Oer de Brêge | Renske Hofstra-Ypeij

Opsterland-Ooststellingwerf

Redacteur Fokke Wester ontmoette deze week op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Renske Hofstra-Ypeij (65 'en in heal') uit Gorredijk.

Waarom noemt u dat half jaar er zo bij? Ik krij dizze moanne myn earste AOW. En voelt u zich nou ineens ook heel oud? Nee. Ja, lichamelik wurdt it miskien wat minder, mar geastlik fiel ik my noch fjirtich. Ik doch ek noch fan alles. Ik sit op'e skildersklub, op de Crea, wy ha tiisdeis in lyts wandelklubke, dan geane wy nei Beetstersweach of Wynjewâld of sa, dan rinne wy twa oeren. Juster ha wy nei de krystmerk west yn Oldenburg, yn Dútslân, dus ik wie justerjûn ek wer lekker let thús. U bent nog volop bezig. Is dat ook het geheim van fit oud worden? Ja, jo moatte wol yn beweging bliuwe, en ek wat leuke dingen dwaan. Dan hâlde jo it wol lang fol. Dan word je vrolijk oud. Ja. Ik ha foarrich jier wol myn man ferlern, dy wie 67, mar no ja, ik ha't no in plakje jûn en ik gean der no wer folop tsjinoan. Dat is mooi om te horen. Ja. En de bern binne der ek noch. Die zijn het huis al uit, neem ik aan. Ja. Dat betekent wel dat je alleen thuis komt, na zo'n dag op de kerstmarkt. Ja, ik wie juster om healwei tsienen thús en dan kinst dyn ferhaal net eefkes kwyt. Mar ik ha trije freondinnen en dêr praat ik my ek tsjin út en ik kin hiel goed mei de bueren. Ik wenje al fjirtich jier hjir op de Gordyk. Waar komt u oorspronkelijk vandaan. Fan Ketlik. Mar ik soe net graach wer werom wolle, want ik fyn it hjir prachtich. Ik wenje yn de Wolkammerij, by de parken, dêr bliuw ik ek sitten sa lang as ik noch goed yn beweging bin. Earder gean ik dêr ek net wei. Merk je dat karakter van zo'n buurt ook vooral  op de moeilijke momenten? Ja. Ik ha hiele goeie bueren, dêr kin ik altyd by terjochte. As it even net woe, dan stie de kofje altyd klear, hear. Mooi om te horen. Ja, en it doarp op himsels ek. Ik mei hjir graach wêze. Ik soe ek noait nei Hearrenfean wolle, of Drachten. Te grut, mar hjir is ek de gesellichheid, de winkeltsjes, de feart, it is prachtich. Kinst hjir moai fytse en kuierje, dus ja, wat wolle jo noch mear? U klinkt heel tevreden over Gorredijk. Ja, dat bin ik ek. Der koenen noch wol wat mear winkeltsjes by. Dat fyn ik soms wolris wat minder. In telefoanwinkeltsje soe der hjir noch wol by kinne, in Bakker Bart, mei lekkere broadsjes en alles, en ik mis by de Hema in lekkere kofjehoeke, sa't se dy yn Drachten en Hearrenfean wol ha. U kunt hier ook naar het cafetaria op de hoek. Ja, ús skilderijtsjes hingje dêr ek, by de Turf. En wy ha tekeningen hingjen yn de Skâns, yn de hal. Wy ha de gevels tekene hjir oan de Langewâl en dy tekeningen ha wy allegear oan elkoar plakt en no hingje al dy gevels yn'e Skâns. Dat is toch luxe, u kunt op twee plaatsen in Gorredijk koffie drinken en ondertussen naar uw eigen kunst kijken. Wy ha mei de skilderklub yn maaie noch by de Turf iten, dat wie geweldich. En de ferljochting hinget wer moai boppe de strjitte. En volgende week kun je hier schaatsen op de Vaart. Ik ryd sels net mear. Ik haw in hersenskudding hân, doe ha'k de redens fuort ferkocht. Ik haw in kear in formulier ynfuld oer wat wy hjir dan noch misten. Wat ekstra ljocht yn't park haw ik ynfuld, want jo sjogge altyd yn in donker gat. En foar de bern ris in iisbaan, ha'k ynfuld. En de selde winter wied er hjirre. U heeft meer macht dan u zelf denkt. En no ha wy him wer, dat is dochs hartstikke moai.

Auteur

Redactie