Oer de Brêge | Tjeerdje Voolstra

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette deze week op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Tjeerdje Voolstra (57) uit Wijnjewoude. Zij stak op de fiets de brug over.

Waar bent u naar op weg. Nei myn wurk, by Kinderwoud yn Loevestein. Dat doch ik al twintich jier, foarhinne hiet dat Timpaan Kinderopvang. December is de maand van de jaaroverzichten. Wat was 2016 voor een jaar voor u? It wie net in echt moai jier. Us mem is overleden. Ik haw hiel lang mantelsoarger west  foar ús mem. Se wenne fiif menuten fan my ôf. Dy haw ik oan it lêst ta fersoarge mei myn sus. Hoe oud is ze geworden? 94. Dat is wel een mooie leeftijd. Ja, in hiel moaie leeftyd. It wie hartstikke moai, hiel bysûnder om dat te dwaan meiïnoar. Als je zo intensief voor iemand zorgt, mis je haar natuurlijk ook sterker als ze er niet meer is. Ja, dat is hiel frjemd, hiel frjemd, dat se der net mear is. Ik bin echt ûnwennich. Mar ik bin wol tefreden mei hoe't it west hat is. Wy ha der in goed gefoel oer dat se altyd thús bliuwe mocht, dat se thús weirekke is en dat it sa gong is as it wêze moast. Samen mei de Thuiszorg en myn suster, ik bin bliid dat wy dat dwaan mochten. Dat is wel bijzonder. Hiel bysûnder. Moai dat wy it dwaan koenen. Het was dus een triest jaar, maar ook een jaar met voldoening. Ja, in tryst en in moai jier. Heeft u kinderen? Ja, twa jonges. Misschien een rare vraag, maar heeft u ook gedacht: ik hoop dat er later ook iemand zo voor mij zorgt? Ja, soks giet jo wolris troch de holle. Ek al omdat de soarch dochs hieltyd minder wurdt. Der is steeds minder wat jo dwaan kinne. Dan tinkst wolris: hoe komt it lettter, wat dogge se letter. De maatschappij wordt steeds harder. Ja, dêrom. Ja, dat spilet my wolris troch de holle. Mar ik ha leave skoandochters, dus dat komt wol goed. Wat is uw wens voor volgend jaar? Eins gewoan wat trochgean yn de soarch. Miskien ek noch wolris mantelsoarger foar oare minsken wêzen, al wit ik noch net hoe. En foar bern soargje, wat ik no ek doch. Dat is myn lust en myn libben. Gewoon lekker doorgaan, zonder al te veel dieptepunten. Ja, ik bin in tefreden minske. Geniete fan de dei sa't er is en net tefolle hie'k mar dit of hie'k mar dat, gewoan dwaan wat jo dwaan wolle en net tefolle útstelle. Nergens spyt fan ha. Ik wens u zo'n jaar toe. Ik jo ek.

Auteur

Redactie