It Freonental spilet Knoffelrij op Kreamkunde

Opsterland-Ooststellingwerf

ÂN Toanielferiening It Freonental spilet op twa sneonen, 21 en 28 jannewaris fan 20.00 oere ôf, it stik Knoffelrij op Kreamkunde yn Us Doarpshûs fan Jonkerslân.

It is in fleurich stik oer de kreamôfdieling fan in sikenhûs. Haadsuster Debby hat it aardich foarelkoar op har ôfdieling Kreamkunde yn it sikenhûs, mar as dokter yn spee Alex der komt te wurkjen is alles oars. De jonge dokter sit leafer achter de susterkes oan dan dat der mei lytse poppen ompakt. De knaap kin trouwens net iens oer bloed, dat eins kin it neat wurde as dokter. Hy treft it trouwens net mei syn master yn de studzje, de deminte gynaecoloog Koekoek. De man is hast oan syn pensjoen ta en dat wurdt heech tiid want hy kin amper syn wurkkeamer fine. Susterkes Katrien en Elana gunne elkoar it ljocht yn de eagen net fanwege de oantreklike jonge dokter en tuskentroch is der soarch foar oansteane mem Fanny en har man Viktor dy’t mei tassen fol ynfêrzen iten nei Kreamkunde ûnderweis is. Kaarten oanfreegje op info@freonental.nl

Auteur

Redactie