Berne-opfang Op ús Pleats op ‘e Gordyk behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

Opsterland-Ooststellingwerf

Feest op berne-opfang Op ús Pleats op ‘e Gordyk: de liedsters hawwe it sertifikaat ‘bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen.

De lokaasje wurket sûnt jannewaris 2013 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en fierden dat op har Simmerfeest. Der wie foar elk wat te dwaan, sa wie der ûnder oaren in high tea, spultsjes en in dûnsaktiviteit. De liedsters hienen as tarieding op it feest it boek ‘Berre is jarig’ foarlêzen. Berre de Beer wie ek op it feest om syn jierdei te fieren. Op ús Pleats en twatalichheid Berne-opfang Op ús Pleats fan eigner Daisy Put, bestie dizze maityd fiif jier. Doe’t it wurkjen mei in twatalich belied yntrodusearre waard, wie de lokaasje noch gjin jier oan de gong. It berne-oantal is mei de jierren behoarlik groeid en it oantal liedsters groeit mei. Guon liedsters biede it Frysk oan en guon it Nederlânsk. De liedsters biede har fêste taal de hiele dei konsekwint oan. Der is omtinken foar beide talen by it oanbieden fan aktiviteiten lykas sjongen en foarlêzen. Tomke en Raai de Kraai Der wurdt bygelyks wurke mei de hânpoppen Tomke en Raai de Kraai, wêrby’t Tomke Frysk praat en Raai Nederlânsk. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare. Sûnt dit jier is der in soad omtinken foar it ynteraktyf foarlêzen. By guon Fryske en Nederlânske boeken hawwe de liedsters in fertelkoffer makke, dêr’t by alle leeftydsgroepen op in passende manier mei wurke wurdt. Op dy wize is it ferhaal fan ‘Berre is jarig’ ek oanbean. Protte ynteraksje Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op Op ús Pleats west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘Der wurdt yn de pjuttegroep wurke neffens it ien liedster-ien taal model. Yn de pjuttegroep is dat moai te sjen, at de bern yn de kring sitte: Daisy stelt de fragen yn it Nederlânsk en Alien docht dat yn it Frysk, gewoan njonkenelkoar. De ien winsket de bern in goeiemoarn en de oare seit goedemorgen. En soms wurdt it Nederlânsk fan bygelyks it hulpke yn it Frysk herhelle troch Alien. Sa krije beide talen hiel moai en natuerlik har gerak.’ En: ‘De liedsters ha each foar alle bern. Se hâlde se goed yn ‘e gaten en soargje dat se krije wat se nedich ha oan oandacht en oan taal. Der is in protte ynteraksje mei de bern. De liedsters stelle dúdlike grinzen. De wurden “niet en nee” wurde nea brûkt om’t de lieding fynt dat je ek wol op in oare en bettere manier bern ferbetterje kinne. Dêr ha se ek in training foar folge.’ Begelieding By it sertifisearringstrajekt krijt berne-opfang Op ús Pleats begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 200 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Auteur

Redactie