‘Leave Minsken’ yn kafee Overwijk op ’e Tynje

Opsterland-Ooststellingwerf

Op freed 17 en sneon 18 maart set Rjucht en Sljucht fan De Tynje it stik ‘Leave Minsken’ op ’e planken yn kafee Overwijk.

It begjint beide dagen om 20.00 oere.  Kaarten kinne besteld wurde by Klaske Lageveen, tel. 0513-571630 of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl. Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa. Leave Minsken is skreaun troch Maria Goos. It stik hat in televyzje searje west en is oerset en oanpast foar toaniel troch Tryntsje van der Zee. Leave Minsken giet oer twa dakleazen. Dree, al in heal jier fan de drank ôf en Ietsje, in ex-heroïne ferslaafde. Fia in resosjalisaasje projekt ha se in flat tawiisd krigen. Se wolle harren bêst dwaan om sa’n normaal mooglik libben te krijen. Mar as dat slagget? It binne minsken dêr’t wy ús leaver net mei identifisearje mar wêr’t wy wol nijsgjirrich nei binne en hoopje dat dy wrâld net uzes wurdt. De spilers dy’t it stik op ’e planken sette, binne Tymo Reinsma, Rinze Hof, Jeen Wouda, Chantal Sinnema en Jannie Huver-Idzerda. Eppie Oosterbaan is ynstekker en it stik wurdt regissearre troch Anneke van den Akker út Oerterp.

Auteur

Redactie