Oer de Brêge | Meine de Boer uit Gorredijk

GORREDIJK

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Meine de Boer (81) uit Gorredijk. ,,Ik bin fan negen vier zesendertig.''

Dat is in moaie leeftyd. Ja, ik mei net kleie. Fan wa net. Fan mysels net. No, 81 jier en no stean ik hjir op de hoofdbrêge lekker te kletsen. Wêr komme jo wei. Kinne jo it riede? Nee. Ik bin import. Kinne jo it net hearre? Nee. Ik hear der neat aparts oan. No, fan geboarte bin ik in Grinslanner. Mei 27 bin ik hjir kommen yn de Gordyk. Ik koe hjir wurk krije as lânboufoarlichter. En froeger wie it sa, as jo ergens wurk krigen, dan moasten jo dêr ek hinne te wenjen. Dat haw ik doe mar dien. En jo hienen ek in húshâlding? Ik bin doe troud. Jo hienen dêrfoar ek al wurk? Ja, ik wurke thús, op de buorkerij, mei myn heit yn Mearum, Grinslân. Mearum, dat binne al heale Friezen, hin? Dat sizze jo, mar jo kinne ek sizze dat it heale Grunnigers binne. Fan beide wat, mar dêr wurdt noch hiel goed Frysk praat. No, ik koe gjin Frysk, mar doe't ik hjir kaam en by dy boeren del moast, doe haw ik by mysels tocht: wol ik kontakt mei dy minsken krije, dan silst dochs prebearje moatte om Frysk te praten. En dat haw ik mar dien, mei fallen en opstean. En achter myn rêch ha se wolris lake, want der wienen hiel wat útspraken by, dat sil wol bêst bryk west ha. Watfoar oplieiding hienen jo hân. Ik hie legere skoalle, de ulo, dat wie der doe noch, en ik ha de Landbouwwinterskoalle dien yn Grins. En yn de rin fan de tiid ha wy hiel wat kursussen folge. Dus myn ferstân moat wol in bytsje mear ûntwikkele wêze. Doe't jo foarljochter waarden, yn de jierren '60, wie der doe in protte te ferbetterjen yn de lânbou? Ja, der is hiel wat gebeurd yn myn libben hjir, ontzettend folle. Wy ha ruilferkavelingen hân, dat hat in hiele goeie saak west foar Jobbegea en omstreken en Hoarnstersweach, want dêr siet ik in hiele protte. De ligboxenstâlen binne der kaam en dêrtroch moasten lytse boeren wike, dy hienen gjin bestean mear. Dat hat in hiele ûntwikkeling west yn dy tiid, hjir yn de omkriten. En gelokkich is dat gebeurd. Foar degenen dy't stil stean bleaunen, ja, dat hat wolris tryst west. Ja, wa't net meikoe, moast fuort. Dan moasten jo fuort. Dan sochten jo oar wurk op. Dat is wol lukt faak, by Stork of Philips, mar it wie wol hurd fansels. It bedriuwke moast opheven wurde. Mar dat is noch sa, eins, sjochst it yn elke tak fan it bedriuwslibben, horeka, winkeliers, slachters, neam mar op, oeral is't it selde gong. It moast allegear grutter. No, en no is it sa grut, ik wit it net. Is it trochsketten? Ja, wit ik eins net. Hâlde jo noch altyd by wat der bart yn de lânbou? Ja, yn grutte lijnen. Ik kin alles net mear folgje, lang net. Mar der is wol noch altyd in trend nei noch wer grutter. Ja en dat baart my dochs wol wat soargen hear, wurdt it net te grut? Mar wat is it goeie momint om Ho te sizzen. Ja, dat wit ik net. Want ik hear dy ferhalen fan Brabân, fan de stank, fan de emissys en wit ik allegear. Sis it mar, wêr leit de grins? Hat it jo in soad foldwaning jûn, om te sjen hoe't it him hjir ûntwikkele en hoe't it better waard. Ja, dat is wol sa. Ik fûn it wol moai, foaral by de minsken op it hiem, dat fûn ik prachtich, mar der siet ek wol kantoarwurk oan. Dat waard steeds mear en dat lei my net sa. As boeresoan koenen jo fansels wol goed mei de boeren prate. Se hearre gau genôch oft jo der doel oer ha of net. Ja, oer kij koe ik wol prate en mei bisten omgean, dy waarden fersoarge tot en met. En as ik dan no sjoch dat se faak wat ferwaarloasd wurde. Oan'e oare kant, wy hienen ek wol wreedheden. En wat wy no abnormaal fine, dat fûnen wy froeger hiel normaal, hin? In kat fersûpe by ús op de buorkerij, dat wie hiel gewoan. Dan sei ús heit: Moatst eefkes sjen ofst ek jonge katten fine kinst. By ús thús gienen se fuort nei de geboarte yn in nylon hoas yn in amer wetter. Mar dat moatst no net mear dwaan. Nee, en der ek net oer fertelle. Nee, want dan ha'k se moarn by de doar. Eefkes wat oars. Jo ha meiwurke oan dy skaalfergrutting, mar tsjintwurdich sjogge minsken mei heimwee nei froeger, nei dy lytse boerkes mei it fee yn it lân en lytse stâlen mei de kij op in rige. Dat romantyske byld. Ja, dat wie hiel romantysk. Foaral ast yn'e hjerst yn de jister sietst te melken yn in modderpoel, as dan de ko de poat optilde en de sturt jo om'e kop sloech, mei de stront deroan. Dan krigest sa'n feech oer de kop, man, dat wie net sa moai. Dus sa romantysk wie dat net. Nee, en dan moast yn'e hjerst mei dit waar ierpelsykje. Dat wie net sa maklik, rapen plukke, dat wie ek net sa lekker, altyd kâld! Sa'n boer op syn tuoltsje ûnder in ko, dat is in moai byld, mar... Ja, dat is ek moai, en ast moarns dy sinne opkommen seachst, dat wie ek moai. Mar dy komt noch altyd op. Ja, gelokkich al. Der is in protte wûn, mar ek in protte ferlern gien. In protte minsken misse it gemoedlike fan froeger. Ja, dat is wol wier, tink ik, it is allegear wat saakliker wurden. Hoewol, froeger hienen minsken ek soargen. As ik myn heit dan hearde, as er mei de biggen nei de merk gong en hy koe se net ferkeapje. Dan liet er se mar los. Hy koe se net meinimme nei hûs, want hy hie der gjin fretten mear foar. Dat is ek tryst. Ja, it wie froeger ek gjin fetpot. Wy tinke wol dat it allegear sa romantysk is. Wy hienen ek wol wille, mar kinst no ek wol wille ha. Jo ha al in moai skoft fan Drees, hoe is it libben foar in 81-jierrige. Ik mei net mopperje, ik kin noch hiel wat dwaan, ik kin noch mei de mûle omgean, it ferstân is noch reedlik, de gesondheid fan myn frou en my is noch aardich goed, ek al ha wy wol ús krupsjes. Mar ik stean hjir gesellich wat te kletsen, meie jo dan kleie? Jo rinne wol mei in stok. Ik bin twa kear fallen. Ien kear yn Beetstersweach, plat op de snút, de noas iepen, it kin iepen, de hannen iepen. Doe bin ik wat ûnwis wurden. No haw ik dizze stok en ik haw him miskien net noadich, mar mei genoegen rin ik der mei. Ik bin in âld keardel, mar ik geniet der noch wol fan.

Auteur

Fokke Wester