Toanielferiening Kliuwend Omheech Nij Beets spilet Yn wankel lykwicht

nij beets

Toanielferiening Kliuwend Omheech Nij Beets spilet Yn wankel lykwicht fan Edward Albee.

De útfierings binne op freed 24 februari om 19.30 oere, dan is der in try-out foar jeugd oan’t 16 jier, saterdei 25 februari om 20.00 oere en saterdei 4 maart om 20.00 oere. Kaarten binne te bestellen fia till. 0512-461760 of wytsedehaan@ziggo.nl. Yn  'A Delicate Balance' kriget it echtpear Agnes en Tobias it mar swier foar de kjiezen. Troch de komst fan allegear net wolkomme gasten, wurdt harren wankele lykwicht noch al swier op ‘e proef stelt. Sa wennet de oan alkohol ferslaafde suster Clair by harren yn, dit ta grutte ergernis fan Agnes. Dan stean ynienen har freonen Harry en Edna op ’e stoepe, om by har yn te lûken omdat se bang binne. En as dochter Julia nei de fjirde echtskieding wer thús komt te wenjen, rint it hielendal út de klauwen omdat Harry en Edna op har keamer sitte. Elk mient mar dat se rjocht ha op in plakje yn it hûs fan Tobias en Agnes. Mar wa hat der rjocht op? En wat sille se der oan dwaan? As letter ek noch âld sear boppe komt driuwen tusken Agnes en Tobias, is it lykwicht al gau út balans. Rezjy: Gerrit Heringa, Fryske oersetting: Betty Schilstra.

Auteur

Redactie