Op Nij Foriene Oerterp spilet SKROEI yn Oerterp

Opsterland-Ooststellingwerf

Op Nij Foriene Oerterp spilet freed 3 en sneon 4 febrewaris om 20.00 oere it blijspul “SKROEI” fan Alan Ayckbourn yn MFC De Wier yn Oerterp. Er is d'r yn utfiering op tongersdei 2 febrewaris om 14.00 oere. 

It stik spilet him ôf yn de ytkeamer fan in grut hûs yn Fryslan op in wykein yn july. Der is in famylje-gearkomste yn it hûs fan in sike mem, dy't boppe leit en dy't wy net te sjen krije. Fan de famylje binne der Annie dy't mem fersoarget en net troud is, Tom, in feedokter, dy't gauris by har oanrint en fierder komme der Annie har suster Ruth mei har man Norman en Annie har broer Rienk mei syn frou Sarah. Elk fan dizze persoanen hat syn eigen problemen. Annie hat al jierren lang har mem fersoarge en wurdt ûngeduerich omdat hja ek wolris wat oars wol en foaral omdat hja ynwindich fan Tom hâldt, dy't him net uterje doart. Ruth en Herman hawwe gjin bern en Ruth hat mear oandacht foar oare dingen as foar har man. Herman, dêr't wol wat slinger oan sit, hat it in kear mei Annie besocht, dy't dêr ien kear yn har oandrang oan tajûn hat, mar alles besiket om fierdere yntimiteiten mei him foar te kommen. Sarah besiket in binende figuer te wêzen yn de famyljerûnte en docht har bêst om elk op in goede manier oan 'e itenstafel te krijen. Troch allerhande tsjinstellingen en yndividuele problemen, mar benammen troch it hâlden en dragen fan Herman, slagget it Sarah net. Sadwaande rekket dy der ek alhiel mei oan. De hjirfòàr oantsjutte problemen wurde yn it stik nei inkeld hichtepunten dreaun.

Auteur

Redactie