Oer de Brêge | Jantje Weidema

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Jantje Weidema (74). Ze wil wel meedoen aan de rubriek, maar ze waarschuwt maar vast, ze heeft niet zo'n bijzonder verhaal, hoor.

74, dan binne jo noch moai donker fan hier. Ja, dat haw ik krekt fan'e wike wer regele. Hoe lang wenje jo al yn'e Gordyk. Fanôf 1962. Ik kom fan Wynjewâld, Weinterp. Ik troude mei in Gordykster. En doe begûnen wy in saak, taksybedriuw Moll. Mar ik bin skeiden, hear. Jo ha meiwurke yn it bedriuw? Ja, 26 jier. Ik ha sels riden en wy hienen in pomp der by. Is it dan ek moeilik om de eigen achternamme wer te brûken? Jo ha al dy tiid frou Moll west en dat is hjir dochs in bekende namme. Ja, en guont sizze dat noch. En dan reagear ik der ek noch wol op, hear. Mar wy binne yn 1988 útinoar gien, dus al langer skeiden as troud west. Ha jo dêrnei ek wurke? Ja, ik ha trije jier by Taxi Oenema west. De konkurrint? Ja. Hoe wie dat? Ik fûn it net ferkeard, mar de minsken tinke dan datst dêr komst om de saken eefkes te regeljen. En dat lei net by elkenien lekker, dus nei trije jier binne wy ferhûze nei Texel.  Dêr ha wy sân jier wenne. Doe binne wy weromkaam , want alle bern krigen bern. Jo hienen doe al in nije relaasje. Ja, en dy haw ik noch. En dy kaam fan Texel. Nee, dy kaam fan de Gordyk. Hoe kamen jim dan by Texel? Wy gienen al hiel lang altyd nei Texel, wy hienen der famylje doe en ik hie der altyd wol wat mei. Doe't ik allinnich wie, woe ik der in pensjon keapje. Dat slagge net, mar doe't wy der folle letter tegearre op fakânsje wienen, kaam dy frou wer by my. Sy wie no wol klear om der út. Wy wennen yntusken yn Langsweagen, dus wy hienen no earst wol wat te ferkeapjen. Mar dat wie samar ferkocht en wy kamen yn septimber wer op it eilân. Ik belle dy frou op en sei: wy kinne wol eefkes nei de makelaar om de dingen te regeljen. Doe sei sy dat der noch wol wat wie en ik begreep dat sy mear jild ha woe. Ik tink: smoar der dan mar yn. Dat klinkt hast as oplichting. Ja. Bart hat der noch hinne west om te praten, mar ik woe net mei, ik stie net foar mysels yn. Net dat ik har fermoardzje soe, mar ik wie der hast ta yn steat. Wy hienen ús hûs ferkocht en ik hie myn wurk ek al opsein. Mar al mei al, in slachje om riden en doe bekamen wy wat. Wy binne nei de makelaar gong en ha der in hûs kocht. Mar net in pensjon dus. Nee, mar der wie wol in simmerhûske by en in appartemint. En doe ha wy wurk socht. Ik ha sân jier bejaardehulp west en dat hat my hiel bêst foldien. Jo binne wol fan de grutte stappen, of net. Ach, ik wie wol thús op Texel en ik koe der al in protte minsken. Mar wy binne der no ek al wer twintich jier wei. Earst fiif jier yn it Hearrenfean wenne, mar ik hie hjir myn wurk, by Jonker Houtconstructie yn de kantine, dat doe binne wy nei De Gordyk ferhûze. Jo prate der wol maklik oer, de skieding en sa, ik kom hjir ek wol minsken tsjin dy't it der absolút net oer ha wolle. Nee, mar dat is gewoan sa. Jo moatte der wol wat fan meitsje. Ik sjoch ek wol minsken dy't 60 jier troud binne. Dan kin ik de skiednis en dan tink ik: hoe kinne se? Dan kinne jo mar better de stap sette en opnij begjinne. It is in nije kâns en dy ha jo oangrypt. Ja, en ik bin der noch. Binne jo in bytsje gelokkich? Jawol. In bytsje, haha. Nee, ik bin gelokkich, omdat ik sûn bin. Alle bern en lytsbern binne sûn. No, kinne jo der sa wat mei?

Auteur

Redactie