Utfierings Brutsen iis troch Heideblomke boppe ferwachting

Opsterland-Ooststellingwerf

Boppe ferwachting, twa útferkochte jûnen en loovjende reaksjes: de útfierings fan it stik Brutsen iis wurden troch it publyk like moai fûn as troch de spilers fan toanielferieniging it Heideblomke út Jobbegea sels.

Brutsen iis is in komeedzje fan Haye van der Heyden. Mei in hiele protte wille en nocht hat it Heideblomke it ôfrûne winterskoft repetearre oan it stik. ,,In stik dat goed by ús paste en wêrby foaral de âldere spilers ynset wurde koenen", fertelt Tine Bijstra fan de toanielferiening. Bygelyks de âldste spiler Evert de Haan, 81 jier, krige nei jierren wer in haadrol. It stik It stik spilet him ôf op in lúks cruiseskip, de Maria Stuart dat fart yn de Noarske fjorden. It is in kommen en gean fan minsken, foaral âldere minsken en minsken dy’t  allinnich binne. Elk hat sa syn eigen reden om mei te gean, der wurdt dûnse, songen en dronken mar efter dit alles skûlet ek de tiidgeast fan it âlder wurden en dat alles net like maklik mear giet. It stik hat in protte humor, mar ek mei foarfallen dy’t jin oangripe. En as it iis ien kear brutsen is leit sels de romantyk op de loer. Moaie toanieljûnen 'Soe it publyk it stik krekt sa waardearje en moai fine as ús sels?', fregen de spilers harren ôf. ,,It wie boppe ferwachting, twa útferkochte jûnen en loovjende reaksjes", seit Tine Bijstra. ,,'Wat werkenber', seinen de minsken. De humor, mar ek de oandwaanlike mominten, ha makke dat de minsken it moai fûnen." It Heideblomke kin dan ek weromsjen op twa moaie toanieljûnen. En it docht bliken dat de kar fan in goed stik de muoite wurdich is, sawol foar de spilers sels as harren publyk. ,,Hooplik kinne we dit seizoen noch faakris fuort te spyljen mei Brutsen iis!", hopet Tine Bijstra. Ynljochtingen: toanielferienigingheideblomke@gmail.com Foto's: John Boel / FotoTekst.nl

Auteur

Redactie