FNP-fragen oer ferljochting fytspaad P.W. Jansenwei yn Jobbegea

Opsterland-Ooststellingwerf

 De FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean hat moandei 19 desimber yn de riedsfergadering fragen stelt oer de minne ferljochting oan it fytspaad op de P.W. Janssenwei yn Jobbegea.

Su wol fan it kolleezje witte wannear sy mei in oplossing komt foar in goeie ferljochting lâns de P.W. Janssenwei yn Jobbegea. It fytspaad lâns de P.W. Janssenwei yn Jobbegea is foar in grut part fan de ynwenners fan Jobbegea en Hoarnstersweach de belangrykste fytsrûte nei de sportfjilden. Sawol fan ôf de Skoatterlânske dyk as fan ôf de Tredde Slûs. De rûte leit yn it saneamde bûtengebiet en dêrom is der net folle ferljochting. Al jierren lang wurdt der op gearkomsten fan Pleatslik Belang Jobbegea- Hoarnstersweach klage oer it ûntbrekken fan goeie ferljochting lâns dit fytspaad. It ûntbrekken fan goeie ferljochting jout neffens de brûkers, dy’t jûns gebrûk meitsje fan dizze rute, in ûnfeilich gefoel. Dit die ek wer bliken op de ledegearkomste fan Pleatslik Belang yn novimber Yn it ferline is besocht om mei fluorisearjende strepen foar in oplossing te sykjen. Dit is net slagge. De FNP hat hjiroer yn april fan dit jier ek al fragen stelt. It antwurd fan it kolleezje wie doe dat der op koarte termyn ûndersyk dien wurde soen nei it oanbringen fan in alternative oplossing. Yn dit ûndersyk soe ek de tapassing fan enerzjysunige belutsen wurde. Mar oant no ta is der noch neat bart en ek koe of woe it kolleezje hjir op de gearkomst fan Pleatslik Belang gjin antwurd op jaan. De bewenners fan Jobbegea en Hoarnstersweach ha no harren nocht en wolle op koarte termyn in oplossing. Hjir ha se neffens de FNP ek rjocht op en se kinne net langer oan it lyntsje holden wurde mei antwurden sa as earder troch it kolleezje jûn is. Ek ha de brûkers op dit stuit gjin boadskip oan de syktocht nei doarsummens mar stiet it gefoel fan feiligens by de Kompenijsters op it earste plak. Neffens de FNP hat it no ek lang genôch duorre en is de tiid fan it sykjen nei oplossingen foarby. It is neffens de FNP no tiid om mei plannen te kommen foar mear lantearnepeallen mei goeie ferljochting lâns dizze rûte. Proef mei nije belijning Wethâlder Jelle Zoetendal erkende moandeitejûn dat it gefoel fan feiligens in wichtich elemint is. Der wurdt op it stuit in proef dien mei nije belijning lâns de 8ste wyk yn Nijhoarne. Dizze proef wurdt ynkoarten evalueert mei stipe fan minsken fan Windesheim. De resultaten fan dizze proef wurde yn 2017 neffens de wethâlder ek brûkt foar in oanpak fan it fytspaad lâns de P.W. Janssenwei yn Jobbegea.  

Auteur

Redactie