Oer de Brêge | Brugwachter Jeroen van der Meer

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Jeroen van der Meer (25) uit Jubbega. En dat was niet vreemd, want die werkt er.

Wat bisto, slûswachter of brêgewipper. Wat jo mar wolle. Ik doch dit trije dagen yn'e wike, dit wurdt myn achtste jier al. Achttjin wie'k doe't ik begûn. Do bist yn tsjinst fan de provinsje? Ja, as brêgewachter op de Turfroute, sis mar it trajekt fan De Gordyk oant Appelskea en Mildaam. Op al dy brêgen en slûzen kinne wy ynpland wurde. It is seizoenswurk, trije moanne lang. Wat dochsto dy oare fjouwer dagen yn'e wike? Fjouwer dagen koerierswurk, pakketten ôfleverje. En yn't wykein ha'k jûns in drive-in-show. Dat is myn eigen bedriuw, JVDM Entertainment. Wat is dyn namme as DJ? JVDM entertainment. Dat klinkt net, seist net DJ JVDM Entertainment. Nee, ik ha net in dj-namme. Ik draai wol platen, mar ik bin hiel breed. Ik doch karaoke, ik sjong sels en ik draai platen en alles ûnder dy iene namme, JVDM, dat komt fan Jeroen van der Meer. Ja, dat hie'k yntusken begrepen. Dat is wol in hiel ôfwikseljend libben. Breed, drok en allinnich mar moai. Dizze simmermoannen is it wol drok, mar yn de winter ha'k de brêge der fansels net by. Dan ha'k allinnich it koerierswurk en de muzyk yn it wykein. Dat rint it hiele jier wol moai troch. Hoe lang dochst dat al. Saterdei 1 july wie'k der fiif jier mei bezich. Alle wiken op paad? Ja, op it stuit wol, mar gemiddeld trije kear yn'e moanne. Personielsfeestjes, brulloften en sa. Ja, en jierdeis en doarpsfeesten, fan alles wat. Samar spontane feesten ek wol. Do dochst echt watst leuk fynst. Jaseker. Dít wurk is ek fantastysk. Kontakt mei minsken, hearst de moaiste ferhalen oer wat se meimeitsje. Kom no, dy boaten farre troch en dan binne se fuort. Nee, want de slûs moat in kertier, 20 menuten leechrinne, en dan ha wy wol tiid om eefkes mei de minsken te praten. Eefkes hearre hoe't se de Turfroute erfare, en wat se meimakke ha ûnderweis. Dan komst de gekste dingen tsjin. Liket my wol gesellich, want it binne altyd minsken op fakânsje, dus altyd fleurich. Ja, en as it moai trochfart en de betsjinning giet flot, dan is it hiel tankber wurk. Wat fine de minsken fan de Turfroute. Wat ik hear is: it is in rêstige route, moaie omgeving, de minsken allegear like aardich en behulpsum, en sûnder poespas, oft it no reint of 40 graden is. It liket my wol wat foaral foar âlderen. Ja, hoofdsaaklik wol, it binne foaral de 50- en 60-plussers dy't de route farre. Komst hjir net in hiel soad jeugd tsjin. Is dêr neat oan te dwaan? Asto hjir noris komst mei dyn drive-in-show. Nee, ik tink it net. De jeugd fart leaver op iepen wetter. De Turfroute is no fergees, fernimst dat al? Nee, noch net echt. It is ek noch net echt fakânsje, mar ik tink wol dat der minsken binne dy't no earder de Turfroute pakke. Wat koste it oars. Twintich euro, foar de heule route. Dat is de muoite oars ek net. Nee. Ik doch eefkes de brêge op, momint. Hoe faak dochst dit deis? Fiif, seis kear deis. En dan fart der in oantal skippen troch. Ja, no twa, mar it binne der ek wolris fjouwer yn ien kear. Dat is net echt drok. Nee. Fan'e wike ha wy alris 23 skippen hân, mar it leit him ek oan it waar. As it moai waar is, wurdt it fuort drokker. Jim steane hjir net mear mei in klompke. Nee, dat mei net mear. Wy krije noch wolris in foai, mar wy meie der net mear nei fiskje. Akkrum en dy kanten út dogge se it noch wol, dan betellest 2 euro per brêge. Jim wachtsje wol in soad, wat dogge jim oars. Dan sitte wy hjir gesellich mei in bakje kofje, de dei wat trochprate. En as der no de hiele dei gjin boat komt. Dan moatte wy dochs wachtsje. No sitte wy hjir op in sintraal punt, dus se komme hjir ek te freegjen wêr't alles is. Jim binne tagelyk ek VVV. Dêr liket it hast al op.

Auteur

Redactie