Oer de Brêge | Gerda Eppinga: 'Ik fyn't hjir wat gemoedliker'

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette deze week op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Gerda Eppinga (58) uit Heerenveen.

Jo komme fan It Hearrenfean, mar jo kenne de Woudklank wol, seinen jo krekt. Jawol, mar ik ha hiel lang yn Lippenhuzen wenne, der bin ik geboaren. Wêrom binne jo nei It Hearrenfean ferhûze? Om ferskillende redenen, mar meinammen ek omdat ik dêr wat mear gemakken ha, wat mear mooglikheden. Mar wêrom binne jo dan no yn De Gordyk? Ik bin hjir no eefkes om nei Rinsma te gean. Ik bin ek noch wol op De Gordyk oriënteard, ik bin yogadosint en jou yoga hjir yn De Skâns, op tiisdeitejûn en woansdeitemoarn. As selsstannige? Ja. Ik ha myn eigen yogapraktyk Yoga-Sin, ek yn It Hearrenfean. En fierder... Gordyk lûkt my altyd, ik fyn it gewoan in leuk doarp. Mei in soad leuke winkeltsjes, in leuke, fijne sfear, it doarpske. Sykje jo hjir as yogadosinte ek de rêst op? Ja, ik hâld fansels fan de rêst, hin? Dat is wol dúdlik. Ja, ik fyn't hjir wat oersichtliker, wat persoanliker, tink ik, wat gemoedliker. Dit is echt in Yogadoarp. Miskien wol... Nee, dat wit ik net, dat wit ik net. Mar it is wol okee, hjir. Mar grutte plakken binne dochs in stik hektysker. Dat is hielendal wier. Mar ik fyn dat se hjir gewoan in hiel soad leuke, lytse winkeltsjes ha. Rinsma is fansels net echt in lyts winkeltsje mear. Nee, mar dat moatst yn lytse stikjes besjen. Ik kom der sa no en dan, ek net te faak, mar dan rjochtsje ik my echt op bepaalde merken, dy't ik fijn fyn. Eefkes hearlik sneupe. Is dit foar jo ek eefkes werom? Ja, mar ik kom hjir hiel faak, dus is it net iens echt werom. It is wol fijn om hjir te wêzen. Ik fiel my yn dy sin noch wol in Opsterlanner. Hoe lang binne jo hjir al wei. No, seker wol fiifentwintich, tritich jier wol. Mar myn âlders wenje hjir noch altyd yn Lippenhuzen en myn famylje wennet hjir yn'e omkriten, dus ik bin hjir graach. Is yoga no populêrder as froeger? Ja, echt wol, it is miskien wol wat in hype, sels. Mar it is ek noadich yn dizze hektyske tiid. Minsken ha gewoan behoefte oan rêst, weromkomme by harsels, by harren kracht. Sorry dat ik it siz, mar dat fyn ik altyd sa sweverich klinken. No kom ris in proefles dwaan, soe'k sizze, ervaar it. Mar wat betsjut dat dan, werom yn dysels en dyn eigen kracht. Datst kontakt mei dysels hast, datst rêstich bist by dysels. Yn dyn basis, neam ik it ek wol, datst yn kontakt bist mei dysels. Dat klinkt noch altyd sweverich. Ja, fynst dat sweverich? Ja, as ik twintich kilometer rin, kom ik mysels ek tsjin, sizze se. No, mar dan komst ek yn dyn lichem, dat is miskien wol presiis it selde. It giet der om datst dyn holle wat loslitte kinst en wer yn kontakt komst mei dyn gehiel. Tsjintwurdich sjochst dat in hiel soad minsken it sa drok ha, sa hektysk binne, dat se eins allinnich noch mar in holle ha. Datst sa yn dyn holle libbest, datst dyn lichem hast ferjitst, datst dêr net mear mei yn kontakt bist. Yoga wurdt faak sjoen as wat geastliks, mar is it dan eins puer fysyk? Ja, it is in kombinaasje fan lichem en geast, dy komme wer byïnoar. Dat is it doel fan yoga, om dy twa wer mei mekoar yn balâns te bringen. Wy moatte wer ien gehiel wurde. Ja! En dat is hieltyd mear noadich. Ja, sa sjoch ik dat echt. It is hieltyd noadiger yn ús hektyske wrâld, dêr't safolle ynfloeden fan bûtenôf komme. Wy fleane ússels foarby. Ja, en wy ha it echt noadich om sa no en dan by ússels werom te kommen. Ik fernim it wol oan myn kursisten, dy fine it echt hearlik.

Auteur

Redactie