Oer de Brêge | 'Mem har winkel is it lêste stikje dat wy noch fan har hawwe'

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Marieke Buruma (31), geboren en getogen Gordykster en eigenaar van kledingwinkel Us Hoekje.

Troud, ferloofd... Myn freon komt út Austraalje, dy ha'k in heal jier lyn oerkomme litten en wy wenje no samen. Koe hy hjir samar komme? Nee, net samar, al is it út Austraalje makliker as út guon oare lannen. Dyn freon moat ek in hiele proseduere trochrinne? No, net in hiele moeilike proseduere. De foarwaarden wienen dat ik in baan hie, sadat ik him ûnderhâlde koe, en dat hy gjin strafblêd hie. Wy moasten in relaasjefisum oanfreegje en dan moatst oantoane datst twa jier in relaasje hast. Dus mei foto's, famyljeberjochten, fleantickets, alles wat mar bewize koe dat wy mekoar al twa jier kinne. No, dat koenen wy. Hoelang lyn hast him troffen? Twaëninheal jier lyn. Hast dêr hinne west te backpacken? Ja, twa jier, foar it grutste part Austraalje en Azië. Ik ha froeger faak op reis west mei ús heit en mem, dus dat siet der wol yn. Mar twa jier fuort, dat is wol in hiel skoft. Ja, al haw ik yn de tuskentiid wolris thúswest. Mar soms gebeure der dingen yn it libben datst tinkst: ik moat eefkes út'e Gordyk wei. En dat wie by my it ferstjerren fan ús mem, acht jier lyn. Ik wurke ek altyd mei ús heit en mem yn de kleanwinkel. En doe dienen wy dat ynienen tegearre. It fleach my allegear wat oan, de Gordyk fleach my oan. Ik tink: ik moat hjir eefkes wei. Dus doe bin ik fuortgien. Echt nei de oare kant fan de wrâld. Ja, ús heit siet dêr al, want dy wie sels ek op wrâldreis gien foar in jier. Gewoan op'e motor út'e Gordyk weiriden en... Dat kaam allegear troch it ferstjerren fan dyn mem? Ja, eins wol. Wy woenen gewoan eefkes in pauze fan alles. En ús heit hie altyd al de winsk om in reis te meitsjen op de motor nei Austraalje. Dus dat hat er dien. En healwei syn reis tocht ik: ik kin it net, it lukt my net, it wol net. Doe sei ús heit... Wachtsje eefkes, yn dy tiid moasto dy winkel allinnich runne? Ja, twa winkels, want wy ha der ek noch ientsje yn Snits. Mar dat wie ek myn dream, dus dat hindere neat. Mar doe't ik dy burn-out krige, sei heit: do komst de krystdagen mar by my yn Austraalje, dan fiere wy kryst tegearre. Dat like my wol goed ta, dus ik ha myn lêste sinten by mekoar goaid en in ticket kocht en doe bin ik dy kant útgien. En doe, achterop by jim heit op'e motor? Nee, net achterop de motor, mar wy ha gewoan yn Sydney west en yn Darwin, lytse tripkes makke tegearre. En doe tocht ik: wat is de wrâld hjir moai. Wat doch ik yn'e Gordyk? Doe haw ik hjir noch in heal jier wurke en alles oan'e kant dien en doe bin ik echt fuort gien. In hiele stap. Ja, dat wie in hiele stap. Mar dan trefst yn Austraalje dus in leuke keardel... Ja, ... en dat slacht oan... Ja, sa giet dat gewoan. Wie dat dan ek fuort de ein fan dyn reis, of bist wol fierder gien. Nee, want in freondinne en ik krigen wurk yn Perth en dat duorre wol in heal jier. En fan dêrút ha wy lytse tripkes makke. Mar wy kamen hieltyd werom yn Perth. Wy hienen it dêr hiel goed nei't sin, wy hienen in leuke freonegroep opboud, wy wurken op grutte partyboats, dus wy hienen it dêr hiel goed, eins. Dus dat reizigjen waard op in stuit echt minder, wy fêstigen ús dêr echt. Echt in hûske en alles en dan komst ek wat mear yn kontakt mei de locals. En doe kaam ik Matt tsjin. Mar op welk momint hast dan besluten om dochs werom te gean nei De Gordyk? Foarrich jier simmer. Doe haw ik in pear kear tocht fan: is dit wol wat ik wol, mei myn freon en sa. It wie wat wispeltuerich soms, dus ik sei: ik moat mar in skoftsje nei hûs om oer alles nei te tinken. De Gordyk wie noch altyd thús foar dy. Ja fansels, dit bliuwt thús. Dit is altyd thús. Dus alle kearen as ik hjir kaam wie it ek altyd goed. Der feroaret hjir ek net folle, mar it is ek altyd wol wer goed ast thúskomst. Mar doe't ik hjir in pear moanne wie haw ik mei ús heit praten. Ik siet dochs mei Matt yn myn mage, ik woe witte wat dat no wie, wol of net. Dus doe bin ik werom gien en doe haw ik Matt de keuze jûn: giest mei, of bliuwst hjir. Hy sei: do litst my net noch in kear allinnich, dus ik gean mei. Moai. Ja, dus no binne wy hjirre. Hy hat frij flot in baan krigen en alles. Wat docht er. Programmeur, yts yn de automatisearing. Dat is it moaie ast Ingelsk kinst en handich bist mei kompjûters. Dat kin oeral op'e wrâld, yn de Gordyk likegoed as yn Austraalje. Ja, al wurket er no yn Schoonhoven, dus hy is troch de wike fan hûs en hjir yn de wykeinen. Leuk, mar wat in ferhaal. Ja, it is in hiele belevenis. En no wurkje ik sûnt in heal jier wer full-time yn de winkels. Hienen jim ferfangers yn de winkels doe't jim fuort wienen? Ja, wy ha altyd bedriuwslieders hân. Jim ha noait tocht: wy ferkeapje de brut. Ja, heit wol, hiel faak. Mar witst wat it is, it is dochs ús mem har winkel. It is eins it lêste stikje dat wy noch fan har hawwe, echt. Us heit seit wol dat syn passy wat ferdwûn is, mar hy hie dochs altyd de hoop dat ik werom komme soe en yn de winkels gean soe. En dêr hat er gelyk yn hân. En wy geane der fol tsjinoan mei de winkel. Ik sil ús mem sjen litte dat it ek myn passy is. Ik wol har dream fuortsette.  

Auteur

Redactie