Oer de Brêge | Kees Schots

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette deze week op de brug in de Hoofdstraat de Gorredijkster kapper Kees Schots (51).

Je bent al lang kapper? Sûnt myn santjende, dus 34 jier. Je vader was ook kapper? Nee, myn skoanheit. Aha, je kreeg verkering met de kappersdóchter? Ja, klopt. En doe like it my wol in leuk fak en der wie toendertiid wol aardich wat wurk yn. Sadwaande. Ik koe der ek direkst wurk yn krije. En wás het ook een leuk vak. Ja, seker, oars hie ik it net sa lang folhâlden. Je bent ook getrouwd met die kappersdochter? Ja, mei Sita de Vos, wy ha no tegearre de kapperssaak. Wy knippe mei syn fiven, mar net allegear tagelyk, hear. Wat is er leuk aan om altijd met je handen in een ander zijn haar te zitten. It is net allinnich it hier, it is elk heal oere wer oars, hieltyd oare minsken yn 'e stoel, dat farieart elke dei. Der is gjin dei itselde. Knip je veel vaste klanten? Jawol, gemiddeld komme dy om de fiif, seis wiken. Krijg je er dan een band mee, onthoud je bijvoorbeeld wat ze vertellen? Kinst net alles ûnthâlde, mar boust wol in relaasje op. As ientsje de iene kear fertelt dat er heit wurden is, fregest de oare kear hoe't it giet mei de lytse. Sa giet it wolris. Je ziet de klant hooguit een half uur, en ook nog van achteren. Ja, mar wy ha wol hiele grutte spegels, hin? Maar je kunt de mensen niet echt aankijken, want je moet tegelijk knippen. Het is anders dan bij een kastelein die een praatje maakt met een klant. Ja, dat kloppet. Dat is dochs oars. En ik moat my konsintreare op it knippen. Wy hearre noait echt hiel bysûndere ferhalen, it bliuwt dochs wol wat opperflakkich. Djippere gesprekken komme wolris foar, mar net sa hiel folle. Waar gaat het dan over? Geboarte, stjergefallen, relaasjes. Minsken dy't je al hiel lang kinne, dêr geane je wat djipper mei yn in gesprek. Lig je wel eens wakker van wat je tijdens het knippen hoort. Nee, selden. Skrijnende ferhalen, dat komt wolris foar. Daar is dan wel een sterke vertrouwensband voor nodig. Ja, dat is inderdaad in kwestje fan fertrouwen. Moatst it ek foar dy hâlde kinne. Wat zijn de trends in de kapperswereld? Dat binne dochs de nije kleurtechniken foar de dames. En foar de hearen is it wat mear it barbiergebeuren, it oldschool, rûnom frij koart en boppe op wat langer. Dit is dus wel een leuke tijd voor kappers, want korte kapsels moeten vaker worden geknipt en dat is goed voor de handel. It is gjin handel, it is wurk. En sokke kapsels binne arbeidsintensyf, dus it is wol in striid tsjin de tiid. Moatst dochs binnen de tiid dyn wurk dwaan, oars kin it net út. Hoe lang staat er voor een normale knipbeurt? Sa'n 20, 25 menuten. De iene wat langer en de oare wat flugger, mar gemiddeldwei moat it wol in bytsje trochgean. Vind je het korte kapsel van nu leuk? Ja, ik haw it sels ek noait net botte lang hân. Hier oant op myn skoaders haw ik noait meimakke. Zijn er wel mensen die het zelfde kapsel hebben als in 1982. Jawol, dy bliuwe wat yn de tiid hingjen, hin? Het is voor mannen toch niet gebruikelijk om heel vaak van kapsel te veranderen. Sjoch marris nei âlde foto's fan dysels. Ek al giet it ûngemurken, stadichoan feroaret der dochs wol in protte. Kan een kapper zelf een kapsel bedenken? Ja, dat is wol mooglik, mar dêr binne wy net sa bot mei bezich. Wy besykje altyd sa te knippen dat it by it gesicht en by de persoan past. Wy kinne oeral wat fan meitsje. Wy freegje wol altyd earst hoe't se it ha wolle, mar as dat echt net stiet, dan moatst dat wol sizze. Je hebt wel een mooi beroep, want klanten vertrekken altijd vrolijk omdat ze er weer goed uit zien. Ja, dat is wol de bedoeling. Sjochst ek fuort resultaat, hin? Fernimst dat minsken har better fiele, dêr binne se faak ek hiel tankber foar. Ben je een echte dorpskapper? Nee, ik tink dat mear as de helte fan ús klanten fan bûten De Gordyk komt. Doe't wy begûnen sieten der noch net safolle kappers bûten it doarp en dy klanten binne bleaun. Heb je veel last van de thuiskappers, die voor zichzelf beginnen op een slaapkamer of in de schuur? No, net dat wy der in protte lêst fan ha, mar it bringt jo neat, fansels. Mar der is wol ferskil tusken minsken dy't samar wat knippe en minsken dy't echt yn't fak sitte, dy't bybliuwe. Ik fyn dat de gemeente yn de wenwiken en de doarpen wolris wat te maklik is mei de fêstigingsfergunnings, foaral yn ús fak. Mar ek mei pedikueres, it mei yn garaazjes en wêr't mar rûmte is, dêr binne se wolris wat te maklik yn. Sjochst dat yn de winkelstrjitten oeral panden leech steane, mar soks wurkje se dan ek yn 'e hân, liket my. Het maakt de concurrentie ook heel groot. Ja, en der binne allinnich al tsien, tolve echte kapperssaken hjir yn it sintrum. Dat is al veel voor een dorp als Gorredijk. Miskien dochs wol troch de minsken fan bûtenút. En net elkenien hoecht der ynkommen út. Der knippe in protte froulju, wêrfan't de man ek in baan hat. Dan wurdt it plaatsje wol oars. Dat lijkt me ook wel zuur. Ja, soms wol. Mar der is noch wurk genôch.

Auteur

Redactie