Oer de Brêge | Janneke Post: 'Je kinne safolle en je moatte safolle'

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Janneke Post (23). Ze woont als studente nu in Groningen, maar is even bij haar ouders in Nieuwehorne.

Ik kom hjir eefkes in pakketsje bringen, by de Primera. Soks ha jim net yn Nijehoarne? Foar de measte pakketten kinne wy wol terjochte by de Coop, mar dit wie natuerlik wer krekt in bysûnder pakketsje. Dêrfoar moasten wy ergens oars hinne en doe tocht ik: no, dan kinne wy wol eefkes nei de Gordyk. Wat dochsto yn Grins? Ik sit noch op skoalle, ik studearje Taalwetenschappen. En fierder wurkje ik yn de horeka, by in cateringbedriuw yn Leek. Dat is dus oeral en nergens. Troch de wike bin ik meastal yn Grins en yn't wykein bin ik faak hjir, omdat ik dan by myn âlders bin, yn it Hearrenfean en omgeving. Sa reizigje ik wat hinne en wer. Do wurkest om de stúdzje te beteljen? Ja, stúdzje en fakânsjes, leuke dingen. Hasto noch studiefinanciering? Nee, net mear, mar dat kinst wol hiel maklik liene, hear. It is der wol op achterútgien, mar wat ik net mear krij, dat lien ik no. Ik bin fjirdejiers, dus it falt mei. Ik ha hiel lang studiefinanciering hân. Ik fernim der no noch neat fan, mar dat komt letter wol fansels, ast it werombetelje moatst. Taalwittenskippen, wat kinst dêr mei? Ja, dat is in hiel goeie fraach. Doe't ik der oanbegûn woe ik hiel graach rjochting logopedy, mar dêr bin ik net sa seker mear fan. Sit logopedy by taalwittenskippen? Ja, je leare in hieleboel oer talen, grammatika en theoretyske dingen, mar ek oer dyslexy en logopedy en soksoarte fan dingen. Dat is wol in hiel leuke kant. Mar nei fjouwer jier studearjen wit ik eins net mear sa goed wat ik wol. Dus ik nim no aanst earst in tuskenjier en dan moat ik mar eefkes hiel goed neitinke wat ik no fierder wol. Wat silst dwaan yn dat tuskenjier. In protte wurkje en skilerares wurde. Do kinst goed skië? Jawol, mar do moatst ek les kinnejaan. Ik bin der net mei opgroeid, mar as jo ien kear binne west, dan moatte jo gewoan wer. Wy geane elk jier mei in freonegroep, dat is neist it skiën ek hiel gesellich. Do seist'kinnejaan' en 'binne west'. Do draaist de wurden om yn it Frysk en dat falt my ôf fan ien dy't taalwittenskippen studeart. Haha, ja, sorry, it moat wêze' as jo ienkear west binne'. Krije jim soks ek yn de stúdzje. Ja, woordvolgorde krije wy wol, mar dat is net it diel dat ik leuk fyn. It giet my mear om: hoe kin ik minsken helpe mei harren taal. Do praatst fan hûs út Frysk, nim ik oan, hast dêr ek profijt fan? Jawol, witst hoe't it wurket ast twatalich grutbrocht bist. Mar dat spilet net in hiele grutte rol. Ik fyn it sels wol leuk, dat minsken mear talen prate, de mearderheid fan de minsken op 'e wrâld is meartalich. En miskien helpt it ek wol om noch in oare taal te learen, omdat jo dy beide talen dochs al mei mekoar fergelykje. Bist al oan it dreamen oer watst aanst allegear dwaan kinst? Moat it mei dyn stúdzje te meitsjen ha, of kin it ek totaal wat oars wurde. Nee, dat hoecht net. Ik bin der mear achter kaam wat ik nèt wol, as wat ik wol wol. Ik wit wol dat ik net myn hiele libben wat mei taal dwaan wol. Wêrom hast dêrfoar keazen dan. Ik hie my ynskreaun foar in zorgstudie, mar doe waard ik útlotte. Dat hearde ik doe't ik op fakânsje wie. No, bale, mar dan moatst snel wat oars kieze. Doe kaam ús mem mei it idee fan taal. En ik fûn taal wol altyd hiel leuk, al wist ik doe noch net sa goed wat ik der mei koe. Der is dus net sa hiel goed oer neitocht. It wie mear in negative keuze, dus. Ja, eins wol. Dat klinkt hiel stom, mar... No ja, sa bin ik oait op de PA terjochte kaam, dus it kin altyd noch goed komme. Ja, en ik ha der ek in hiel soad goeie dingen leard. Mar ik wit noch net oft ik der wat mei wol. Hast wol in idee wat foar rjochting ast út wolst. Nee, echt net. Dit wurdt in hiel saai ferhaal, sa. Froeger, en dat klinkt miskien oubollich, wienen se mei 23 al in pear jier oan't wurk. Ja, ik wit it. Ik woe earst yn de maatskiplike soarch, miskien dat ik dy kant noch út kin, mar dan moat ik in hiel nije oplieding dwaan en dat kostet ek wer jild en tiid. De soarch sit wol takomst yn, der wurdt in protte jild foar frij makke en der is ek wol fraach nei minsken. It liket my ek hiel leuk. It is natuerlik net hielendal de rjochting dêr't ik yn oplieden bin. Mar ik kin wol sjen oft ik soarch en taal miskien kombineare kin. Minsken helpe dy't nei in hersenbloeding afasy ha. En dyslexy is ek in foarm fan soarch. Dus dochs noch. Ja, miskien wol, wa wit. It klinkt noch net hiel oertsjûge. Nee, dat bin ik ek net. Sorry, ik kin net in oertsjugjend dreamferhaal hâlde. Miskien is dat ek wol tekenjend foar de jeugd fan tsjintwurdich, dat dy inderdaad net sa seker is. Ja, tink ik wol. Jo kinne safolle en jo moatte ek safolle as jo jong binne. En jo moatte al hiel gau kieze wat jo foar de rest fan jo libben dwaan wolle.  Froeger wienen se miskien noch wol jonger, mar ik hie no wol oare keuzes makke as fjouwer jier lyn. Eins seisto: ik hie fuort nei de middelbare skoalle al in sabattical ha moatten. Miskien wol. Mar doe fûn ik it júst wol hiel leuk om op keamers te gean en it studinte libben. En dat wie ek leuk. Echt hiele moaie jierren. Echte frijheid. Ja, echt wol. En no aanst wer oanpasse. Ja.Wy sille it sjen.

Auteur

Redactie