sizze se dan as jo der net binne. Niks. Giet by elkenien op it korps de jierdeis foar. Ja, by in hoop wol. Hoe grut is it korps. Wy ha 26 leden. Dan kin der eins net ien mist wurde. Nee. Nee. Fiele jo jo dan ek skuldich as jo op in jierdeifeestje istte? Nee, dat net. Jierdei giet foar. Jo binne mar ien kear yn't jier jierdei. Jo eigen jierdei... Ja, mar ek fan de famylje, fan de broers en susters. Dat giet by my foar. Hoefolle broers en susters ha jo? Ien broer Oh, falt mei. Ja. En by myn man binne se mei syn fiven. Dan binne jo dochs seis jûnen beset, mar allinich as it op freeds is. Ja, allinnich as it op freeds is, of op woansdeis. Dat is mar ien kear yn de safolle jier. Ja. Dus jo misse selden. Ja. Jo komme gewoan altyd. Ja hear. Ha jo ek favorite muzyk. Ja. marsmuzyk. Wat makket dat lekker. Ja, frolik. Marsen binne altyd frolik. Ja. Makket muzyk jo ek frolik? Jawol. Ja. Mar jo meitsje jo net sa drok om dingen. Nee. Noait soargen? Dan binne jo in gelokkich minske. Ja, hear, dat fiel ik ek sa. Ik woe dat de bern allegear sa gelokkich wienen. Dat is net sa. Nee. Myn skoandochter hat MS. Hoe âld is dy? 37. En de foarútsichten binne net goed. Sy sit kluistere oan in rolstoel. Jakkes. En dêr sille jo no aanst hinne? Hjoed ha'k frij. Har mem komt no tafallich del. Dan kin ik my foarstelle dat jo josels gelokkich priizigje. Jo mankearje niks. Nee, Jo kinne alles noch dwaan. Ja. Alles noch ite. Ja. Fierder noch wat bysûnders. Nee, ik soe it net witte.

Auteur

Fokke Wester