Oer de Brêge | Sonja Veenstra

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester sprak deze week voor de rubriek Oer de Brêge met Sonja Veenstra (71) uit Langezwaag. Zij en haar man wonen nu 27 jaar in dat dorp.

Dan bent u er vrij laat heen verhuisd, waarom was dat? Wy komme út Ljouwert en binne hjir hinne kaam troch it wurk fan myn man. Dy siet by Riva, op kantoar yn it Hearrenveen. Riva, wat is dat? Arriva, de bus. Ik praat miskien wat te fluch. Wy binne oarspronklik net echte Friezen, natuerlik. Ik haw it Frysk praten my oanleard. U klinkt wel als een echte Friezin. Ja, dat kaam troch myn wurk úteinlik. Ik ha hiel lang by Vesta yn de winkel stien, de meubelsaak yn it Hearrenfean. En dan wenje jo hjir yn'e buert en dan begjinne jo automatysk wol yn it Frysk. U spreekt thuis Nederlands? Nee, Liwadders. Woont u in het dorp zelf of buitenuit? Beide, it is mar in hiel lyts doarp en wy wenje wat oan de bûtenkant, yn in frijsteand hûs. Flakby de sporthal. Dat lijkt me voor Leeuwarders toch wel een hele omslag. Nou, nee. Jullie zijn ook niet terug gegaan na jullie pensioen. Nee, wy seinen tsjin mekoar: wat fine wy dêr. Der wennet miskien wat famylje, mar dat hâldt ek op. Jo wurde âlder en wat moatte jo dêr dan? Fynst dochs net mear watst der froeger hiest. En ik soe sa ek net witte wêr't ik yn Ljouwert no noch wenje wolle soe. Is het zo erg veranderd? Jullie zijn nog maar 27 jaar weg. Nee, langer, want wy ha ek noch fiif jier yn Dronryp wenne. Mar dat âlde fynst net werom. Camminghaburen seit my al hielendal neat mear. Verandert zo'n verhuizing van de stad naar het platteland mensen ook? Ja, it fielt wol oars. Yn it begjin bist noch hiel bot op Ljouwert rjochte, giest der ek noch in protte hinne foar de famylje, myn man hat in grutte famylje. Maar bent u er bijvoorbeeld rustiger van geworden. Nee, ik bin net in rêstich persoan. Mar it is wol hiel oars. En Langsweagen is fansels wol in doarp sûnder winkels, hielendal niks. In slachter hienen wy noch, mar dy is der ek net mear. Dus moatst altyd nei de Gordyk, mar ik fyts graach. U bent hier wel thuis. Ja, hiel bot. As wy noch ferhûzje, dan wol ik wol nei de Gordyk ta. Us dochter wennet no yn Lúkswâld, dat is ek lekker ticht by. Hoe kom je de dagen door als je 71 bent? Ik puzelje graach, ik lês graach, ik fyts graach, wy ha in grutte tún en wy ha lytsbern, dus bist eins altyd wol in bytsje bezich. En wy ha in grutte caravan, dus simmers binne wy fuort. U heeft een elektrische fiets. Dat noemen ze wel eens een duwtje in de rug, dat lijkt me ook wel lekker. Ja, ik haw artrose yn de ankels, dus rinnen wurdt wat minder. En gaat die fiets ook mee in de caravan? Jawis. En dan fytse wy in protte, yn Frankryk en Itaalje. Yn maaie geane wy en dan bliuwe wy sân wiken fuort en dan geane wy ein augustus nochris en dan bliuwe wy seis wiken fuort. Dat is het leven, of niet? Ja, sa lang as wy dat kinne. Ik siz altyd: sa lang as myn man dat ein noch ride wol mei dy grutte caravan der achter. U rijdt zelf niet? Net mei dy caravan der achter, wol gewoan sa. Dan kunt u daar ook een caravan huren en er zo heen rijden. Nee, dat is ús idee net. Wy wolle graach ús gong gean kinne. Elke kear wer útsykje wêr't wy hinne sille en wat wy graach sjen wolle. Ik wol dochs wol in hiele protte dingen besjen. Sa ha wy wol fiif kear by Rome west. Prachtige stêd, dêr wol ik sa wol wer hinne. Dan parkeren jullie vlak bij Rome en dan gaan jullie op de fiets de stad in? Dat ha wy ien kear dien, de lêste pear kear net. Mar fierder dogge wy in hiel soad op de fyts. Ook in heuvelachtige streken? Dat is it him no krekt. Yn de Ardèche sitst wat heger en dan komme wy dochs dy hellingen op. Samar. Moatst him wat faker oplade, mar dat kin gewoan yn de caravan. Moatst soargje dat er altyd frij fol is. Hjir hindert dat net safolle. Volgens mij geniet u wel van het leven. Ik genietsje der hiel bot van. En myn man ek, dus, komt wol goed.

Auteur

Redactie