Oer de Brêge | Pietsje van Dijk wil een echte groentetuin

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Pietsje van Dijk (58) uit Gorredijk, die daar op dat moment haar hond Dana uitliet.

Ik bin hjir geboaren en getogen en noait fuort west. Een echte Gorredijkster dus. Waarom bent u nooit weg gegaan? Ik fyn it in gesellich plakje om te wenjen. Ik bin opgroeid yn de Compagnonsstrjitte en ha dêr op skoalle Trimbeets sitten. Dat is in hiel gesellige strjitte. U bent getrouwd? Ik bin no wer skieden, mar ik ha wol 35 jier troud west. Dan bent u nog niet zo lang gescheiden. Nee, twaënheal jier werom ûngefear. Zullen we het daar verder maar niet over hebben? Nee. Ik wenje no hjir op it hofke, op it Romkespaad, mar ik stean al ynskreaun foar in wenning mei in tún. No wie der in hûs op de Mouterij frijkaam, mar doe wienen der fansels al wer sechstjin foar my, hin? U woont nu in een appartement, maar u wilt graag een huis met een tuin hebben. De meeste mensen doen het juist andersom als ze wat ouder worden. Ja, dat is sa. Mar myn heit hie by it hûs yn de Compagnonsstrjitte in grutte tún en dy ferboude dêr syn eigen griente yn. En dat fyn ik ek moai, dat wol ik ek. Dat heeft u wel eerder gedaan. Ja, thús wol, mar net mei myn man. Wy hienen wol in hiele grutte tún, foar en achter, mar dat wie mei blommen en gersfjild en konifearen. En dy tún die ik ek altyd, want sjoch, hy wie oan't wurk. En u mist die tuin, u wilt weer bloemen en groente. No, blommen sasear net, mar wol echt in grientetún. En wat wilt u dan verbouwen? No, beantsjes, ierdbeien natuerlik, reade biten kin wol, sipels wol, ierpels wol, eins alles wol. U wilt er echt een gezellig moestuintje van maken. Jaseker. Ik vind zelf niets aan tuinieren. Wat is er volgens u zo leuk aan? Dat jo bezich binne yn'e tún, dat jo dan jo eigen spul wat ferbouwe. En dat is lekkerder as út'e winkel wei. En je weet zeker dat er geen vergif op zit. Ek noch. En jo ha wat te dwaan, want yn'e hûs binne jo al gau wer klear, natuerlik. Heeft u werk? Nee. Ja, wol yn'e hûs natuerlik. Nooit een baan gehad? Ik ha op it fabryk wurke, yn Easterwâlde, de Friki wie der doe noch. Friki, in de kippen en de snacks. Ja, wy moasten dan de filet snije foar schnitzels en cordon-bleus. Ik ha dat in pear jier dien, oant ik troude en der bern kamen. Was dat een goede keuze? Ja, fyn ik wol. Want dan hast alle tiid foar de bern. Dêr wienen jo altyd mei bezich. Der kamen ek altyd bern fan'e buert by ús. Yn't wykein hienen wy moarns betiid, om sân oere al, de bern fan de buorlju yn'e hûs. Dy kamen gesellich by ús. En de bern fan skoalle kamen ek by ús. Hoeveel kinderen heeft u? Twa, in famke en in jonge. Mar dy binne ek al wer 33 en 31. Dy binne al lang it hûs út, mar se wenje wol allegear hjir yn'e Gordyk. Julie zijn echter Gordyksters met elkaar. En ze komen geregeld langs? Ja hear. Dus ze betalen u nu de aandacht weer terug. Ja, haha, eins wol ja. En ik ha fjouwer beppesizzers, de âldste is tsien en de jongste dy is trije. Je hoort vaak zeggen dat oma zijn leuker is dan moeder zijn, vindt u dat ook? Nee, dat fyn ik net. It is wol oars, hin, as mei jo bern. Als oma heb je wel de lusten, maar niet de lasten, zeggen ze altijd. Ze gaan na een tijdje weer weg en dan heb je alleen de leuke dingen. No, de beppesizzers dy't ik ha binne soms ûndogensker as de eigen bern, hear. Maar u geniet er wel van. Jaseker. U bent een blije Gordykster. Jaseker bin ik dat!

Auteur

Redactie