Oer de Brêge | Klaas Koning: 'Jo moatte sjen nei wat jo noch wol kinne'

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Klaas Koning (66) uit Gorredijk.

Ik wenje hjir yn dat moaie appartemintekompleks, al sûnt it begjin, april 2009. Jo binne ek in Gordykster? Nee. Wêr komme jo wei? Oarspronklik Lievevrouweparochie. In echte Biltker, dat is omstean leare, of net. Ja, dat wol, froeger wol. Mar wy binne hjir kaam fanút Eastermar. Wy hienen dêr in hûske op it Heechsân, mei 1000 kante meter grûn, mar dat koe ik net mear dwaan, fanwege myn COPD en myn oare lichamelijke gebreken. Doe sochten wy in appartemint en dat fûnen wy op'e Gordyk. Jo binne ôfkeurd? Ja en nee. Ik ha altyd yn'e horeka sitten en dêr bin ik yn '96 útrekke, want as jo net goed mear rinne kinne as kelner... Wat mankeare jo oan de foet? Ik ha kopnekrose yn beide heupen. No ha'k links yn 2009 in nije heup krigen, mar dêr bin ik in pear kear op fallen en no sit dy penne los en no kinne se my net mear opereare. Dat liket my frij eng, want as jo wer falle... Ja. Hy bliuwt oant no ta wol op syn plak sitten... Mar sy kinne it net wer opereare, want it bot stjert ôf yn'e heup. Dat klinkt hiel earnstich. As it sa trochgiet, komme jo dan aanst yn in rolstoel? No, dat is hiel tafallich, de WMO-man fan de gemeente komt moandei op besite, want ik ha oanpassings noadich. Ik ha wol in automaat, mar as ik út de auto stap, dan moat der ek noch wat wêze. In loopfyts, of sa. Ik fertik it om achter in rollator te rinnen. Dat ha'k dien, mar dat wol ik noait wer. Wêrom net, foar it byld net? Ja, foar it byld net. Dan lykje jo fuort gehandikapt. Ja. En mei in kruk, sa as no, liket it krekt as ha jo wat tydliks. Ja. Dat is lêstich, want jo ha wol wat permanents, dat net wer oerbettert. Ja, der binne minsken dy ha it slimmer as ik, mar myn sjirurch sei: Ja, menear Koning, mar jo ha't wol. En dat is wier. Alles hat twa kanten. It hie minder kinnen en it hie better kinen. Krekt. En jo moatte net sjen nei de dingen dy't jo net mear kinne, mar nei wat jo noch wol kinne. Dat is wier, mar dat is makliker sein... Ja, it is maklik sein, mar it is wolris moeilik. Hoe befalt it wenjen hjir. Perfekt. Der sit in lift yn en alles is gelykfliers. En yn dit doarp ha wy alles by de hân. Wy binne sear tefreden en wy geane hjir net wer wei. En as jo hjir foar it rút sitte, dan is der yn dy feart altyd wat te dwaan. Ja, mar simmers binne wy meast fuort. Wy ha in caravan, net fier fuort, Goiïngahuzen. Oan't wetter, fjouwer meter fan it kanaal ôf. Wy ha in lyts boatsje, in fiskboatsje, want fiskjen is ien fan myn grutste hobby's. Jo sitte hjir ek wolris by it kanaal? Ja, by't hjerst en yn it foarjier. En dan fang ik ek snoekbearzen en snoek. Flak foar hûs, dan hoech ik hielendal net fier fuort. Dat is wol hiel lúks. Ja, nei de simmer is der gjin ferkear mear op it wetter en it gemaal is oanpast, dus wy ha gjin lêst mear fan de herry. En it wol hjir wol bite. Jawis wol. Net altyd, mar lêsten hie'k yn in oere trije moaie grutte snoeken. Dan tinkst de dei dernei: mar wer hinne. Niks. Sa giet soks. En mar goed dat it sa ûnfoarspelber is... Seker, as jo elke dei sa'n partij fange, dan is de lol der gau ôf.

Auteur

Redactie